A Fistful of Dollars

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
A Fistful of Dollars
Per un Pugno di Dollari
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Sergio Leone (as 'Bob Robertson')
produsint Arrigo Colombo
Giorgio Papi
senario Victor Andrés Catena
Jamie Comas Gil
Fernando Di Leo
Sergio Leone
Duccio Tessari
Tonino Valerii
Ingelske ferzje:
Mark Lowell
Clint Eastwood
basearre op Yojimbo fan Akira Kurosawa
kamerarezjy Massimo Dallamano
   (as 'Jack Dalmas')
muzyk Ennio Morricone (as 'Dan Savio')
filmstudio Jolly Film
Constantin Film
Ocean Films
distribúsje Unidis (Itaalje)
United Artists (Feriene Steaten)
spilers
haadrollen Clint Eastwood
Gian Maria Volontè
byrollen Marianne Koch
José Calvo
Joseph Egger
Wolfgang Lukschy
Aldo Sambrell
skaaimerken
lân/lannen Flag of Italy.svg Itaalje
Flag of Germany.svg West-Dútslân
Flag of Spain.svg Spanje
premiêre 16 oktober 1964
foarm langspylfilm
sjenre westernfilm
taal Ingelsk
Italjaansk
spyltiid 100 minuten
budget en resultaten
budget $200.000–225.000
opbringst $14,5 miljoen
filmsearje
filmsearje de Dollars Trilogy
● folgjend diel For a Few Dollars More

A Fistful of Dollars (Italjaansk: Per un Pugno di Dollari) is in Italjaansk-Westdútsk-Spaanske westernfilm út 1964 ûnder rezjy fan Sergio Leone. Dizze film lei de grûnslach foar it subsjenre fan 'e spagettywestern, wylst er ek fan grutte ynfloed wie op it subsjenre fan 'e refyzjonistyske western. It wie it earste diel fan 'e saneamde Dollars Trilogy, dêr't ek For a Few Dollars More en The Good, the Bad and the Ugly diel fan útmeitsje. De plot fan A Fistful of Dollars draait om in mysterieuze frjemdling dy't in stedsje binnenriidt dat yn 'e gryp is fan in fete tusken twa famyljes, de Rojo's en de Baxters. Hy spilet harren tsjininoar út om der sels better fan te wurden.

A Fistful of Dollars fêstige de karriêres fan regisseur Sergio Leone, akteur Clint Eastwood (foar wa't dit syn earste haadrol yn in film wie) en komponist Ennio Morricone, dy't de filmmuzyk fersoarge. De film waard benammen yn 'e Feriene Steaten min ûntfongen, mar woeks út ta in wiere klassiker, dy't yn alle listen op dat mêd foar ien fan 'e bêste westernfilms aller tiden oanmurken wurdt. A Fistful of Dollars waard neitiid identifisearre as in ûnoffisjele remake fan 'e Japanske film Yojimbo, fan regisseur Akira Kurosawa, wat resultearre yn in súksesfolle rjochtsaak tsjin 'e makkers troch de Japanske filmstudio Toho.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In frjemdling, in Man sûnder Namme dy't himsels 'Joe' neame lit, arrivearret yn it lytse stedsje San Miguel. Silvanito, de pleatslike herbergier, fertelt him oer de fete tusken de famyljes Rojo en Baxter, dy't it stedsje al jierrenlang yn syn gryp hâldt. De bruorren Rojo, Ramón, Benito en Esteban, binne banditen, dy't it net sa nau mei de wet nimme, wylst John Baxter de sheriff is. De Man sûnder Namme beslút de beide famyljes tsjininoar út te spyljen om wat jild te fertsjinjen. Hy bewiist syn behindichheid en faasje mei de revolver as er fjouwer mannen deasjit dy't him misledigen doe't er San Miguel binnenried.

