Springe nei ynhâld

F-16 Fighting Falcon

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan F-16)
F-16 Fighting Falcon

F-16 Fighting Falcon

Fabrikant General Dynamics/Lockheed Martin
Earste flecht 2 febrewaris 1974
Yn tsjinst 17 augustus 1978 oant no
Tal makke 4570+
Oare fariant F-16XL
Mitsubishi F-2
In F-16 boppe Irak yn juny 2008

De F-16 Fighting Falcon is in militêr fjochtfleanmasine foar in bemanning fan 1 (F-16A/C) of 2 (F-16B/D). De Amerikaanske, Belgyske, Deenske, Nederlânske, Noarske en Turkske loftmachten beskikke ek oer dit type fleanmasine. Der binne oant 2005 mear as 4000 F-16's produsearre, en wurde troch de Feriene Steaten eksportearre. It lân mei de measte F-16's, de Feriene Steaten produsearret net mear foar eigen gebrûk. Bygelyks de Poalske, Sileenske en de Yndiaaske loftmacht hawwe ferlet fan nije (of brûkte) F-16's.

De F-16 is ûntwurpen troch General Dynamics, mar foar de Jeropeeske lannen boud troch ferskate Jeropeeske bedriuwen lykas Fokker (Nederlân) en SABCA fan it Belgysk fleanfjild Gosselies. Nei it ôfstjitten fan guon loftferdigeningsaktiviteiten troch General Dynamics hat Lockheed Martin de produksje oernaam.

It ûntwerp foar de F-16 kaam yn de Kâlde Kriich ta stân, nei in protte beswieren fan F-104 Starfighter piloaten. Der wie ferlet fan in nije fjochtfleanmasine, dy't rap keare koe yn de loft. De Starfighter wie bynammen foar hurd fleanen op in grutte hichte, om sa rap mooglik op harren doel te smiten en fuort te fleanen (hit and run).

De F-16 is by in grut tal konflikten ynset, lykas yn de Kâlde Kriich en yn it Midden-Easten. Foar de NAFO lannen tsjinnet de F-16 ek foar de feiligens fan it loftrom fan de NAFO-lannen.

De F-16 is in multyfunksjonele fjochtfleanmasine, in tastel dat foar meardere taken ynset wurde kin (wilens in missy kapabel in oare taak út te fieren). It kin oare fijanlike fleanmasinen ûnderskeppe, mar kin ek brûkt wurde foar grûndoelen en fotoferkenning.

Spesifikaasje (F-16C Block 30)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
F-16 3 skematysk oersjoch
F-16 3 skematysk oersjoch

Der binne 5 haadsearjes fan de F-16, hjir folget in spesifikaasje oersjoch fan de F-16C Block 30

Algemiene eigenskippen

  • Bemanning: 1
  • Lingte: 14.8 m
  • Spanwiidte fleugels: 9.8 m
  • Hichte: 4.8 m
  • Fleugeloerflak: 27.87 m²
  • Leech gewicht: 8.272 kg
  • Fol gewicht: 12.003 kg
  • Maksimum gewicht om fan 'e grûn te kommen: 16.875 kg
  • Enerzjy foarsjenning: 1× Pratt & Whitney F100-PW-220 of 1× General Electric F110-GE-100 turbofentilator mei neiferbrâner, F100 14,590 lbf en 23,770 lbf mei neiferbrâner; F110 17,155 lbf, 28,985 lbf mei neiferbrâner (F100 64.9 kN / 105.7 kN; F110 76.3 kN / 128.9 kN)

Prestaasjes

  • Maksimum faasje: 2,124 km/o (Mach 2,04)
  • Fleanberik: 3.200+ km
  • Fjochtberik: 550 km oan in heech-leech-heech missy mei seis 454 kg bommen
  • Maksimum tsjinstplafond: 55.000+ foet (15.240+ m)
  • Klimradius: 50.000 foet/min (255 m/s)
  • Maksimum fleugelbelêsting: 88.2 lb/ft² (430,7 kg/m²)

Bewapening

  • Fluchfjoerkanon: 1× M61 Vulcan 20 mm mei 511 patroanen
  • Raketten: CRV-7
  • Stjoer-raketten:
    • Loft-nei-loft: 6× AIM-9 Sidewinder of 6× AIM-120 AMRAAM of 6x Python-4
    • Loft-nei-grûn: 6× AGM-65 Maverick of 4× AGM-88 HARM
    • Tsjin seedoelen: 4× AGM-119 Penguin, 2x AGM-84D Harpoon (Singapoarsk/Israelysk F-16D)
  • Bommen: 2× CBU-87 kluster, 2× CBU-89 gator mine, 2× CBU-97, 4× GBU-10 Paveway, 6x GBU-12 Paveway II, 6x asfalt-searjes laser-stjoerde bommen, 4× JDAM, 4× Mk 80 searjes, ek wol nukleêre bommen lykas de B61 nukleêre bom.

Besibbe ûntwikkelings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons Commons: F-16 – foto, fideo en harktriemmen