Spagettywestern

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De Italjaanske regisseur Sergio Leone, de grûnlizzer fan 'e spagettywestern.

De spagettywestern is in subsjenre fan 'e westernfilm. De term is in troch mannichfâld gebrûk offisjeel wurden bynamme foar westerns fan Italjaanske makkelei. De earste spagettywesterns waard mids 1960-er jierren makke troch regisseur Sergio Leone (de Dollars-trilogy), en neitiid krige syn styl neifolging fan oare Italjaanske filmmakkers, lykas Enzo G. Castellari, Sergio Corbucci en Sergio Sollima. Spagetywesterns binne faak ek refyzjonistyske westerns. Se wiene benammen yn 'e twadde helte fan 1960-er jierren en it begjin fan 1970-er jierren tige populêr. Alhoewol't in protte fan de spagettywesterns gau en goedkeap makke waarden en ek net altyd orizjineel wiene, sitte der guon tusken fan tige hege kwaliteit dy't útwoeksen binne ta wiere klassikers.

De beneaming 'spagettywestern' begûn as in negative, delbûgende beneaming dy't brûkt waard troch Amerikaanske filmkritisy, om't de kwaliteit fan it meastepart fan 'e films striemin wie. Neffens spagettywesternakteur Aldo Sambrell wie de namme lykwols net troch in Amerikaan betocht, mar troch de Spaanske sjoernalist Alfonso Sánchez. Yn Itaalje sels wurde sokke films western all'italiana ("westerns op syn Italjaansk") neamd. Ferskate oare nammen binne yn gebrûk, lykas 'makaroanywestern' (yn Japan) en 'Italo-western' (yn Dútslân).

It meastepart fan 'e spagettywesterns bestie út ynternasjonale ko-produksjes fan Itaalje mei Spanje, of soms mei de Feriene Steaten, Frankryk, Grikelân, Portegal, Israel of Joegoslaavje. De films waarden oarspronklik yn it Italjaansk útbrocht, mar mei't it grutste part fan 'e cast meartalich wie en de dialooch letter neisyngronisearre wurde koe, waarden der ek Ingelsktalige ferzjes makke. De typyske spegettywestern hie in Italjaanske regisseur, in Italjaansk-Spaanske filmcrew en in cast fan Italjaanske, Spaanske, Dútske en Amerikaanske akteurs. Soms waard der in útdôvjende Hollywoodstjer foar ien fan 'e haadrollen oanlutsen, en soms in opkommende, lykas Clint Eastwood yn 'e Dollars-trilogy.

Foarbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.