Springe nei ynhâld

Tallahassee (Floarida)

Ut Wikipedy
Tallahassee
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Floarida
County Leon County
Sifers
Ynwennertal 181.376 (2010)
Oerflak 268 km² (ynkl. wetter)
260 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 698,6 / km²
Stêdekloft 375.371 (2010)
Hichte 62 m
Oar
Stifting 1786
Tiidsône UTC-5
Simmertiid UTC-4
Koördinaten 30°27′18″N 84°15′12″W
Offisjele webside
www.talgov.com
Kaart
De lizzing fan Tallahassee yn Leon County en yn 'e steat Floarida.

Tallahassee (útspr.: [tælə'hæsi]) is de haadstêd fan 'e súdeastlike Amerikaanske steat Floarida, en it haadplak fan it omlizzende Leon County. De stêd leit deunby de noardgrins fan 'e steat, likernôch op it plak dêr't it skiereilân fan Floarida en de saneamde Florida Panhandle (de noardwestlik kuststripe dy't net ta it skiereilân heart) byinoar komme. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Tallahassee doe goed 181.000 ynwenners. As alle foarstêden en de heal ferstedske omlizzende plattelânskrite meirekkene wurdt, komt Tallahassee as stêdekloft út op in befolking fan goed 375.000 minsken.

De oarspronklike bewenners fan 'e krite dêr't Tallahassee no leit wiene de Apalatsy-Yndianen, dy't lykwols al yn 'e Spaanske tiid (1565-1821) slim yn it neigean rekken. Oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw waard in diel fan 'e Kriik troch Amerikaanske kolonisten út Georgia wei nei it suden ta ferdreaun, de grins fan Spaansk Floarida oer. Dy besetten dêre it ûntfolke lân dat de Apalatsy ienris yn besit hân hiene, en ûntjoegen har dêr, skaat fan harren noardlike folksgenoaten, ta de Seminoalen. Tallahassee waard yn 1786 stifte as in Seminoalsk doarp. Dy namme is in Muskogeesk wurd (út 'e taal fan 'e Kriik en de Seminoalen), dat gauris oerset wurdt as "Alde Fjilden".

It âlde Steatskapitoal fan Floarida, datearjend út 1845, mei dêrefter de moderne kapitoaltoer yn oanbou (1976).

Nei't Spanje Floarida yn 1821 ferkocht hie oan 'e Feriene Steaten, briek de Earste Seminoalske Oarloch út, wêrby't de Amerikanen de Seminoalen, dy't hja twa generaasjes earder sels nei Floarida ta dreaun hiene, der wer wei besochten te krijen. Yn 1817 waard Tallahassee platbaarnd troch generaal Andrew Jackson, de lettere Amerikaanske presidint, doe't de pleatslike haadman wegere hie it doarp te ûntromjen. De Seminoalen fochten werom, dat it jiers dêrop ferovere Jackson it werboude doarp foargoed.

Foar't de Amerikanen Floarida oernommen hiene, hie it gebiet bestien út twa Spaanske koloanjes: East-Floarida, mei as haadstêd Sint-Augustinus, en West-Floarida, mei as haadstêd Pensacola. De Amerikanen foegen dy beide dielen gear, mar doe't it parlemint fan it nije territoarium syn earste sittings hold, bliek der in probleem te wêzen. De earste sitting waard yn 1822 yn Pensacola holden, en de leden út Sint-Augustinus wiene doe 59 dagen ûnderweis om dêr te kommen. It jiers dêrop waard de sitting yn Sint-Augustinus holden, en doe wiene de leden út Pensacola 28 dagen ûnderweis om hielendal om it skiereilân hinne te silen. Sadwaande waard doe besletten dat der in nije haadstêd komme moast, dy't likernôch healwei Pensacola en Sint-Augustinus lizze moast. Der waard op 'e kaart sjoen hokker plak oft oan dy eask foldie, en doe foel de kar op Tallahassee. En alsa waard dat yn 1824 útroppen ta de haadstêd fan Floarida.

Fan 1825 oant 1860 ûntjoech Tallahassee him stadichoan ta in echte steatshaadstêd. Sa kaam yn 1845 it Steatskapitoal fan Floarida ree, in swiid bouwurk dat weromgrypt op 'e boustyl fan it âlde Grikelân. Yn dy tiid wie Tallahassee ek in sintrum fan 'e slavehannel, mei't it midden yn it gebiet fan Noard-Floarida lei dêr't in soad katoen ferboud waard. Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) wie Tallahassee de iennichste Súdlike steatshaadstêd eastlik fan 'e Mississippy dy't nea troch de Noardliken ferovere waard. In lytse skermutseling, de Slach by Natural Bridge, waard op 6 maart 1865, krekt foar de Súdlike oerjefte, besuden de stêd útfochten.

