Dollars Trilogy

Ut Wikipedy
Dollars Trilogy
betinker Sergio Leone
eigner Constantin Film e.o.
lân Itaalje
West-Dútslân
Spanje
Feriene Steaten
begjinjier 1964
einjier 1966
films
langspylfilms A Fistful of Dollars
For a Few Dollars More
The Good, the Bad and the Ugly
offisjele webside
de Dollars Trilogy op 'e IMDb

De Dollars Trilogy (Italjaansk: Trilogia del Dollaro), ek bekend as de Man with No Name Trilogy, is in Italjaansk-Westdútsk-Spaansk-Amerikaanske filmsearje út 'e 1960-er jierren, besteande út trije spagettywesterns, dy't regissearre waarden troch Sergio Leone. De titels fan 'e films binne: A Fistful of Dollars, For a Few Dollars More en The Good, the Bad and the Ugly. De earste film kaam út yn 1964, en de lêste yn 1966. Der waard fan alle trije films sawol in Italjaansktalige as Ingelsktalige ferzje makke.

De trije films wurde no rûnom beskôge as klassikers, en de Dollars Trilogy is ferneamd wurden om't dêrmei de grûnslach fan it sjenre fan 'e spagettywestern lein is. De trilogy tsjinne neitiid as ynspiraasjeboarne foar withoefolle oare regisseurs. De trije films steane wat de plot oangiet fierhinne op harsels, mar foarmje in trilogy om't se oer deselde haadpersoan geane, de Man with No Name ("Man sûnder Namme"), dy't lykwols yn eltse film in oare bynamme hat (Joe, Manco, resp. Blondie). De rol fan 'e Man with No Name wurdt yn alle trije films fertolke troch akteur Clint Eastwood. De Dollars Trilogy makke de karriêre fan regisseur Sergio Leone, haadrolspiler Clint Eastwood en filmkomponist Ennio Morricone.

A Fistful of Dollars[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side A Fistful of Dollars.

De earste film fan 'e trilogy, A Fistful of Dollars, wie eins in ûnoffisjele remake fan 'e Japanske film Yojimbo, út 1961, fan regisseur Akira Kurosawa. Yn 'e spagettywestern ferpleatste regisseur Sergio Leone it ferhaal nei it Wylde Westen út 'e tiid fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865). De plot draait om in mysterieuze frjemdling dy't in stedsje binnenriidt dat yn 'e gryp is fan in fete tusken twa famyljes, de Rojo's en de Baxters. Hy spilet harren tsjininoar út om der sels better fan te wurden.

A Fistful of Dollars waard produsearre troch Arrigo Colombo en Giorgio Papi foar Constantin Film, Jolly Film en Ocean Films. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Massimo Dallamano en de filmmuzyk waard fersoarge troch Ennio Morricone. De distribúsje bûten Itaalje waard dien troch United Artists. De haadrollen waarden fertolke troch Clint Eastwood en Gian Maria Volontè. De film gie op 16 oktober 1964 yn 'e Italjaanske bioskopen yn premiêre, en brocht $14,5 miljoen yn 't laadsje op in budget fan $225.000.

For a Few Dollars More[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side For a Few Dollars More.

De twadde film, For a Few Dollars More, folget twa mei muoite gearwurkjende preemjejagers, dy't net yngripe as in binde banditen in bank oerfalt om't se sels netiid mei de bút útnaaie wolle. Dizze film spilet jierren letter as A Fistful of Dollars, mei't op in grêfstien dy't yn byld komt it jiertal 1873 stiet. For a Few Dollars More waard produsearre troch Alberto Grimaldi foar Constantin Film, Produzioni Europee Associati (PEA) en Arturo González Producciones Cinematográficas (AGPC). De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Massimo Dallamano en de filmmuzyk waard fersoarge troch Ennio Morricone. De distribúsje bûten Itaalje waard dien troch United Artists. De haadrollen waarden fertolke troch Clint Eastwood, Lee Van Cleef en Gian Maria Volontè. De film gie op 18 novimber 1965 yn 'e Italjaanske bioskopen yn premiêre, en brocht $15 miljoen op tsjin in budget fan $600.000.

The Good, the Bad and the Ugly[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side The Good, the Bad and the Ugly.

De lêste film fan 'e Dollars Trilogy, mei as titel The Good, the Bad and the Ugly, giet oer trije revolverlju dy't mei-inoar wediverje om in begroeven goudskat fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika te finen mank de gewelddiedige gaos fan 'e Nij-Meksikokampanje fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch, yn 1862. Gronologysk spilet it trêde diel fan 'e Dollars Trilogy dus earder as de beide foargeande dielen.

The Good, the Bad and the Ugly waard produsearre troch Alberto Grimaldi foar Constantin Film, Produzioni Europee Associati (PEA), AGPC en United Artists (UA). De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Tonino Delli Colli en de filmmuzyk waard fersoarge troch Ennio Morricone. De distribúsje bûten Itaalje waard dien troch United Artists. De haadrollen waarden fertolke troch Clint Eastwood, Lee Van Cleef en Eli Wallach. De film gie op 23 desimber 1966 yn 'e Italjaanske bioskopen yn premiêre, en hie in opbringst fan $25,1 miljoen op in budget fan $1,2 miljoen.

Oersjoch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn totaal hawwe de trije films fan 'e Dollars Trilogy in rintiid fan 409 minuten. Der wie in budget foar beskikber ter wearde fan $2.025.000, en se brochten mei-inoar $54,6 miljoen op. Dat komt del op in skjinne winst fan $52.575.000. Behalven Clint Eastwood wiene noch fjouwer oare akteurs yn alle films fan 'e trilogy te sjen: Mario Brega, Aldo Sambrell, Benito Stefanelli en Lorenzo Robledo. Fjouwer oare akteurs spilen yn twa fan 'e trije films: Lee Van Cleef, Gian Maria Volontè, Luigi Pistilli en Joseph Egger.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.