Springe nei ynhâld

Wesley Snipes

Ut Wikipedy
Wesley Snipes
akteur
Wesley Snipes yn 2009.
Wesley Snipes yn 2009.
persoanlike bysûnderheden
echte nammeWesley Trent Snipes
nasjonaliteit Amerikaansk
berne31 july 1962
berteplakOrlando (Floarida)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
jierren aktyf19862010 & 2013 – no
offisjele webside
Wesley Snipes yn 'e IMDb

Wesley Snipes (folút: Wesley Trent Snipes; Orlando, 31 july 1962), is in Amerikaansk akteur, filmprodusint en fjochtsportbeoefener fan Afro-Amerikaansk etnysk komôf. Hy briek yn 1989 troch mei syn byrol yn 'e honkbalfilm Major League en waard dêrnei fral bekend mei syn haadrollen yn aksjefilms as Passenger 57, Rising Sun, Murder at 1600 en U.S. Marshals. Yn 1998 spile Snipes it personaazje Blade, basearre op in stripfiguer út 'e stâl fan Marvel Comics, yn 'e fantasyfilm Blade, en sûnt is syn namme dêr ûnskiedber mei ferbûn. Yn 2008 waard er feroardiele foar belestingûntdûking, en fan 2010 oant 2013 siet er dêrfoar yn it tichthûs.

Wesley Snipes waard yn 1962 berne yn Orlando, yn 'e Amerikaanske steat Floarida, as de soan fan Wesley Rudolph Snipes, in loftfeartboukundige, en dy syn frou Maryann Long, in klasse-assistinte. Hy groeide op yn 'e rûge New Yorkske borough The Bronx, dêr't er it grutste part fan syn middelbere-skoaltiid trochbrocht. Nei't er mei syn âlden weromferhuze wie nei Orlando, slagge er dêr foar syn eineksamens oan 'e Jones High School. Neitiid learde Snipes fierder oan 'e Steatsuniversiteit fan New York te Purchase en ek oan it Súdwestkolleezje yn Los Angeles.

Wesley Snipes dielt hantekenings út.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't er 23 jier wie, waard Snipes ûntdutsen troch in agint út 'e filmyndustry wylst er meidie oan in wedstryd. Hy makke syn debút as akteur yn 'e film Wildcats, in Goldie Hawn-fehikel út 1986. Letter dat jier hied er in lyts roltsje yn 'e populêre plysjesearje Miami Vice, en yn 1987 spile er de aartsfijân fan popsjonger Michael Jackson yn dy syn troch topregisseur Martin Scorsese makke fideoklip Bad. Hoewol't er mei Bad de oandacht loek fan regisseur Spike Lee, dy't him frege foar in lyts roltsje yn syn komeedzjedrama Do the Right Thing, sloech Snipes dat oanbod ôf om ynstee de (gruttere) byrol fan Willie Mays Hayes foar syn rekken te nimmen yn 'e fermaaklike honkbalfilm Major League, mei Tom Berenger en Rene Russo yn 'e haadrollen. Mei dy film, dy't yn 1989 útkaam, briek Snipes troch.

Neitiid spile er û.m. de jazz-saksofonist Shadow Handerson yn Spike Lee syn Mo' Better Blues (1990) en in travestyt yn To Wong Foo, Thanks for Everything! Julie Newmar (1995). Teffens wied er te sjen yn in dramafilms as The Waterdance (1992) en komeedzjefilms lykas White Men Can't Jump (1992). Snipes waard lykwols fral bekend mei syn haadrollen yn aksjefilms, wêrûnder Passenger 57 (1992), mei Halle Berry; Rising Sun (1993), mei Sean Connery; Demolition Man (1993), mei Sylvester Stallone; Money Train (1995), mei Woody Harrelson en Jennifer Lopez; Murder at 1600 (1997), mei Diane Lane; en U.S. Marshals (1998), mei Tommy Lee Jones.

Wesley Snipes mei kollega Ethan Hawke yn 2009 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje.

Yn 1997 wûn Snipes op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje de Coppa Volpi foar bêste akteur foar syn optreden fan dat jier yn 'e film One Night Stand. It jiers dêrop, yn 1998, belibbe er syn grutste kommersjele súkses mei de titelrol yn 'e fantasyfilm Blade, dy't basearre is op in stripferhaal fan Marvel Comics. It giet oer in "deirinner" (daywalker), in persoan mei de boppeminsklike krêften fan in fampier, dy't lykwols gjin fampier is, en krekt de striid oanbynt mei dy kweadaardige wêzens. Dy film wie sa súksesfol dat er it begjin fan in mediafranchise waard, mei it ferfolch Blade II dat yn 2002 útkaam, en diel trije Blade: Trinity út 2004.