Nei't er in skoftke de kat út 'e beam sjoen hat, grypt de Man sûnder Namme syn kâns as er der tsjûge fan is dat de Rojo's in detasjemint Meksikaanske soldaten ôfslachtsje dy't in lading goud eskortearje. Hy ferpleatst de liken fan twa fan 'e soldaten nei in begraafplak deunby San Miguel en ferkeapet dan ynformaasje oan sawol de Baxters as de Rojo's dat twa fan 'e soldaten de oanfal oerlibbe hawwe en har op it begraafplak ferskânze hawwe. Beide partijen sjogge dat se dêr komme; de Baxters om 'e beide soldaten tsjin 'e Rojo's tsjûgje te litten, en de Rojo's om 'e oerlibbenen it swijen op te lizzen. Der brekt in sjitpartij út wêrby't Ramón Rojo de beide soldaten wit 'dea te sjitten', wylst syn broer Esteban de soan fan 'e sheriff, Antonio Baxter, finzen nimt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Wylst de Rojo's en de Baxters inoar op it begraafplak befjochtsje, trochsiket de Man sûnder Namme de hacienda fan 'e Rojo's op 'e sneup nei goud. Wylst er dêrmei dwaande is, heart er leven en mient er dat er trappearre wurdt. Hy slacht dejinge dy't him bespionearret bewusteleas, mar it blykt in frou te wêzen, Marisol. De Man sûnder Namme nimt har mei nei de Baxters, dy't risselwearje om har oan 'e Rojo's werom te jaan yn ruil foar Antonio. As de útwikseling plakfynt, draaft in jonkje, Jesús, op Marisol ôf, folge troch in man, Julio. It docht bliken dat dat har soan en man binne. Ramón Rojo oarderet ien fan syn mannen, Rubio, om Julio te deadzjen, mei't dyselde syn warskôging om San Miguel te ferlitten yn 'e wyn slein hat. De herbergier Silvanito besiket om it gesin te beskermjen mei in jachtgewear, en de Man sûnder Namme kiest derfoar om him dêrby te helpen. Noch Ramón, noch syn mannen wolle it op in konfontaasje mei de Man sûnder Namme oankomme litte, om't se sjoen hawwe hoe'n betûfte revolverman hy is. De Man sûnder Namme hjit Marisol dan om werom te gean nei Ramón Rojo, wylst er Julio oarderet om syn soan mei nei hûs te nimmen.

Neitiid fertelt Silvanito him dat Ramón Rojo Julio by in kaartspul opsetlik falsk beskuldige hat fan falskspyljen, sadat er in ferlechje hie om syn frou Marisol finzen te nimmen. Sûnt hâldt er har fêst en brûkt er har as syn mêtresse. Let dy jûns, as de Rojo's feestfiere om harren oerwinning yn 'e konfrontaasje op it begraafplak, riidt de Man sûnder Namme nei it hûs bûten San Miguel ta dêr't Marisol fêstholden wurdt. Hy sjit de bewekkers dea en fernielt it hûs om it lykje te litten as hawwe de Baxters it dien. Hy werienet Marisol mei har man en soan, jout harren wat jild en stjoert se út San Miguel wei. De Rojo's ûntdekke lykwols al rillegau wa't der wier efter de befrijing fan Marisol sit, en se nimme de Man sûnder Namme finzen en tramtearje him. Hy wit lykwols te ûntsnappen. Om't de Rojo's miene dat er wol beskûl socht hawwe moat by de Baxters, stekke se de Baxter-wente yn 'e brân en slachtsje se alle famyljeleden ien foar ien ôf as dy besykje oan 'e flammesee te ûntkommen. Ramón sels sjit John Baxter en syn soan Antonio dea, nei't er earst beard hat dat er harren sparje wol. Consuela, Baxter syn widdo, sprekt dan ferflokkings tsjin him út, en wurdt deasketten troch Esteban.

Underwilens is de Man sûnder Namme mei de help fan Piripero, de pleatslike deagraver, út San Miguel ûntkommen yn deakiste. Hy hâldt him beskûl yn in myn yn 'e neite fan it stedsje, dêr't er stadichoan opbetteret fan 'e ferwûnings dy't er oprûn hat yn syn finzenskip. As Piripero him fertelt dat de Rojo's Silvanito finzen nommen hawwe, keart er werom nei San Miguel om mei de Rojo's ôf te weven. Hy hinget in stielen plaat om 'e hals, dy't er ferberget ûnder syn poncho.

