Lockheed Martin
Appearance
Lockheed Martin | ||
We never forget who we're working for | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Feriene Steaten | |
sektor | Loftfeart | |
haadkertier | Bathesda, Feriene Steaten | |
oprjochte | 1995 | |
fuortk. út | Lockheed Corporation en Martin Marietta | |
sifers | ||
omset | $ 45,6 miljard (2014) | |
winst | $ 3,6 miljard (2014) | |
aktyf yn | hiele wrâld | |
wurknimmers | 112.000 (febrewaris 2015) | |
offisjele webside | ||
(in) Lockheed Martin |
Lockheed Martin is de grutste loftfeart fabrikant en it bêste advanced technology bedriuw. It waard stifte yn 1995. It haadkertier stiet yn Bethesda, Maryland. It bedriuw jout wurk oan 112.000 minsken (2014) oer de gânse wrâld. Marillyn A. Hewson hat de lieding oer it bedriuw.
Lockheed Martin hat de grutste definsjekontrakten yn de wrâld. Yn 2005 kaam 95% fan Lockheed Martin syn ynkomsten fan it Ministearje fan Definsje fan de Feriene Steaten, oare Amerikaanske agintskippen fan it federale regear en útlânske militêre kunden.
Produkten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferneamde produkten fan Lockheed Martin binne as wiene ûnder oaren:
- Lockheed P-38 Lightning
- U-2 Dragon Lady
- Lockheed C-5 Galaxy
- F-16 Falcon / Viper
- F-22 Raptor
- C-130 Hercules
- P-3 Orion
- Phoenix (romtefartúch)
- DSCS-3 satellyt
- Atlas raket
- Titan raket
- Trident raket