Springe nei ynhâld

Bosley Crowther

Ut Wikipedy
Bosley Crowther
Bosley Crowther (1949)
Bosley Crowther (1949)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Francis Bosley Crowther jr.
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 13 july 1905
berteplak Lutherville (Marylân)
stoarn 7 maart 1981
stjerplak Mount Kisco (New York)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
Dútsk
wurkpaad
berop/amt sjoernalist
aktyf as filmkritikus, teäterkritikus,
publisist
jierren aktyf 19281968

Bosley Crowther (folút: Francis Bosley Crowther jr.; Lutherville (Marylân), 13 july 1905Mount Kisco (New York), 7 maart 1981) wie in Amerikaansk sjoernalist en publisist. Hy wie tige ynfloedryk en freze as filmkritikus, in funksje dy't er in goed fearnsiuw lang útoefene foar The New York Times. Mei syn wurk hied er in wichtich oandiel yn it foarmjen fan 'e karriêres fan in protte akteurs, regisseurs en senarioskriuwers, hoewol't syn resinsjes bytiden as ûnnedige wreed beskôge waarden. Crowther wie yn 'e 1950-er en 1960-er jierren yn 'e Feriene Steaten ien fan 'e wichtichste foarfjochters fan net-Ingelsktalige films.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Crowther waard yn 1905 berne yn Lutherville yn 'e Amerikaanske steat Marylân. Hy wie de soan fan Francis Bosley Crowther sr. (1874-1950) en dy syn frou Eliza Hay Leisenring (1877-1960), dy't fan etnysk Dútsk komôf wie. Doe't er noch hiel jong wie, ferhuzen syn âlden mei him nei Winston-Salem yn Noard-Karolina, dêr't er fierhinne opgroeide en as teenager ûnder de namme The Evening Star in buertkrantsje skreau. Letter ferfear de húshâlding op 'e nij, diskear nei Washington, D.C. Crowther slagge dêr yn 1922 foar de eineksamens fan it fuortset ûnderwiis oan 'e Western High School.

Neitiid folge Crowther twa jier lang ûnderwiis oan 'e tariedingsskoalle Woodberry Forest School, foar't er yn 1924 in stúdzje skiednis begûn oan 'e Universiteit fan Princeton yn Nij-Jersey. Omreden fan syn talint foar it skriuwen fan krante-artikels bea Adolph S. Ochs, de útjouwer fan 'e foaroansteande krante The New York Times, Crowther in baan oan foar in salaris fan $30 yn 'e wike. Om't er eins leaver foar in lytsere krante yn it Amerikaanske Suden skriuwe woe, sloech er dat oanbod ôf, mar doe't er ûntdiek dat Súdlike kranten net heal it salaris betelje koene dat The New York Times jaan woe, kaam er op syn beslissing werom.

By The New York Times waard Crowther de earste nachtklubferslachjouwer. Yn 1933 waard er troch Brooks Atkinson, it haad fan 'e ôfdieling teäterkrityk, frege om ûnder him te wurkjen. Dêrnei wie Crowther fiif jier lang aktyf as teäterkritikus. Ek skreau er sels inkele toanielstikken, eat dêr't er net folle súkses mei hie.

Fan 1940 ôf wurke Crowther as filmkritikus foar The New York Times. Dêrby karde er konsekwint it fertoan fan oerdreaune heitelânsleafde yn films ôf. Fierders wied er op sensuer tsjin, mar net op it doel fan sensuer: hy fûn er dat filmmakkers 'gewoan' mear ferantwurdlikheidsgefoel toane moasten by it meitsjen fan harren produksjes. Yn 'e 1950-er jierren wie Crowther ûnder de Twadde Reade Panyk in útsprutsen tsjinstanner fan senator Joe McCarthy, de fanatike foarsitter fan it anty-kommunistyske Komitee fan it Hûs fan Offurdigen oangeande Un-Amerikaanske Aktiviteiten, mei syn Hollywood Blacklist.

