Naughty America

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Naughty America
Naughty America logo.jpg
algemien
hist. namme SoCal Cash
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
type privaat
sektor pornografyske webside
haadkertier San Diego (Kalifornje)
oprjochte 2001
dochters Suite 703
offisjele webside
www.naughtyamerica.com

Naughty America ("Undogensk Amearika") is in Amerikaanske pornografyske webside en filmstudio, fêstige is yn San Diego, yn 'e steat Kalifornje, dy't him spesjalisearre hat yn it opnimmen fan seksfantasijen (wat foar it meastepart delkomt op realitypornografy).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nettsjinsteande de fermelding op it logo fan it bedriuw dat it "established in 1776" wêze soe, is it eins oprjochte yn 2001 as in lytsskalige studio ûnder de namme SoCal Cash (SoCal is de ôfkoarting fan Southern California, "Súdlik Kalifornje"). Yn 2004 waard it bedriuw omneamd ta Naughty America. De ferwizing nei 1776 slacht op 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsferklearring, wêryn't Thomas Jefferson stelde dat alle Amerikanen it rjocht hawwe op "libben, frijheid en it neijeien fan gelokkigens." It biedwurd fan Naughty America is Nobody Does It Better ("Nimmen Docht It Better").

Op 't heden hat Naughty America mear as 60 wurknimmers yn tsjinst, en hoewol't it de opnommen sênes foar in grut part oer it ynternet oan 'e man bringt, produsearret it ek tradisjonele dvd's, dy't sûnt novimber 2005 distribuëarre wurde troch de studio Pure Play Media.

Yn augustus 2007 sette Naughty America fierders útein mei it publisearjen fan The Naughty American, in nijs- en kommentaarwebside dy't berjochtet oer naughtiness ("ûndogenskens") út 'e hiele Feriene Steaten. Dizze útjefte, yn 'e regel ôfkoarte ta TNA, kin men fine op 'e offisjele webside fan it bedriuw (sjoch ûnder). Yn jannewaris 2008 lansearre Naughty America in ymprint foar homoseksuële pornografy, ûnder de namme Suite 703.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.