As er it yn in duël op it stedsplein opnimt tsjin Ramón Rojo, ferget de Man sûnder Namme dyselde derop om him yn it hert te reitsjen. Ramón syn kûgels komme lykwols net troch de stielene plaat hinne, dat de man rekket yn panyk en sjit syn Winchester leech. Dêrnei sjit de Man sûnder Namme him it gewear út 'e hân en deadet er alle oare oanwêzige leden fan 'e Rojo-binde, ûnder wa Benito Rojo en Rubio. Syn lêste kûgel brûkt er om Silvanito te befrijen, dy't oan in tou oan in peal hinget. Hy daget Ramón út om syn gewear flugger te laden as dat hy syn revolver lade kin. De senuweftige Ramón besiket dat, mar it slagget net, en de Man sûnder Namme sjit him dea. Esteban Rojo, dy't út in gebou oan 'e oare kant fan it plein de Man sûnder Namme yn 'e rêch sjitte wol, wurdt deasketten troch Silvanito. Neitiid seit de Man sûnder Namme Silvanito en Piripero farwol en riidt er út San Miguel wei.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Clint Eastwood as de Man sûnder Namme yn A Fistful of Dollars.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
de 'Man sûnder Namme' (of Joe) Clint Eastwood
Ramón Rojo Gian Maria Volontè (as John Wells)


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Marisol Marianne Koch
Silvanito José Calvo
Piripero Joseph Egger
sheriff John Baxter Wolfgang Lukschy
Manolo Aldo Sambrell
Benito Rojo Antonio Prieto
Esteban Rojo Sieghardt Rupp
Consuela Baxter Margherita Lozano
Antonio Baxter Bruno Carotenuto
Julio Daniel Martín
Chico Mario Brega (as Richard Stuyvesant)
Rubio Benito Stefanelli (as Benny Reeves)

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bedoeling fan Leone[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

A Fistful of Dollars wie troch regisseur Sergio Leone bedoeld om it westernsjenre yn 'e Italjaanske sinema op 'e nij út te finen. Hy fûn dat de Amerikaanske westernfilm as sjenre stagnearre wie en boppedat oermjitte prekerich en mei dêrtroch net mear oannimlik wie foar it Jeropeeske bioskooppublyk. Nettsjinsteande it feit dat yn Hollywood hieltyd minder westernfilms makke waarden, leaude Leone dat der yn Jeropa noch altyd in grutte merk wie foar films fan dat sjenre, as se mar op 'e juste manear makke waarden. Dêrom woed er de Italjaanske filmgewoanten nimme en dy brûke om in nij soarte western meitsje. Syn ferzje fan it Wylde Westen wie in moreel twifelich plak, dêr't de helden en de smjunten faak mar amper faninoar te ûnderskieden wiene. Konsepten fan goed en kwea begûnen dêr yninoar oer te rinnen yn in wrâld dêr't in protte dieden net mear oantsjut wurde koene as goed of ferkeard. Dêrmei skoep Leone in nije subsjenre fan 'e westernfilm: de spagettywestern, wylst er ek grutte ynfloed útoefene op in oar (of breder) subsjenre: de refyzjonistyske western.

Crew, studio's en budget[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

A Fistful of Dollars wie in Italjaansk-Westdútsk-Spaanske ko-produksje fan 'e filmstudio's Jolly Film, Constantin Film en Ocean Films. De produsinten wiene Arrigo Colombo en Giorgio Papi. It senario waard skreaun troch Victor Andrés Catena, Jamie Comas Gil, Fernando Di Leo, Sergio Leone, Duccio Tessari en Tonino Valerii, wylst oan 'e Ingelsktalige ferzje ek Mark Lowell en Clint Eastwood meiwurken. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Massimo Dallamano, wylst komponist Ennio Morricone de noris sobere, dan wer útskroevene filmmuzyk skreau. A Fistful of Dollars waard yn Itaalje distribuëarre troch Unidis, en letter yn 'e Feriene Steaten troch United Artists (UA). Der wie in budget fan net mear as $200.000 oant $225.000 foar de film beskikber. Om 'e film mear Amerikaansk lykje te litten, namen ferskate Jeropeänen dy't meiwurken oan A Fistful of Dollars in 'Amerikaansk' klinkende skûlnamme oan, dêr't se mei op 'e ôftiteling fermeld steane. Sergio Leone sels neamde him 'Bob Robertson', kameraregisseur Dallamano wie 'Jack Dalmas', Ennio Morricone waard 'Dan Savio' yn 'e Ingelsktalige ferzje (en 'Leo Nichols' yn 'e Italjaansktalige ferzje), haadrolspiler Gian Maria Volontè naam de namme 'John Wells' oan, en de akteurs Mario Brega en Benito Stefanelli wiene 'Richard Stuyvesant', resp. 'Benny Reeves'.

Cast[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it mêd fan 'e cast woe Leone in bekende Amerikaanske akteur yn 'e haadrol fan 'e Man sûnder Namme hawwe. Oarspronklik hied er Henry Fonda op it each, mar dy koed er lang net betelje. Syn twadde kar wie Charles Bronson, mar dy't wiisde de rol ôf om't er it senario net goed genôch fûn. (Sawol Fonda as Bronson soe letter spylje yn in oare western fan Leone, Once Upon a Time in the West.) Oare akteurs dy't de rol fan 'e Man sûnder Namme ôfwiisden, wiene Henry Silva, Rory Calhoun, Tony Russel, Steve Reeves, Ty Hardin, Eric Fleming en James Coburn. (Coburn soe letter de haadrol spylje yn Duck, You Sucker!, in oare film fan Leone.) Uteinlik rjochte Leone him op Richard Harrison, in Amerikaanske akteur dy't koartby yn 'e Italjaanske western Duello nel Texas spile hie. Harrison hie dêr lykwols gjin goede oantinkens oan, en woe de ûnderfining net nochris oerdwaan. Dêrop kamen de produsinten mei in list fan minder bekende, mar beskikbere, Amerikaanske akteurs op 'e lapen en fregen Harrison wa't hy foar de rol oanriede soe.

Harrison rikkemandearre Clint Eastwood oan, dy't bekend wurden wie yn 'e tillefyzjesearje Rawhide, om't er wist dat dy in oertsjûgjende cowboy delsette koe. Letter soe Harrison mei frijwat selsspot opmerke: "Miskien wol myn grutste bydrage oan 'e sinema wie om net yn A Fistful of Dollars te spyljen, mar Clint oan te rieden foar dy rol." Eastwood seach yn A Fistful of Dollars benammen de kâns om te ûntkommen oan syn Rawhide-imago, mei't it him, sa seid er letter yn in fraachpetear, danich ta de kiel úthong "om hieltyd wer de tradisjonele held spylje te moatten dy't aloan en mar wer âlde wyfkes en hûnen tutet en Jan en alleman freonlik behannelet. Ik besleat dat it tiid waard om ris in antyheld te wêzen."

Opnamelokaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

A Fistful of Dollars waard filme yn Spanje. It meastepart fan 'e sênes waard opnommen by Hoyo de Manzanares, deunby Madrid. Guon stikken waarden lykwols filme yn 'e Tabernas-woastyn (dêr't ek parten fan 'e oare beide films fan 'e Dollars Trilogy opnommen waarden), en yn it Natoerpark Cabo de Gata-Níjar, beide yn 'e provinsje Almería.

Talen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei't A Fistful of Dollars in ynternasjonale ko-produksje wie, bestie der op 'e set in oansjenlike taalbarriêre. Hoewol't in oansjenlik diel fan 'e cast sawol it Ingelsk as it Italjaansk machtich wie, spriek Leone gjin Ingelsk, wylst Eastwood gjin Italjaansk spriek. De kommunikaasje tusken harren en tusken Eastwood en de Italjaanske filmcrew ferrûnen fierhinne troch de tsjinsten fan akteur en stuntman Benito Stefanelli, dy't ek by lettere filmproduksjes fan Leone as net-beëdige tolk fungearje soe. Krekt as alle oare Italjaanske films út dy tiid waard A Fistful of Dollars sûnder lûd opnommen, wêrnei't de dialooch ûnder de postproduksje yn 'e studio tafoege waard troch wat feitliks neisyngronisaasje wie. Op dy wize koene maklik twa ferskillende ferzjes fan 'e film makke wurde, in Italjaansktaligen en in Ingelsktaligen. Om't de measte akteurs beide talen machtich wiene, koene se beide ferzjes ynsprekke. Eastwood waard yn 'e Italjaanske ferzje neisyngronisearre troch akteur Enrico Maria Salerno, dy't mei syn 'sinistere' stim in hiele oare ynterpretaasje oan 'e Man sûnder Namme joech as Eastwood syn eigen lakonike spylwize.

Fisuële styl[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

A Fistful of Dollars wie de earste film wêryn't Leone syn neitiid ferneamd wurden styl fan fisuële rezjy brûkte. Dy wie beynfoede troch sawol de lânskippen út 'e westerns fan John Ford as de Japanske manear fan regissearjen fan Akira Kurosawa. Leone woe syn westerns suver de oanblik fan in opera jaan, en dêrom foege er in soad ekstreme close-ups fan 'e gesichten fan 'e akteurs ta, dy't neffens him itselde effekt hiene as in aria yn 'e tradisjonele opera. It ritme, de emoasje en de kommunikaasje yn 'e ûnderskate sênes fan 'e film kinne foar in grut part taskreaun wurde oan dat gebrûk fan close-ups, dat noch fuortsterke wurdt troch de bypassende filmmuzyk fan Ennio Morricone. It wie doedestiden in nije filmtechnyk, hiel oars as it gebrûk fan close-ups yn Hollywood-films, dêr't se yn it foarste plak net fan sa deunby opnommen wiene as Leone die, en fierders inkeld tapast waarden om in reäksje sjen te litten op eat dat krekt troch in oare akteur sein wie. Leone syn close-ups foarmen dêrfoaroer in selsstannich ûnderdiel fan 'e sêne, en wiene faak opnommen út aparte gesichtshoeken, lykas skean fan ûnderen. In diel fan 'e filmmuzyk waard foarôfgeande oan it opnimmen fan 'e film skreaun, wat ûngebrûklik wie. Soks liet Leone lykwols wol faker dwaan, om't er de muzyk as in yntegraal ûnderdiel fan syn film beskôge. Soms riek er sels moedwillich in sêne op, fertelde Morricone letter yn in ynterview, om't er de muzyk sa moai fûn en dy noch eefkes trochgean litte woe.

Eastwood hie in grutte ynbring yn hoe't de Man sûnder Namme derút kaam te sjen. Hy kocht sels in swarte spikerbroek yn in winkel oan Hollywood Boulevard yn Hollywood, bemachtige de hoed fan in rekwisitebedriuw yn Santa Monica en de sigaren helle er yn in saak yn Beverly Hills. De revolver, pistoalrym en spoaren naam er mei fan 'e set fan Rawhide. De poncho waard nei oerlis mei Leone yn Spanje kocht troch kostúmûntwerper Carlo Simi. It wie Leone dy't derop stie dat de Man sûnder Namme sigaren smoke moast, mei't er it oanhâldende ompielen mei in peuk as in ûnmisber fisueel ûnderdiel fan 'e film beskôge. Eastwood, dy't syn libben lang nea smookt hat, lei him dêrby del om't er fûn dat de fize smaak fan in sigaar him de mentale ynstelling joech dêr't er foar de rol ferlet fan hie. Nei't it skynt learde Leone al rillegau om fan Eastwood syn opmerklike styl fan aktearjen te hâlden. Hy sei dêr letter sels oer: "Mear as fan in akteur hie ik ferlet fan in masker, en Eastwood hie doedestieden mar twa gesichtsútdrukkings: mei hoed en sûnder hoed."