Tsjin dy tiid wie Snipes ek úteinsetten mei it produsearjen fan films, en hoewol't (of miskien wol omdat) er as produsint by it meitsjen fan Blade: Trinity belutsen wie, ûntstie der rûzje tusken him, filmstudio New Line Cinema en regisseur David S. Goyer. Snipes hold út dat syn salaris nea folslein betelle wie, dat er mei opsetsin bûten de casting fan 'e oare akteurs holden wie, en dat de byldtiid fan syn personaazje sûnder syn goedfinen beheind wie yn it foardiel fan syn tsjinspilers Ryan Reynolds en Jessica Biel. It spul rûn sels út op in rjochtsaak, al koe de ûnienichheid letter sust wurde, sadat it úteinlik binnenskeamers ta in (geheim holden) skikking kaam.

Wesley Snipes mei syn frou Nakyung Park, yn 2009.

Nei't Snipes syn finzenisstraf útsitten hie, makke er yn 2014 in comeback as Doc Death yn 'e aksjefilm The Expendables 3. Hy spile ek akteur en regisseur D'Urville Martin yn 'e biografyske film Dolemite Is My Name, mei Eddie Murphy yn 'e haadrol as komyk Rudy Ray Moore. Yn 2021 wurke Snipes op 'e nij gear mei Murphy, doe't er de rol fan 'e antagonist generaal Izzi spile yn 'e komeedzje Coming 2 America.

Snipes is in ekspêr yn ferskate fjochtsporten. Syn training dêryn begûn er doe't er tolve jier wie. Hy hat in fyfdegraads swarte bân yn shokotan-karate en in twaddegraads swarte bân yn hapkido. Fierders is er ek traind yn 'e Brazyljaanske fjochtsport/dûnsfoarm capoeira en ferskate oare dissiplines, lykas de Sineeske fjochtsport kung fu en de Brazyljaanske foarm fan jiu jiutsu. Mei syn broer runt Snipes in bedriuw dat befeiligingsminsken en liifwachten traind foar filmstjerren en oare pommeranten, ûnder de namme Amen-Ra, wat ek de namme is fan syn eigen filmstudio.

Snipes waard kristlik grutbrocht, mar bekearde him yn 1978 ta de islaam. Tsien jier letter, yn 1988, kearde er him ek fan dy godstsjinst ôf. Der binne oanwizings (lykas de namme fan syn bedriuwen en de nammen fan syn bern) dat er him oanlutsen fielt ta it kemetisme, it Egyptyske heidendom.

Snipes wie fan 1985 oant 1990 troud mei April Dubois, mei wa't er in soan krige, Jelani Asar Snipes (1988). Yn 2003 wertroude Snipes mei de keunstskilderesse Nakyung "Nikki" Park, mei wa't er fjouwer bern hat: soan Akhenaten Kihwa-T Snipes, dochter Iset Jua-T Snipes (2001), soan Alaafia Jehu-T Snipes (2004) en soan Alimayu Moa-T Snipes (2007). It gesin wennet in diel fan 'e tiid yn Park har heitelân Súd-Koreä, dat Snipes syn "twadde thúslân" neamd hat.

Wesley Snipes yn 2014, by de premiêre fan The Expendables 3.

Belestingûntdûking

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 12 oktober 2006 waarden Snipes, Eddie Ray Kahn en Douglas P. Rosile oanklage foar gearspanning om it regear fan 'e Feriene Steaten te bestellen (troch mei ferfalske gegevens oanspraak te meitsjen op foar miljoenen oan belestingweromjeften), it willensmoeds opjaan fan falske gegevens en seis ûnderskate gefallen fan belestingûntdûking. Yn reäksje hold Snipes út dat er in net yn 'e Feriene Steaten wenjend bûtenlanner is, hoewol't er yn wurklikheid sawol de Amerikaanske nasjonaliteit hat as yn 'e Feriene Steaten wennet. Fierders bewearde er dat der in foarbyld fan him makke waard fanwegen syn ferneamdens.

Nei in rjochtsaak dy't twa jier duorre, waard Snipes úteinlik op 1 febrewaris 2008 frijsprutsen fan 'e oanklachten fan gearspanning en it willensmoeds opjaan fan falske gegevens, mar skuldich befûn oan trije fan 'e seis gefallen fan belestingûntdûking. Op 24 april 2008 waard er sadwaande feroardiele ta trije jier finzenisstraf. (Syn mei-fertochten Kahn en Rosile waarden op alle punten skuldich befûn en krigen tsien, resp. fjouwer en in heal jier sel.) Yn heger berop waard it fûnis befêstige, wylst it Amerikaanske Heechgerjochtshôf Snipes syn berop net yn behanneling nimme woe. Snipes melde him dêrom op 9 desimber 2010 by de plysje en brocht krapoan twa en in heal jier troch yn in federaal tichthûs yn Pennsylvania. Hy kaam op 2 april 2013 omreden fan goed gedrach betider frij.