Nei de Boargeroarloch rekke de ekonomy fan Tallahassee yn 'e nederklits. Sûnder slaven wiene de grutte katoen- en tabaksplantaazje ûnrindabel, en in protte derfan waarden ferkocht oan rike noarderlingen dy't der jachtreservaten fan makken. Meitiid paste de ekonomy him oan, en waarden der sitrusfruchten ferboud, wylst der ek oan boskbou (foar timmerhout) en feehâlderij dien waard. Dêrnjonken waard fan 'e iuwwiksel ôf it toerisme stadichoan wichtiger. Oan 'e Twadde Wrâldoarloch ta bleau Tallahassee lykwols in lyts stedsje (yn 1940 hie it goed 62.000 ynwenners), dat it fral hawwe moast fan 'e dêr fêstige oerheidstsjinsten en universiteiten.

Hjerstkleuren yn 'e binnenstêd fan Tallahassee.

Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw begûn de befolking fan Tallahassee fluch te groeien, al koe de stêd it nea hâlde foar plakken oer dy't súdliker op it skiereilân leine, en dy't harren yn dyselde snuorje folslein op it toerisme smieten, lykas Orlando, Miami en Tampa. Yn 'e santiger jierren hierde it regear fan Floarida de arsjitekt Edward Durell Stone yn om in nij steatskapitoal te ûntwerpen. It 23 ferdjippings tellende fletgebou waard yn 1977 oplevere. De lokale polityk hat tusken 1968 en 1992 fjouwer kear besocht om it bestjoer fan 'e gemeente Tallahassee en Leon County te "konsolidearjen" (d.w.s. gear te foegjen), mar eltse kear is dat útstel by in referindum troch de kiezers fuortstimd.

De sit fan it Heechgerjochtshôf fan Floarida.

Tallahassee hjoed de dei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ekonomy fan Tallahassee stipet swier op 'e tsjinstesektor, en dan yn it bysûnder op 'e oerheid, it ûnderwiis en de sûnenssoarch. De grutste wurkjouwer fan 'e stêd is de steat Floarida, mei goed 20.000 arbeidsplakken. Op it twadde plak stiet de Steatsuniversiteit fan Floarida (FSU), it grutste ynstitút foar heger ûnderwiis yn Tallahassee, mei krapoan 14.000 banen. De FSU waard oprjochte yn 1851, en is woartele yn in foargeande ûnderwiisynstelling dy't al bestie sûnt 1843. In oare wichtige universiteit yn 'e stêd is de Florida A&M University (FAMU), dy't stifte waard yn 1887. Wat berikberheid oangiet, wurdt Tallahassee betsjinne troch it Tallahassee Regional Airport, dat besiket om 'e status fan ynternasjonale lofthaven te krijen, en troch it lytsere Tallahassee Commercial Airport, dat fral brûkt wurdt troch priveefleantugen en oare behindigere tastellen.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Tallahassee 8,2% âlder as 65 jier en 17,4% jonger as 18 jier. Fierders bestie 53,4% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 24,7% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 53,3% blanken; 35,0% swarten; 6,3% Latino's; 3,7% Aziaten; 0,1% Yndianen; 1,6% oaren of fan mingd etnysk komôf. Op taalkundich mêd waard yn 2000 fêststeld dat yn Tallahassee 92,0% fan 'e befolking yn 'e hûs inkeld Ingelsk spriek, wylst it Spaansk mei 4,1% op it twadde plak kaam. Dêrnei folgen Frânsk en Dútsk, beide mei 0,6%.

In snieballegefjocht op 'e treden fan it âlde Steatskapitoal fan Floarida, op 10 febrewaris 1899.

Tallahassee hat in fochtich subtropysk klimaat, mei lange waarme simmers en koarte mylde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 33,4 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 17,5 °C. Rekôrtemperatueren wiene 41 °C op 15 juny 2011 en –19 °C yn 1899. Tallahassee kriget jiers trochinoar 1.506 mm delslach. Snie falt der mar komselden, yn trochsneed 2,5 sm ienris yn 'e 17 jier. De orkanen dy't foar in grut part fan Floarida in wiere pleach foarmje, geane ornaris by Tallahassee lâns; de lêste kears dat de stêd datoangeande de folle laach krige, wie yn 1985, doe't de orkaan Kate deroerhinne walste.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.