Premiêre en resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Itaalje gie A Fistful of Dollars op 16 oktober 1964 yn 'e bioskopen yn premiêre ûnder de titel Per un Pugno di Dollari. De film brocht mear op as lykfol hokker oare Italjaanske film oan dy tiid ta. Pas op 18 jannewaris 1967 gie A Fistful of Dollars yn 'e Feriene Steaten yn premiêre. Dêr brocht de film dat jier $4,5 miljoen op. Yn 1969 waard er dêr op 'e nij útbrocht en waard der nochris $1,2 miljoen oan fertsjinne. Yn totaal behelle A Fistful of Dollars in opbringst fan $14,5 miljoen. Ofset tsjin in budget fan $200.000–225.000 komt dat del op in winst fan teminsten $14.275.000.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Italjaanske bioskopen wie A Fistful of Dollars daliks in grut súkses, mar doe't de film yn 1967 yn 'e Feriene Steaten útbrocht waard, reägearren de measte filmkritisy mei negative of op syn bêsten lauwe resinsjes. Sa skreau Philip French yn The Observer: "It berekkene sadisme fan 'e film soe oanstjitjaand wêze as jins laitsjen om 'e bespotlikens fan it hiele spul dat net neutralisearre. As men ûnbekend wie mei de eftergrûn fan 'e film, soe men oannimme dat it in priveefilmke wie, makke troch in groep rike Jeropeeske westernfans [...] A Fistful of Dollars sjocht der ferskriklik út, hat in platte, deade soundtrack en mist eltse foarm fan minsklik gefoel." Yn The New York Times behannele Bosley Crowther, in oare foaroansteande filmkritikus, de film net as in westernfilm, mar as in oerdreaun teätrale parody op dat sjenre. Hy skreau dat sawat elts westernklisjee weromfûn wurde koe yn dizze "oermjitte syntetyske, mar meislepende morbide, gewelddiedige film." Hy seach ek net folle yn it toanielspul fan Clint Eastwood, dat er karakterisearre as "heal cowboy, heal gangster, dy't alle ritualistyske poazes [...] fan beide ôfwurket, [...] in amusante, oerdreaune bedrager."

De wurdearring foar A Fistful of Dollars waard lykwols mei de jierren better, sadat it no hast net mear foar te stellen is dat der yn 'e begjintiid sokke dingen oer skreaun waarden troch respektearre filmkritisy. Yn 2012 skreau filmkritikus Howard Hughes yn syn boek Once Upon a Time in the Italian West: "Amerikaanske en Britske kritisy keazen der foar it meastepart foar om 'e premiêre fan A Fistful of Dollars te negearjen. De measten fan harren seagen net de satiryske humor en de baanbrekkende filmstyl, mar leine har leaver ta op 'e rommelige produksje." Hjoed de dei wurdt de film beskôge as ien fan 'e ynfloedrykste westerns út 'e skiednis fan it sjenre, fan it heechste belang foar de ferjonging fan in fêstrûn sjenre, dy't stiiffêst boppe-oan stiet yn 'e listen fan 'e bêste westerns ea makke. Yn 2014 waard op it tige prestizjeuze Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes de fyftichste jierdei fan 'e spagettywestern fierd mei in fertoaning fan A Fistful of Dollars. Foarôfgeande oan dat barren omskreau de gasthear, de Amerikaanske regisseur Quentin Tarantino, de film yn in parseberjocht as "de grutste prestaasje yn 'e skienis fan 'e film." Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat A Fistful of Dollars it ekstreem hege goedkarringspersintaazje fan 98%, basearre op 43 resinsjes. Yn 'e top 100 fan westerns op dy webside nimt de film it achtste plak yn.

