Skyler Nicole

Ut Wikipedy
Skyler Nicole
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Skylar Nicole, Nala Symone
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 12 april 1995
berteplak Orlando (Floarida)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2013 – no
offisjele webside
Skyler Nicole op Instagram

Skyler Nicole, echte namme ûnbekend (Orlando, 12 april 1995), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan Afro-Amerikaansk etnysk komôf. Har skûlnamme wurdt ek wol (mis)stavere as Skylar Nicole, en hja hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e artystenamme Nala Symone. Skyler Nicole sette yn 2013 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn frijwat films.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skyler Nicole waard yn 1995 berne yn Orlando, yn 'e Amerikaanske steat Floarida. Yn 2013, doe't se 18 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie se mids 2018 ûnderwilens yn mear as sechstich films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Diabolic Video, Devil's Film, New Sensations en Elegant Angel.

Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Mile High Media, West Coast Productions, Metro en Third Degree Films. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America.

Under har karriêre hat Skyler Nicole gearwurke mei kollega-aktrises as Brooklyn Chase, Ana Foxxx, Yasmine de Leon en Jezabel Vessir, en mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Mick Blue, J. Mac, Sean Michaels, Mr. Pete, Lexington Steele, Criss Strokes en Bruce Venture. Njonken har aktearwurk is se ek aktyf as neakenmodel, en yn dy hoedanichheid hat se posearre foar ferskate Amerikaanske neakenblêden.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skyler Nicole is swart, mei brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.63 m lang, mei in gewicht fan 55 kg, en in natuerlike kupmaat 32B. Se hat gjin tatoeaazjes, mar wol ferskate piercings. Behalven de wenstige gatsjes yn 'e earlellen hat se ek in nâlpiercing, twa hûdpiercings (dermals) op 'e rêch en nochris twa hûdpiercings oan 'e 'bûtenkant' fan har beide eagen, boppe-oan har wangen.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(Dizze filmografy is ûnfolslein; sjoch hjirre foar in folsleine filmografy.)

  • 2013 - Adventures Of Average Joe 5
  • 2013 - Girls Playing Solo
  • 2013 - My Sweet Black Ruby Fruit
  • 2013 - Wet Black Ass Overload 2
  • 2014 - Angelic Black Asses
  • 2014 - Average Joe Shoots His Load: First 25 Loads
  • 2014 - Black Beauties
  • 2014 - Booty On The Bay
  • 2014 - Real Slut Party 19
  • 2014 - Sloppy Cocksuckers 2

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: