The Man Who Loved Cat Dancing (roman)
The Man Who Loved Cat Dancing | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Marilyn Durham | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | western/aventoereroman | |
1e publikaasje | 1972, San Diego | |
oarspr. útjwr. | Harcourt Brace |
The Man Who Loved Cat Dancing is in roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Marilyn Durham (1930-2015). It is in western- en/of in aventoereroman dy't spilet yn it Wylde Westen fan 'e 1880-er jierren en dy't ferhellet oer de leafde tusken in treinrôver en in troude frou. The Man Who Loved Cat Dancing waard foar it earst publisearre yn 1972, by de Amerikaanske útjouwerij Harcourt Brace. It boek ûntjoech him ta in grutte bestseller en waard yn 1973 ferfilme troch regisseur Richard C. Sarafian. Yn 1974 ferskynde in Nederlânske oersetting fan 'e hân fan Johan van Wijk, ûnder de titel De Man Die Cat Dancing Liefhad.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It boek fertelt it ferhaal fan in Jay Grobert, in man út it Wylde Westen, en syn relaasje mei Catherine Crocker, in frou út it Easten. Catherine besiket te ûntkommen oan har ûngelokkige houlik en is útpykt nei it Westen, dêr't se ûntfierd wurdt troch Grobert as dy ûnderweis is om in trein te berôven. Tegearre naaie se út en reizgje se troch Wyoming, dêrby efterfolge troch har man en in agint fan 'e spoarwegen. Geandewei ûntdekt Catherine dat Grobert noch altyd ompakt mei de moard op syn frou, in Sjosjoanske squaw dy't fan Cat Dancing hiet, en mei syn eigen dieden nei har moard. Uteinlik reitsje Catherine en Grobert fereale opinoar, mar oan 'e ein fan it boek komt Grobert om by in fjoergefjocht.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Man Who Loved Cat Dancing wie Durham har earste roman, mar it waard daliks in bestseller, dy't troch de kritisy priizge waard om syn knaphandige karakterstúdzjes en syn muoiteleas ûnderhâldende skriuwstyl.
Filmadaptaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1973, binnen in jier nei de publikaasje, waard The Man Who Loved Cat Dancing troch regisseur Richard C. Sarafian ferfilme ûnder deselde titel, mei Burt Reynolds en de Britske aktrise Sarah Miles yn 'e haadrollen. Mar foar lêzers dy't it boek tige wurdearren, waard de film in teloarstelling. Want hoewol't senarioskriuwster Eleanor Perry, dy't it earste senario skreaun hie, deunby de roman bleaun wie, lieten de produsinten neitiid in hiele rige manlike "skriptdokters" op it ferhaal los, dy't de personaazjes folslein feroaren, alle dialogen op 'e nij skreaune en sels de ein oanpasten: wylst Grobert yn it boek op 'e lêste side stjert, seit Reynolds yn 'e film, as Miles njonken him op 'e knibbels delfalt: "Ik leau, ik kin wol oereinkomme." It ferhaal ferlear troch dizze behanneling syn bêste eleminten, en de film waard dan ek gjin grut súkses.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Notes op dizze side. |