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
1984All My ChildrenMartygastrol; ôfl. #1.3877
1986Miami ViceSilkgastrol; ôfl. Streetwise
1987Vietnam War StoryBookmangastrol; ôfl. An Old Ghost Walks the Earth
1989A Man Called HawkNicholas Murdockweromkearende rol; ôfl. Choice of Chance en A Time and a Place
1989The Days and Nights of Molly DoddHoodgastrol; ôfl. Here's Why You Should Always Make Your Bed in the Morning
1990H.E.L.P.plysjeman Lou Bartonweromkearende rol; 6 ôfl.
1996America's DreamGeorge Du Vailtillefyzjefilm
1997Happily Ever After: Fairy Tales for Every Childde Rottefanger fan Hamelenas stimakteur; gastrol; ôfl. The Pied Piper
1998Masters of the Martial Arts Presented by Wesley Snipes   n.f.t.as presintator; ek tillefyzjeprodusint; tillefyzjespecial
1998FuturesportObike Fixxek tillefyzjeprodusint; tillefyzjefilm
2000Disappearing ActsFranklin Swiftek tillefyzjeprodusint; tillefyzjefilm
2001Dr. Benn.f.t.tillefyzjeprodusint; tillefyzjefilm
2003The Bernie Mac ShowDukegastrol; ôfl. Bernie Mac Rope-a-Dope
2015The PlayerJohnsonweromkearende rol; 9 ôfl.
2019What We Do in the ShadowsWesleygastrol; ôfl. The Trial
2021Paper EmpireDamon Mooreweromkearende rol; 4 ôfl.
2021True StoryCarltonweromkearende rol; 7 ôfl.
films
1986WildcatsTrumaine
1986Streets of GoldRoland Jenkins
1987Critical Conditionambulânsesjauffeur
1989Major LeagueWillie Mays Hayes
1990King of New Yorkresjersjeur Thomas Flanigan
1990Mo' Better BluesShadow Handerson
1991New Jack CityNino Brown
1991Jungle FeverFlipper Purify
1992The WaterdanceRaymond Hill
1992White Men Can't JumpSyd Deane
1992Passenger 57John Cutter
1993Boiling Pointspesjaal agint Jimmy Mercer
1993Rising Sunynspekteur Web Smith
1993Demolition ManSimon Phoenix
1994Sugar HillRome Skuggs
1994Drop ZoneU.S. marshal Pete Nessip
1995To Wong Foo, Thanks for Everything! Julie NewmarNoxeema Jackson
1995Money Trainplysjeman John Robinson
1995Waiting to ExhaleJames Wheelercameo
1996The FanBobby Rayburn
1996John Henrik Clarke: A Great and Mighty Walkn.f.t.as filmprodusint; dokumintêre
1997Murder at 1600resjersjeur Harlan Regis
1997One Night StandMax Carlyle
1998U.S. MarshalsMark J. Sheridan / Mark Roberts / Mark Warren   
1998The Big Hitn.f.t.as filmprodusint
1998Down in the DeltaWill Sinclairek filmprodusint
1998BladeEric Brooks / Bladeek filmprodusint
1999Play It to the Bonefan op earste rigecameo
2000The Art of Warspesjaal agint Neil Shawek filmprodusint
2002Liberty Stands StillAlex / Joe
2002Zig ZagDave Fletcher
2002Blade IIEric Brooks / Bladeek filmprodusint
2002UndisputedMonroe "Undisputed" Hutchensek filmprodusint
2004Unstoppablespesjaal agint Dean Cage
2004Blade: TrinityEric Brooks / Bladeek filmprodusint
20057 SecondsJack Tulliverdirekt-op-fideo útbrocht
2005The MarksmanEnter "The Marksman" Painterdirekt-op-fideo útbrocht
2005ChaosLorenz / Jason Yorkdirekt-op-fideo útbrocht
2006The Detonatorspesjaal agint Sonni Griffithdirekt-op-fideo útbrocht
2006Hard LuckLuckydirekt-op-fideo útbrocht
2007The Contractorspesjaal agint James Jackson Dialdirekt-op-fideo útbrocht
2008The Art of War II: Betrayalspesjaal agint Neil Shawdirekt-op-fideo útbrocht
2009Brooklyn's FinestCasanova "Caz" Phillips
2010Game of Deathspesjaal agint Marcus Jonesdirekt-op-fideo útbrocht
2012Revelations of the Mayans: 2012 and Beyondn.f.t.as filmprodusint; dokumintêre
2012GallowwalkersAmandirekt-op-fideo útbrocht
2014The Expendables 3Doctor "Doc" Death
2015Chi-RaqSean "Cyclops" Andrews
2017The RecallThe Hunterek filmprodusint
2017Armed ResponseIsaacek filmprodusint; direkt-op-fideo útbrocht
2019Dolemite Is My NameD'Urville Martin
2020Cut Throat CityLawrence
2021Coming 2 Americageneraal Izzi
20??Back on the StripLuther "Mr. Big"
fideoklips
1987BadMini Maxfan Michael Jackson, regissearre troch Martin Scorsese
fideospultsjes
1994Demolition ManSimon Phoenixlive-action
2011Julius Styles: The InternationalJulius Stylesas stimakteur

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.