Crowther wie tige ynfloedryk en hie it foar de moade om frijwat skerpe omskriuwings te brûken as er in film net lije mocht. Syn oardiel waard dêrom freze, en syn resinsjes waarden bytiden as ûnnedige wreed beskôge. Sa stiek er syn hekel oan aktrise Joan Crawford net ûnder stuollen of banken. Films dy't er graach lije mocht, wiene bgl. Gone with the Wind (1939), The Grapes of Wrath (1940), Citizen Kane (1941), All the King's Men (1949) en High Noon (1952). Ek wied er in grut foarfjochter fan net-Ingelsktalige films, yn 't bysûnder dy fan Roberto Rossellini, Vittorio de Sica, Ingmar Bergman en Federico Fellini.

Crowther syn foarkarren op it mêd fan populêre films wiene faak ûnfoarsisber. Sa ferdigene er grutte produksjes as Ben-Hur (1959) en Cleopatra (1963), mar liet er de oarlochsfilm The Great Escape (1963) ôfrinne, en David Lean syn histoaryske biografyske film Lawrence of Arabia (1962) krekt-en-gelyk. Fan Lean syn Doctor Zhivago (1965) moast er ek al neat hawwe. Alfred Hitchcock syn Psycho (1960) neamde Crowther "in smodze op in fierders earbere karriêre", mar dat wie in film dêr't er syn miening al rillegau oer bystelde.

Yn dyselde snuorje wie Crowther ek aktyf as publisist fan non-fiksjeboeken oer de filmyndustry. Sa skreau er yn 1957 The Lion's Share: The Story of an Entertainment Empire, wêryn't er de skiednis fan 'e grutte filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer (MGM) fêstlei. En yn 1960 kaam fan him út: Hollywood Rajah: The Life and Times of Louis B. Mayer, in biografy fan Louis B. Mayer, de oprjochter fan MGM.

De ein fan it wurkpaad fan Crowther as filmkritikus waard markearre troch syn minachtsjende reäksje op 'e film Bonnie and Clyde, út 1967. Yn syn resinsje liet er dêr neat fan hiel, wêrby't er fral tekear gie tsjin 'e njonkeninoarpleatsing fan komyske eleminten en deadlik geweld. Crowther wie ien fan 'e iennichste filmkritisy yn 'e Feriene Steaten dy't gjin lof hie foar Bonnie and Clyde, en hy bleau by syn miening (wylst syn kollega Joe Morgenstern fan it tydskrift Time, dy't it yn 't earstoan mei him iens wie, letter fan miening feroare). Hy fentilearre syn miening oer de film boppedat allegeduerigen yn net ien mar trije tige negative resinsjes en yn ferskate antwurden op ynstjoerde brieven fan ûntefreden lêzers fan 'e krante. Uteinlik ferfong The New York Times Crowther begjin 1968 as filmkritikus. It tinken is dat syn oanhâldende oanfallen op Bonnie and Clyde sjen litten hiene dat er gjin fieling mear hie mei de filmkeunst fan dy tiid, wat syn pinsjonearring ûntsjinkearber makke.

Yn syn iere jierren by The New York Times mette Crowther dêr Florence Marks, dy't ek foar de krante wurke. Hja trouden op 20 jannewaris 1933 en krigen trije soannen: Bosley Crowther III, dy't abbekaat waard; John M. Crowther, in skriuwer en keunstner; en Jefferson Crowther, in bankier. Bosley Crowther en Florence Marks wiene ek de pake en beppe fan Welles Crowther (in soan fan Jefferson), dy't as frijwillige brânspuitman by de terroristyske oanslaggen fan 9/11, yn 2001, achttjin minsken it libben rêde, mar sels omkaam.

Bosley Crowther kaam op 7 maart 1981 hommels te ferstjerren oan hertfalen yn it sikehûs Northern Winchester Hospital yn Mount Kisco yn 'e Amerikaanske steat New York. Hy waard 75 jier âld. Syn frou Florence oerlibbe him trije jier en stoar yn 1984.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.