Philip French

Ut Wikipedy
Philip French
Philip French yn 2013.
Philip French yn 2013.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Philip Neville French
nasjonaliteit Britsk
berne 28 augustus 1933
berteplak Liverpool (Ingelân)
stoarn 27 oktober 2015
stjerplak Londen (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
berop/amt sjoernalist, radioprodusint
aktyf as filmkritikus
jierren aktyf 19572013

Philip French (folút: Philip Neville French; Liverpool, 28 augustus 1933Londen, 27 oktober 2015) wie in Ingelsk sjoernalist, filmkritikus, filmhistoarikus, publisist en radioprodusint. Hy sette oan 'e ein fan 'e 1950-er jierren útein mei in karriêre yn 'e sjoernalistyk, wêrnei't er him meitiid ûntjoech ta radioprodusint by de BBC en noch letter ta filmkritikus. Fan 1963 oant syn pinsjonearring yn 2013 skreau er foar de foaroansteande Britske krante The Observer.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

French waard yn 1933 yn Liverpool berne as de soan fan in assuradeur. As bern stammere er, in beheining dy't er wist te oerwinnen; dêroer skreau er foar it earst yn 2010, yn it ramt fan 'e film The King's Speech, oer de stammerjende Britske kening George VI. Hy genoat ûnderwiis oan 'e Bristol Grammar School yn Bristol en studearre dêrnei rjochten oan 'e Universiteit fan Oxford. In stúdzjebeurs stelde him by steat om letter in oplieding sjoernalistyk te folgjen oan 'e Universiteit fan Indiana te Bloomington, yn 'e Feriene Steaten.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1957 sette French syn karriêre útein as sjoernalist foar de krante de Bristol Evening Post. Yn 1963 skreau er syn earste artikels foar The Observer, en fan 1967 oant 1968 wied er teäterkritikus foar de New Statesman. Ek wurke French ferskate jierren as plakferfangend filmkritikus foar David Robinson by The Times. Yn 1978 waard er oansteld as filmkritikus by The Observer, in post dy't er beklaaie soe oant syn pinsjonearring yn 2013. French skreau ek foar Sight and Sound, it orgaan fan it Britsk Filmynstitút.

Njonken syn wurk as sjoernalist publisearre French ek ferskate non-fiksjeboeken oer de filmyndustry en de filmskiednis, lykas Movie Moguls: An Informal History of the Hollywood Tycoons, út 1969, en Westerns: Aspect of a Movie Genre, út 1974. Yn 'e mande mei syn soan Karl French skreau er ek it boek Cult Movies, dat yn 1999 útkaam, oer it ferskynsel 'cultfilm'.

Fan 1959 oant 1990 wurke French ek as radioprodusint by de BBC. Yn 't earstoan wied er yndield by de Noardamerikaanske útstjoerings, mar al rillegau fersoarge er ek útstjoerings yn it Feriene Keninkryk sels. Fan 1961 oant 1967 produsearre er praatprogramma's, en fan 1968 ôf wied er seniorprodusint foar de hiele korporaasje. French produsearre foar de BBC-radio yn 'e 1960-er jierren ek de filmrubryk The Critics en fan 1974 oant 1990 Critic's Forum. Syn baas by Radio 3, Stephen Hearst, besocht yn 1978 syn oanstelling as filmkritikus by The Observer tsjin te kearen mei it argumint dat French ûnmooglik noch in ûnpartijich produsint fan in filmrubryk wêze koe as er sels ek aktyf wie as filmkritikus. Hy waard lykwols weromfluite troch P.H. Newby, in liedingjaande by de BBC.

Yn 2009 waard French the British Press Award foar kritikus fan it jier takend. Yn desimber 2012 waard er oansteld ta ofsier yn 'e Oarder fan it Britske Ryk (OBE) foar syn fertsjinsten op it mêd fan 'e filmkeunst.

French stie bekend om syn grappige opmerkings en syn skerpe ûnthâld. In essay oer de posterijen yn 'e Britske filmkeunst begûn er mei de wurden: "Ik wit net folle oer postsegelsammeljen, mar ik wit wol wat ik slikje." Yn it Ingelsk is dat in wurdboarterij, troch de likenis tusken de wurden lick ("slikje") en like ("fan hâlde"). Doe't Michael Billington, de teäterkritikus fan The Guardian tagelyk mei French yn 'e Oarder fan it Britske Ryk beneamd waard, skille dy him op om him te lokwinskjen. Hy beëinige it petear mei de opmerking "See you at the palace." ("Ik sjoch dy yn it paleis".) Dêr't French fuortendaliks op antwurde: "Sa't Dirk Bogarde tsjin Bill Kerr sei yn Appointment in London út 1953."

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

French wie troud mei Kersti Molin, in Sweedse fan berte, mei wa't er trije soannen krige. De âldste, Sean French, is ien fan 'e beide skriuwers efter it pseudonym Nicci French. De middelste, Patrick French, is dokter. De jongste, Karl French, is redakteur en publisist. French hie tsien pakesizzers.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er jierrenlang almar fierder yn 'e minnichte rekke wie, kaam French op 27 oktober 2015 te ferstjerren oan in hertoanfal. Hy waard 82 jier. Tsjin dy tiid hied neffens in skatting fan The Daily Telegraph resinsjes skreaun foar 14.000 films. Syn opfolger by The Observer, Mark Kermode, neamde him "in ynspiraasjeboarne foar in hiele generaasje filmkritisy."

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1969 – Movie Moguls. An Informal History of the Hollywood Tycoons
  • 1974 – Westerns: Aspects of a Movie Genre
  • 1980 – Three Honest Men: Edmund Wilson, F.R.Leavis, Lionel Trilling – A Critical Mosaic (redaksje)
  • 1995 – Wild Strawberries (mei syn frou Kersti French)
  • 1999 – Cult Movies (mei syn soan Karl French)
  • 2008 – Censoring the Moving Image: Manifestos for the Twenty-first Century (mei Julian Petley)
  • 2011 – I Found it at the Movies: Reflections of a Cinephile

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.