Prolooch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't de film foar de earste kear útstjoerd waard op 'e Amerikaanske tillefyzje, op 23 febrewaris 1975, liet tillefyzjenetwurk ABC in filmke fan fjouwer en in heale minút meitsje dat as prolooch oan A Fistful of Dollars tafoege waard. De film waard nammentlik eins te gewelddiedich foar de tillefyzje fûn, dat der moast in kontekst komme dy't it geweld rjochtfeardige. De prolooch, regissearre troch Monte Hellman, liet in fierders ûnidentifisearre oerheidsfunksjonaris sjen, spile troch Harry Dean Stanton, dy't de Man sûnder Namme kâns op amnesty bea as er regaad makke yn San Miguel. Oan 'e nije bylden fan Stanton waard argyfmateriaal fan Eastwood tafoege. Dit filmke gie ferskate jierren oan eltse tillefyzjefertoaning fan A Fistful of Dollars foarôf, oant it op in stuit weilitten waard. Jierren letter waard it wer tafoege oan 'e spesjale edysje fan 'e dvd fan A Fistful of Dollars en oan 'e blu-rayferzje. Dêroan waard ek in fraachpetear mei Monte Hellman taheakke oer hoe't de prolooch makke wie.

Dollars Trilogy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Dollars Trilogy.

A Fistful of Dollars waard letter mei weromwurkjende krêft yn in filmsearje pleatst dy't bekendstiet as de Dollars Trilogy of de Man with No Name Trilogy. De oare beide dielen fan dy trilogy binne For a Few Dollars More, út 1965, en The Good, the Bad and the Ugly, út 1966. Alle trije films waarden regissearre troch Sergio Leone, en yn alle trije films spile Clint Eastwood (ien fan) de haadrol(len) as de Man sûnder Namme. Ek komponist Ennio Morricone wurke mei oan alle trije films.

Boarnen en rjochtsaak[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't A Fistful of Dollars folle mear súkses hie as wa ek yn 't foar ferwachte hie, kaam al rillegau oan it ljocht dat it in ûnoffisjele (en dêrom yllegale) remake wie fan 'e Japanske samoeraifilm Yojimbo, fan regisseur Akira Kurosawa nei in senario fan himsels en Ryuzo Kikushima. Kurosawa sei dêroer dat Leone "in poerbêste film" makke hie, "mar it wie MYN film." De Japanske filmstudio Toho spande dêrom in rjochtsaak tsjin Leone oan, dy't dat earst besocht te negearjen, mar úteinlik in skikking trof, dy't neffens de geroften bestie út $100.000 plus 15% fan 'e wrâldwide opbringst fan A Fistful of Dollars.

De Britske filmkritikus sir Christopher Frayling identifisearret lykwols trije boarnen foar A Fistful of Dollars. Neffens him is de film foar in diel basearre op Yojimbo, foar in diel op 'e detektiveroman Red Harvest fan Dashiell Hammett, út 1929, mar foar fierwei it grutste part op it toanielstik Tsjinner fan Twa Masters, fan 'e achttjinde-iuwske Italjaanske skriuwer Carlo Goldoni. Red Harvest en Tsjinner fan Twa Masters binne boarnen dy't Leone ek yn eigen ferdigening opfierd hat. Leone neamde fierders as boarnen, of alteast ynfloeden, ek inkele Amerikaanske westerns, te witten: Shane, út 1953, en My Darling Clementine, út 1946.

Digitale reparaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2014 waard A Fistful of Dollars digitaal reparearre troch Cineteca di Bologna en Unidis Jolly Film foar't er ta gelegenheid fan syn fyftichjierrich bestean yn 2014 útbrocht waard op blu-ray. Foar it byld foar byld fuorthimmeljen fan smoargens en reparearjen fan skuorren, krassen en oare defekten waarden saakkundigen fan 'e Prasad Coporation ynset. De namme fan 'e regisseur, dy't jierren earder al feroare wie fan 'Bob Robertson' yn 'Sergio Leone', waard yn 'e nije foarm litten, mar fierders waarden alle oarspronklike skûlnammen beholden of werombrocht, ynkl. 'Dan Savio' foar Ennio Morricone.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.