Springe nei ynhâld

Orlando (Floarida)

Ut Wikipedy
Orlando
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Floarida
County Orange County
Sifers
Ynwennertal 249.562 (2012)
Oerflak 287 km² (ynkl. wetter)
265 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 898,6 / km²
Stêdekloft 2.223.674 (2012)
Hichte 25 m
Oar
Stifting 1842
Tiidsône UTC-5
Simmertiid UTC-4
Koördinaten 28°24′57″N 81°17′56″W
Offisjele webside
www.cityoforlando.net
Kaart
De lizzing fan Orlando yn Orange County en yn 'e steat Floarida.

Orlando is in stêd yn 'e súdeastlike Amerikaanske steat Floarida, dy't dêr frij sintraal leit yn it binnenlân fan it skiereilân, likernôch 130 km noardwestlik fan Tampa, en rûchwei healwei Miami en Jacksonville. Orlando is it haadplak fan it omlizzende Orange County en it sintrum fan in stêdekloft dy't fan Grut-Orlando neamd wurdt. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie de stêd doe krapoan 250.000 ynwenners, wêrmei't it yn befolkingsgrutte de fyfde stêd fan Floarida en de 77ste fan 'e Feriene Steaten is. De stêdekloft Grut-Orlando, mei alle foarstêden derby, hie yn 2012 rom 2,2 miljoen ynwenners. Orlando hat as bynamme The City Beautiful ("De Prachtige Stêd"), en stiet bekend om it ferdivedaasjepark Disney World en it dolfinarium SeaWorld Orlando.

De earste Jeropeänen diene de omkriten fan Orlando yn 1536 oan. De namme fan 'e stêd giet, nei't men seit, werom op in Orlando Reeves, in kolonist dy't him by it Amerikaanske Leger jûn hie, en dy't yn 1835, ûnder de Twadde Seminoalske Oarloch, omkaam by in oanfal fan 'e Seminoalen, de Yndiaanske bewenners fan Floarida. Mooglik is dat in leginde, want yn 'e santiger en tachtiger jierren waard yn 'e legerargiven lange tiid omdôch nei de namme Orlando Reeves socht. Foar't de namme Orlando ynboargere rekke, stie de krite bekend as Jernigan, nei de feeboer Aaron Jernigan, de earste permaninte bewenner, dy't yn 1842 it lân yn eigendom krige dêr't Orlando no leit. De measte Amerikaanske kolonisten setten har pas yn 'e 1850-er jierren yn it gebiet nei wenjen, doe't mei de Amerikaanske oerwinning yn 'e Tredde Seminoalske Oarloch de Yndiaanske driging foargoed tsjinkeard wie. Ien fan harren wie in Súdkarolynjer, in Orlando Savage Rees, dy't ek grutte lânerijen yn Mississippy en noardlik Floarida besiet. Histoarisy achtsje it wierskynlik dat dat de wiere nammejouwer fan Orlando wie.

In strjitbyld yn it sintrum fan Orlando.

Mar hoe't it ek sij, Orlando waard yn 1842 stifte as Jernigan, en dy namme waard yn 1857 feroare yn Orlando. It jiers tefoaren wie de delsetting it haadplak fan Orange County wurden. It bleau lykwols in plakje fan neat yn 'e jierren foar en ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch, en begûn earst nei ôfrin fan 'e oarloch, yn 1865 te groeien. Yn 1885 krige it offisjeel de status fan stêd. De snuorje fan 1875 oant 1895 wurdt noch altiten beskôge as in goudene tiid yn 'e skiednis fan Orlando, doe't de stêd it sintrum wie fan 'e Florideeske sitrusfruchtetylt. De saneamde Grutte Froast, yn 'e winter fan 1894 op 1895, skansearre it meastepart fan 'e fruchtbeammen lykwols sà, dat de measte ûnôfhinklike fruitboeren oer de kop giene, en de fruchtetylt in oligopoalje waard fan in hantsjefol rike sitrusbaronnen. Om 'e kâns dat der nochris sa'n froastperioade komme soe, te ûntrinnen, ferpleatsten dy it hiele spul nei it suden ta, wêrby't Orlando beroaid efterbleau.

Yn 'e jierren tusken de iuwwiksel en de Earste Wrâldoarloch fûn Orlando himsels op 'e nij út as kueroard foar begoedige lju út noardliker steaten. Yn 'e tweintiger jierren wie der eefkes in run op lân yn Floarida (de saneamde Florida Land Boom), en de grûnprizen skeaten omheech. Mar doe't de steat tsjin 1930 troch ferskate orkanen troffen waard en dêrnei de Krisisjierren oanbrieken, kamen se like hurd wer omleech. Yn 'e Twadde Wrâloarloch waarden fuortby Orlando de Legerlofttsjinstbasis Orlando en it Legerfleanfjild Pinecastle oanlein. In grut part fan it legerpersoniel dat dêr stasjonearre wie, sette him letter yn Orlando nei wenjen. Boppedat wiene de beide fleanbases it begjin fan 'e loft- en romtefeartyndustry dy't him letter yn 'e stêd fêstige, te begjinnen mei in fabryk fan Lockheed Martin, yn 1956.

