Brooklyn Chase

Ut Wikipedy
Brooklyn Chase
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme ?
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 14 maart 1986
berteplak San Diego (Kalifornje)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2012 – no
offisjele webside
gjint

Brooklyn Chase, echte namme ûnbekend (San Diego, 14 maart 1986), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 50 kg en kupmaat 32DD, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Chase waard yn 1986 berne yn San Diego, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Nei eigen sizzen die se har earste seksuële ûnderfining op doe't se fyftjin jier wie. Mei achttjin jier troude se mei har freon fan 'e middelbere skoalle. Foar't se by de pornoyndustry belutsen rekke, wurke se as manager.

Yn 2012, doe't se 26 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn likernôch 120 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Wicked Pictures, New Sensations, Evil Angel, Jules Jordan Video, Zero Tolerance, Digital Playground, Elegant Angel, Hustler Video, Red Light District, Devil's Film en Adam & Eve.

Ek hat Chase foar minder bekende studio's wurke, lykas Pure Play Media, Third Degree Films en Digital Sin. Fierders hat se ek in protte yn 't spier west foar pornosites op it ynternet, wêrûnder BangBros, Naughty America, Brazzers en Aziani.com, en hat se ynterrasiale pornografy dien foar de webside Blacks on Blondes. Yn 2015 waard Chase nominearre foar in AVN Award (de Oscar fan 'e pornoyndustry) yn 'e kategory bêste aktrise, foar har rol yn 'e film Odd Jobs. Njonken har aktearwurk hat se ek wol posearre foar neakenblêden.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2015 AVN Award nominearre bêste aktrise Odd Jobs

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: