Police Academy 4: Citizens on Patrol

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Police Academy 4:
Citizens on Patrol
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Police Academy 4-Citizens on Patrol logo.png
makkers
regisseur Jim Drake
produsint Paul Maslansky
Donald West
senario Gene Quintano
kamerarezjy Robert Saad
muzyk Robert Folk
filmstudio Warner Bros.
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Steve Guttenberg
G.W. Bailey
byrollen Bobcat Goldthwait
Bubba Smith
Michael Winslow
Tim Kazurinsky
Leslie Easterbrook
David Graf
Lance Kinsey
George Gaynes
Billie Bird
Sharon Stone
David Spade
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 3 april 1987
foarm langspylfilm
sjenre komeedzjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 88 minuten
budget en resultaten
budget $17 miljoen
opbringst $76,8 miljoen
filmsearje
filmsearje Police Academy
● foarich diel Police Academy 3: Back
   in Training
● folgjend diel Police Academy 5:
   Assignment Miami Beach

Police Academy 4: Citizens on Patrol is in Amerikaanske komeedzjefilm út 1987 ûnder rezjy fan Jim Drake, mei yn 'e haadrollen Steve Guttenberg en G.W. Bailey. De titel betsjut "Plysjeskoalle 4: Boargers op Patrûlje". De film is it fjirde diel fan 'e Police Academy-filmsearje, en folget as sadanich op Police Academy 3: Back in Training, út 1986. It ferhaal folget in groep eksintrike plysjes dy't ferbûn binne oan 'e pleatslike plysjeskoalle, as de kommandant fan dat ynstitút in lumineus idee kriget: tenei moatte boargers mei de plysje op patrûlje, sadat twa kear safolle misdiedigers pakt wurde kinne. Police Academy 4: Citizens on Patrol krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in kommersjeel súkses. In folgjend diel út deselde searje, Police Academy 5: Assignment Miami Beach, kaam út yn 1988.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om it twillingprobleem fan ûnderbesetting en oerwurking by de plysje yn 'e stêd oan te pakken, betinkt kommandant Eric Lassard fan 'e pleatslike plysjeskoalle it projekt Citizens on Patrol ("Boargers op Patrûlje"), ôfkoarte ta COP (cop is Ingelsk foar "smearis"). Citizens on Patrol wol gewoane boargers by it plysjewurk belûke troch se in koarte oplieding te jaan en dêrnei yn 'e eigen wyk as in soarte fan 'helppysjes' yn te setten. Se rinne dêr wat om en as se wat sjogge dat net yn 'e heak is, skilje se de echte plysje om regaad te meitsjen. Dêrtroch sil de plysje eagen op mear plakken hawwe, wylst de ynset folle effisjinter beävensearre wurde kin. Haadynspekteur Harris, dy't no de lieding hat oer ien fan 'e plysjeburo's yn 'e stêd, lit fuortendaliks al blike dat er it plan fan Lassard healwiis en ûnútfierber fynt, mar kommissaris Hurst fertelt him dat de boargemaster en de gûverneur it geniaal fine, dat as er klachten hat, moat er dy mar by harren oppenearje. Dêr past de ambisjeuze Harris lykwols foar.

Om't it Lassard syn idee is, wurdt it COP-programma op 'e plysjeskoalle yn 'e praktyk brocht. As ynstrukteurs foar de dielnimmers oan it projekt stelt Lassard oan: de grapmakker Carey Mahoney, de reuseftige Moses Hightower, de wielderich foarme mar bikkelhurde Debbie Callahan, de elts lûd imitearjende Larvell Jones, de troch fjoerwapens obsedearre Eugene Tackleberry, de lytse en bangige Carl Sweetchuck, de ynfantile âld-bindelieder Zed McGlunk en de heechstimmige Laverne Hooks.

De dielnimmers binne sels ek wer in eksintryk selskip, ûnder wa de ekstreem obese Tommy Conklin, dy't omreden fan syn omfang de bynamme 'House' hat; frou Feldman, in dame op hege jierren dy't krekt as Tackleberry alhiel ûnder de tsjoen fan fjoerwapens is; heit Kirkland, Tackleberry syn eigen skoanheit; Milt Butterworth, in glêde mar net botte súksesfolle abbekaat; en de jonge skateboarders Kyle en Arnie. Dy beide binne troch haadynspekteur Harris arrestearre foar fersteuring fan 'e iepenbiere oarder en moatte de finzenis yn oant Mahoney de rjochter bepraat om se ynstee by wize fan bestraffing oan it COP-programma meidwaan te litten.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Wylst it projekt fan start giet, hat Harris syn miening dat it oerdragen fan plysjewurk oan boargers achterlik is, noch altyd net feroare. Koarte tiid letter reizget kommandant Lassard nei Jeropa om in plysjekonferinsje by te wenjen, dêr't er syn eardere studint Tomoko Nogata wer treft. Dyselde makket no diel út fan 'e Japanske delegaasje. Underwilens wurdt Harris troch kommissaris Hurst oansteld as plakferfanger fan Lassard. Dêrmei kriget er net inkeld sizzenskip oer de plysjeskoalle, mar ek oer it COP-projekt. Hy is wisberet om dat projekt te sabotearjen, sadat Lassard de skuld krije sil fan in falend programma en hysels Lassard syn post as kommandant fan 'e plysjeskoalle oernimme kin. Tegearre mei syn ûnnoazele assistint, ynspekteur Carl Proctor, set er útein mei in kampanje om it projekt te ûndermynjen.

Ta ferheardens fan Harris en Proctor en tefredenens fan Mahoney en syn maten dogge de COP-frijwilligers it lykwols behoarlike goed yn 'e trainingsfaze. Frou Feldman kin mei alle wapens prima oer de wei, wat in bân skept tusken har en Tackleberry, dy't it âldminske oan syn mem tinken docht. Mahoney kriget ûnderwilens in relaasje mei Claire Mattson, in sjoernaliste dy't fan Lassard tastimming krigen hat om it COP-programma op 'e plysjeskoalle fan deunby te folgjen.

By de training om in drinkeling te rêden, rekket Arnie mei fyts en al te wetter en moat 'rêden' wurde troch Zed. Dy ferliest dêrby syn Mickey Mouse-horloazje, dêr't er in sin by hie om't it it lêste wie wat er stellen hat foar't er him by de plysje joech. Oan 'e oare kant wint er de leafde fan Laura, ien fan 'e frijwilligers, dy't bewiist dat de leafde echt blyn is as se smoarfereale op him rekket. It momint wurdt fersteurd troch Harris, dy't sawol Zed as Laura mislediget. Dat liedt derta dat Zed letter wraak nimt as Harris ûnder de dûs stiet, troch syn deodorant te ferfangen troch triengas. It gefolch is dat Harris by himsels brânwûnen yn syn earmholten feroarsaket.

As it ûnderwiis fan 'e wetterfeilichheids- en rêdingstechniken ferfette wurde ûnder lieding fan Callahan, springt se sels yn in wyt T-shirt yn it swimbad om in drinkeling te spyljen, mei as gefolch dat it T-shirt trochskinend wurdt en har grutte boarsten likegoed te sjen binne as wie se topless. As se om frijwilligers freget om har te rêden springe alle manlike dielnimmers oan it COP-projekt har fuortendaliks efternei it wetter yn. Letter heart Jones frijwilligers House, Kyle en Arnie ûnderling bepraten dat it eins sa wol takin mei de training, om't se alles al witte dat se witte moatte om as follearde plysjes oan it wurk te gean. Dy nachts helje Jones, Mahoney, Hightower en Tackleberry in grap mei harren út dy't it tsjinstelde bewiist.

Nei't frou Feldman, Butterworth en Laura by fersin in undercoveroperaasje fan 'e plysje, dêr't moannen wurk yn sit, ferpeste troch de plysjes te arrestearjen om't se miene dat it echte kriminelen binne, wurdt it COP-programma, ta blydskip Harris, opskoarre. As er de kâns te baat nimt om 'e dielnimmers allegear flink de mantel út te fegen, wêrby't er oanhâldend gebrûk makket fan in megafoan, smaart Mahoney, dy't him bot ergeret oan it hâlden en dragen fan Harris, it mûlstik yn mei sekondelym wylst Harris ôflaat wurdt troch Claire. As er dêrnei wer troch de megafoan begjint te roppen en razen, kin er it ding letter net mear fan 'e lippen ôf krije en moat er nei it sikehûs om holpen te wurden.

Dat feroaret der lykwols neat oan dat Lassard fan in sljochte reis thúskomt as er mei Nogata en heechpleatste plysjefunksjonarissen út in tsiental lannen weromkeart, dy't er syn COP-programma yn aksje sjen litte wol. Om't it programma opskoarre is, nimt Harris de heechpleatste gasten mei foar in rûnlieding troch syn plysjeburo. Dêr hat Proctor himsels lykwols krekt op ûnnoazele wize oermasterje litten troch de arrestanten, ûnder wa in binde behurde bankrôvers en in team fan ninja's. As de rûnlieding Harris-en-dy yn it selleblok bringt, slute de útbrutsen finzenen harren op yn 'e sellen en naaie sels út. Guon fan harren geane streekrjocht nei de neiste bank om troch in bankoerfal oan jild te kommen, mar dêrby wurde se opmurken troch frou Feldman, dy't Tackleberry om help freget. Tegearre witte se de bankoerfallers oermânsk te wurden en wer finzen te nimmen, wêrnei't Harris, Proctor en de bûtenlânske plysjes befrijd wurde.

Underwilens hawwe Jones, Nogata en Callahan de ninja's folge nei de haven, dêr't se oan board fan in sylskip koarte metten mei de kriminelen meitsje. Ferskate oare ûntsnapte kriminelen ûntkomme nei in loftshow, dêr't twa fan harren in antyk dûbeldekkerfleantúch kape, wylst twa oaren besykje fuort te kommen yn hjitte-luchtballon. Mahoney en Claire, en Tackleberry, Sweetchuck en Zed sette harren yn twa oare kaapte dûbeldekkerfleantugen efternei, wylst Harris en Proctor Harris syn ear besykje te rêden troch in twadde hjitte-luchtballon op te foarderjen. As Proctor lykwols in warskôgingsskot lost, sjit er harren eigen ballon lek. Hy en Harris stoarte del yn in rivier fuort foar in reuseftige wetterfal en moatte rêden wurde troch House, Kyle, Arnie en Butterworth.

Tackleberry springt út syn fleantúch boppe-op de kaapte ballon en lit him by in tou lâns nei de koer ta glydzje, dêr't er de beide kriminelen oermasteret. Troch dy riskante aksje bliuwe Zed en Sweetchuck allinne yn it fleantúch efter, dat net ien fan beiden bestjoere kin. It einiget dermei dat se derút wippe as it fleantúch ûnderstboppest komt te fleanen, wêrnei't se tegearre oan ien parasjute al fjochtsjend feilich de grûn witte te berikken. Zed makket mei dy 'rêding' fan Sweetchuck nije yndruk op Laura. Mahoney fiert heech yn 'e loft halsbrekkende toeren út troch fan Claire har fleantúch oer te stappen nei dat fan 'e kriminelen en harren ûnder bedriging mei in pistoal te twingen om harren tastel oan 'e grûn te setten. Troch Harris syn dûbele falen en it feit dat Lassard syn mannen en de frijwilligers fan it COP-projekt derfoar soarge hawwe dat alles dochs wer goed kommen is, wurdt it COP-programma ta ôfgriis fan Harris op 'e nij opstart en ta in súkses ferklearre.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

G.W. Bailey as haadynspekteur Thaddeus Harris (1989).
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
brigadier Carey Mahoney Steve Guttenberg
haadynspekteur Thaddeus Harris G.W. Bailey


byrollen
personaazje akteur/aktrise
plysje Zed McGlunk Bobcat Goldthwait
brigadier Moses Hightower Bubba Smith
brigadier Larvell Jones Michael Winslow
plysje Carl Sweetchuck Tim Kazurinsky
ynspekteur Debbie Callahan Leslie Easterbrook
brigadier Eugene Tackleberry David Graf
ynspekteur Carl Proctor Lance Kinsey
kommandant Eric Lassard George Gaynes
frou Feldman Billie Bird
Claire Mattson Sharon Stone
Kyle Rumford David Spade
brigadier Laverne Hooks Marion Ramsey
plysje Tomoko Nogata Brian Tochi
kommissaris Henry J. Hurst George R. Robertson
ynspekteur Kathleen Kirkland Tackleberry Colleen Camp
plysje Bud Kirkland Andrew Paris
brigadier Chad Copeland Scott Thomson
Milt Butterworth Derek McGrath
Arnie Lewis Brian Backer
Tommy "House" Conklin Tab Thacker
Laura Corinne Bohrer
Zack Tex Cobb
Todd Michael McManus
heit Kirkland Arthur Batanides
mem Kirkland Jackie Joseph
rjochter Jack Creley
dichteresse Kay Hawtrey
bankberôver TJ Scott
resepsjonist yn rêsthûs Paul Maslansky (cameo)

De film omfettet ek cameo-optredens fan profesjonele skateboarders Steve Caballero, Chris Miller, Tommy Guerrero, Lance Mountain en Mike McGill. Skateboarder Tony Hawk fungearre as stunt double foar David Spade yn 'e skateboardsênes.

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Police Academy 4: Citizens on Patrol waard regissearre troch Jim Drake nei in senario fan Gene Quintano. As produsinten wiene Paul Maslansky en Donald West by it projekt belutsen foar de filmstudio Warner Bros. Foar de film wie in budget beskikber fan $17 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Robert Saad, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Robert Folk.

Cast[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wat de cast oangiet, is Police Academy 4: Citizens on Patrol opmerklik om ferskate redens. Yn it foarste plak kearde haadynspekteur Harris (spile troch G.W. Bailey), fan wa't sûnt Police Academy 1 neat mear fernommen wie, werom as de wichtichste antagonist. (Yn 'e foargeande beide films waard dy funksje ferfolle troch Art Metrano as haadynspekteur Mauser, mar Metrano fûn it nei twa film moai west.) Fierders wie Police Academy 4: Citizens on Patrol de lêste Police Academy-film mei Steve Guttenberg yn 'e haadrol as brigadier Carey Mahoney. Ek foarme de film it debút as filmakteur fan in jonge David Spade as in liddichgeande skateboarder.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Police Academy 4: Citizens on Patrol waard fersoarge troch Warner Bros. De film iepene op 3 april 1987 yn 'e Amerikaanske bioskopen. De soundtrack fan 'e film waard yn 1987 op LP en kassettebantsje útbrocht troch platemaatskippij Motown Records. Oant 2013 bleau Police Academy 4: Citizens on Patrol de iennichste Police Academy-film dêr't de soundtrack fan útbrocht wie.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Police Academy 4: Citizens on Patrol oer it algemien negative resinsjes. Janet Maslin skreau yn The New York Times dat it net sa wie dat "de film net grappich is; […] inkeld dat it gefoel foar humor dêr't er op rjochte is, tige spesifyk is." Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Police Academy 4: Citizens on Patrol in goedkarringspersintaazje fan 0%, basearre op 20 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is totaal, folslein, troch en troch en alderraarste ûngrappich en lit de ienris ûnskeadlike mediafranchise nei pynlike nije djipten sakje." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Police Academy 4: Citizens on Patrol in goedkarringspersintaazje fan 26%, basearre op 8 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Police Academy 4: Citizens on Patrol brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $28,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $48,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $76,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $17 miljoen betsjut dat in winst fan $59,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

De film waard nominearre foar in Golden Raspberry Award (de Amerikaanske 'prizen' foar de minste prestaasjes op it mêd fan 'e filmkeunst) yn 'e kategory minste orizjinele liet (foar Let's Go to Heaven in My Car). Dat wie de iennichste kear yn 'e hiele Police Academy-filmsearje dat in film nominearre waard foar in Golden Raspberry Award yn lykfol hokker kategory.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Police Academy (filmsearje)
Police Academy (1984) • Police Academy 2: Their First Assignment (1985) • Police Academy 3: Back in Training (1986) • Police Academy 4: Citizens on Patrol (1987) • Police Academy 5: Assignment Miami Beach (1988) • Police Academy 6: City under Siege (1989) • Police Academy: Mission to Moscow (1994)