Yn 1965 kundige de Walt Disney Company oan dat der yn Orlando in nij ferdivedaasjepark boud wurde soe, dat Disney World komme soe te hjitten. It moast it âldere Disneyland, yn it Kalifornyske Anaheim, belykje kinne. Yn oktober 1971 gie it nije park iepen. Sûnt hat it Orlando in spilfunksje yn 'e Amerikaanske toerisme-yndustry besoarge, en dêropta in eksplosive befolkingsgroei (fanwegen de tanommen wurkgelegenheid). Oare ferdivedaasjeparken kloften yn 'e stêd gear om mei te profitearjen fan 'e grutte oantallen lju dy't op Disney World ôfkamen. Tsjinwurdich hat Orlando mear ferdivedaasjeparken en oare toeristyske attraksjes as hokker stêd yn 'e wrâld ek.

De skyline fan Orlando by nacht.

Orlando is de sit fan 'e Universiteit fan Sintraal-Floarida, dy't yn 2011 it twadde plak ynnaam op 'e ranglist fan 'e Amerikaanske universiteiten mei it heechste studintetal. In oar wichtich ynstitút foar heger ûnderwiis is it Florida A&M University College of Law. It Space and Science Research Center is ek fêstige yn Orlando.

De ekonomy fan Orlando stipet benammentlik op twa pylders; ien dêrfan is de hi-techyndustry. Dy is fral rjochte op digitale media, lânbou, loftfeart, romtefeart en kompjûtertechnology, bringt jiers $13,4 miljard yn 't laadsje en biedt wurk oan 53.000 minsken. Under de bedriuwen dy't fabriken, kantoaren of oare fasiliteiten yn Orlando hawwe, binne Lockheed Martin, Mitsubishi, Siemens, Hewlett-Packard, AT&T en Boeing.

It Kastiel fan Jiskepûster yn it ferdivedaasjepark Disney World.

Toerisme en ferdivedaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oare grutte sektor fan 'e ekonomy fan Orlando is it toerisme. De stêd hat in stikmannich tige populêre ferdivedaasjeparken, wêrfan't Disney World en it filmpark Universal Studios Florida it wichtichst binne, en dêrnjonken it wrâldferneamde dolfinarium en iepenbier akwarium SeaWorld Orlando. Dêrfandinne dat de stêd ek wol bekend stiet as The Theme Park Capital of the World ("De Ferdivedaasjeparkhaadstêd fan 'e Wrâld"). Yn it topjier 2004 waard Orlando besocht troch mear as 48 miljoen toeristen. Dêrmei wie it lange tiid de meast besochte Amerikaanske stêd. Pas yn 2009 stribbe New York Orlando foarby, nammentlik mei 45,3 miljoen besikers. Njonken de toeristyske yndustry hat Orlando nei Chicago ek de meast konvinsjesealen, en wediveret it mei Chicago en Las Vegas om 'e measte konvinsjebesikers fan it lân. Om al dy lju te bergjen moatte der fansels ek in útskriptige soad hotelkeamers wêze, en datoangeande hoecht Orlando yn 'e Feriene Steaten inkeld Las Vegas foargean te litten. Orlando is fierders ek de thúsbasis fan it ferneamde basketbaltiim de Orlando Magic.

In tommeldolfyn yn it dolfinarium SeaWorld Orlando.

Orlando wurdt betsjinne troch trije fleanfjilden. De grutste is it Orlando International Airport, dat op 't heden de drokste lofthaven fan Floarida is nei dy fan Miami. It Orlando Sanford International Airport is sitewearre yn 'e foarstêd Sanford, en spilet de twadde fioele. Fierders is der dan noch it Orlando Executive Airport dat meast brûkt wurdt troch priveefleantugen, oare lytsere tastellen en fleanskoallen.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Orlando 11,3% âlder as 65 jier en 22,0% jonger as 18 jier. Fierders bestie 47,6% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 15,9% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 41,3% blanken; 28,1% swarten; 25,4% Latino's; 3,8% Aziaten; 0,4% Yndianen; 1,0% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Yn Orlando wennet de grutste Portorikaanske mienskip fan hiele Floarida, en harren kulturele ynfloed op Midden-Floarida is ferlykber mei dy fan 'e Kubanen op 'e kultuer fan Súd-Floarida. Fierders hawwe der har yn Orlando en omkriten ek in protte lju út oare dielen fan it Karibysk Gebiet nei wenjen set, lykas Haïty, Jamaika en Trinidad en Tobago. Op taalkundich mêd waard yn 2010 fêststeld dat yn Orlando 75,3% fan 'e befolking yn 'e hûs inkeld Ingelsk spriek, wylst it Spaansk mei 16,6% op it twadde plak kaam. Dêrnei folgen Haïtiaansk-Kreoalsk (1,9%), Frânsk (1,3%), Portegeesk (0,9%) en Arabysk (0,5%).

Berne yn Orlando

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wjerljocht boppe Orlando.

Orlando leit oan 'e súdlike râne fan 'e subtropyske klimaatsône, mar hat ek skaaimerken fan in tropysk klimaat. It jier hat der twa seizoenen: in hjitte en reinige simmer (maaie-septimber) en in drûge en wat koelere winter (oktober-april). Hjerst en maityd komme der eins net foar. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 33,2 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 21,8 °C. Rekôrtemperatueren wiene 39 °C op 8 septimber 1921 en –8 °C op 28 desimber 1894. Orlando kriget jiers trochinoar 1.285,2 mm delslach. Snie komt der frijwol nea foar. By 't simmer bestiet de kâns dat Orlando troffen wurdt troch in orkaan, mei't it oan 'e noardlike râne leit fan 'e rûte dy't sokke slimme stoarmen del geane fan 'e Atlantyske Oseaan nei de Golf fan Meksiko. Dat barde bgl. yn 1960, en nochris yn 2004.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.