Lansing (Michigan)
Lansing | ||
![]() |
||
Downtown Lansing | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 114.297 (2010) | |
Oerflak | 90,6 km² | |
Befolkingstichtens | 1315/km² | |
Stêdekloft | 464.036 | |
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Michigan | |
County | Ingham County | |
Oar | ||
Stifting | 1835 | |
Tiidsône | EST (UTC-5) | |
Simmertiid | (UTC-4) | |
Koördinaten | ||
Webside | City of Lansing Official Website |
Lansing is de haadstêd fan de Amerikaanske steat Michigan en hat 114.297 ynwenners (2010). De hiele agglomeraasje fan Lansing telt 464.036 ynwenners (2010). Lansing befynt him tusken Chicago en Detroit tusken de Grutte Marren. De stêd docht Europeesk oan en hat de bêst oplate befolking fan de FS en hat in grut tal opliedingsintrums. Yn de stêd is ek de universiteit Michigan State University te finen.
Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fan de befolking is 9,7 % âlder as 65 jier en bestiet foar 33,2 % út ienpersoanshúshâldens. De wurkleazens bedraacht 3,3 % (sifers folkstelling 2000).
Sawat 10 % fan de befolking fan Lansing bestiet út hispaniks en latino's, 21,9 % is fan Afrikaanske oarsprong en 2,8 % fan Aziatyske oarsprong.
It tal ynwenners gie nei ûnderen fan 126.932 yn 1990 nei 119.128 yn 2000.
Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn jannewaris is de trochsneed temperatuer -6,2 °C, yn july is dat 21,6 °C. Alle jierren falt der yn trochsneed 777,7 mm delslach (gegevens op basis fan de mjitperioade 1961-1990).
Berne yn Lansing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Burt Reynolds (11 febrewaris 1936), akteur
- John Hughes (18 febrewaris 1950), Amerikaansk filmregisseur, -produsint en senarioskriuwer
- Steven Seagal (10 april 1952), akteur
- Magic Johnson (14 augustus 1959), basketballer
- Josh Lambo (19 novimber 1990), fuotballer
Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
