Springe nei ynhâld

Police Academy 3: Back in Training

Ut Wikipedy
Police Academy 3:
Back in Training
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Jerry Paris
produsint Paul Maslansky
Donald West
senario Gene Quintano
kamerarezjy Robert Saad
muzyk Robert Folk
filmstudio Warner Bros.
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Steve Guttenberg
Art Metrano
byrollen Bubba Smith
George Gaynes
Leslie Easterbrook
David Graf
Michael Winslow
Marion Ramsey
Shawn Weatherly
Lance Kinsey
Tim Kazurinsky
Bobcat Goldthwait
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 21 maart 1986
foarm langspylfilm
sjenre komeedzjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 83 minuten
budget en resultaten
budget $12 miljoen
opbringst $107,6 miljoen
filmsearje
filmsearje Police Academy
● foarich diel Police Academy 2: Their
   First Assignment
● folgjend diel Police Academy 4: Citizens
   on Patrol

Police Academy 3: Back in Training is in Amerikaanske komeedzjefilm út 1986 ûnder rezjy fan Jerry Paris, mei yn 'e haadrollen Steve Guttenberg en Art Metrano. De titel betsjut "Plysjeskoalle 3: Wer op Training". De film is it trêde diel fan 'e Police Academy-filmsearje, en folget as sadanich op Police Academy 2: Their First Assignment, út 1985. It ferhaal folget in groep eksintrike plysjes as ien fan 'e beide plysjeskoallen yn 'e steat ticht moat en sy harren âlde skoalle sjen moatte te rêden. Police Academy 3: Back in Training krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in grut kommersjeel súkses. In folgjend diel út deselde searje, Police Academy 4: Citizens on Patrol, kaam út yn 1987.

Yn in anonime parkearkelder moetsje Ernie Mauser, dy't no de kommandant fan in plysjeskoalle is, en syn ûnnoazele assistint, ynspekteur Carl Proctor, de brigadiers Kyle Blanks en Chad Copeland. Mauser is gewaarwurden dat it steatsregear yn it ramt fan besunigings ien fan 'e beide plysjeskoallen yn 'e steat slute wol, en hy is wisberet dat dat net syn eigen skoalle wêze sil. Dêrom wol er dat Blanks en Copeland de boel op 'e rivalisearjende plysjeskoalle fan kommandant Eric Lassard sabotearje. Dy beiden, dy't noch altyd wrok koesterje tsjin Lassard-en-dy om't se as minsten fan har klasse foar de oplieding slagge binne, stimme mei it foarstel fan Mauser yn.

De folgjende deis makket gûverneur Neilson yndie bekend dat der tenei noch mar ferlet is fan mar ien plysjeskoalle. Dêrom hat er in kommisje fan ekspêrs yn it libben roppen dy't de beide skoallen yngeand hifkje sille om ta in beslút te kommen hokker iepen bliuwe moat en hokker sletten wurde sil. Mauser besiket fuortendaliks om in wyt fuotsje by de gûverneur te heljen, mar brigadier Larvell Jones, in fertrouling fan Lassard dy't elts lûd imitearje kin dat er in kear heard hat, set him foar skut troch eltse kear as er syn mûle iependocht om wat te sizzen, lûde krôklûden te meitsjen.

Lassard beslút dat er syn team fan ynstrukteurs fersterkje moat as er winne wol, dat hy ropt de grapmakker Carey Mahoney, de heechstimmige Laverne Hooks, de reuseftige Moses Hightower en de troch fjoerwapens obsedearre Eugene Tackleberry werom nei de plysjeskoalle om Jones en de wielderich foarme mar bikkelhurde ynspekteur Debbie Callahan by te stean. In nije lichting rekruten tsjinnet him oan, mei dêrûnder:

  • de kreaze Karen Adams, ta wa't Mahoney him fuortendaliks oanlutsen fielt, mar dy't neat fan him hawwe moat;
  • Violet, de frou fan 'e knoffelige brigadier Fackler, dy't it ferbod fan har man om by de plysje te gean negearret;
  • Bud Kirkland, de boksende sweager fan Tackleberry;
  • Tomoko Nogata, in útwikselingskadet út Japan dy't him oarspronklik by de skoalle fan Mauser oanmeldt, mar troch Mauser 'deportearre' wurdt nei de skoalle fan Lassard;
  • Carl Sweetchuck, in bangige, (letterlik) lytse middenstanner dy't yn 'e foargeande film oanhâldend lestich fallen waard troch in pleatslike binde;
  • en Zed McGlunk, de ynfantile lieder fan dy binde, dy't no lykwols op it rjochte paad bedarre is.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nei't de nije kadetten noch mar in pear wiken yn training binne, is Nogata al smoarfereale op 'e foluptueuze Callahan rekke. Sweetchuck wol opjaan nei't er troch it dielen fan in sliepkeamer mei Zed sa njonkelytsen wol by de muorren op fleane kin, mar Tackleberry ûntpraat him dat en nimt it lytse mantsje ûnder syn hoede. Underwilens soargje Blanks en Copeland derfoar dat de kadetten healwize dingen dogge dy't de leden fan 'e beoardielingskommisje skodholje litte. As se beävensearje dat de rekruten op patrûlje stjoerd wurde wylst se dêr noch lang net klear foar binne, rint it spul út op in fiasko. De jûns, yn 'e stamkroech fan 'e plysje, stekt Mauser syn leedfermaak net ûnder stuollen of banken. Mahoney beslút him in leske te learen en ferliedt him ta it meidwaan oan in smaaktest, wêrfoar't er him blyndoeket mei ducttape. Neitiid hat Mauser ferlet fan 'e help fan Proctor om 'e tape wer te ferwiderjen, mar mei de tape rekket er ek syn wynbrauwen kwyt.

De oare deis sprekt kommandant Lassard de kadetten as groep mei in taspraak moed yn, wylst Mahoney mei elts fan 'e kadetten ôfsûnderlik praat. Adams begjint by harren petear einlings wat te ûntteien. Op it plysjebal, dat dy jûns yn in pleatslik hotel plakfynt, moetet Mahoney deselde prostituee dêr't er in pear jier lyn ris gedoente mei hân hat (sjoch: Police Academy). Nei't Proctor him en Adams mislediget, betellet Mahoney de prostituee om in streek mei Proctor út te heljen. Proctor lit him troch har meitroaie nei in hotelkeamer, mar nei't er him alhiel útklaait hat, slút se him bûten. Proctor besiket neitiid om neaken thús te kommen, mar ûnderweis moat er beskûl sykje yn in gebou, dat ta syn skrik en ôfgriis de homobar The Blue Oyster blykt te wêzen.

Underwilens wriuwt Mauser it even goed by Lassard yn dat hysels oan 'e winnende hân is. Dêrop jout Mahoney in taspraak wêryn't er seit dat Mauser fynt dat wat oant no ta bart is, net meitelle moat foar de beoardieling, en dat inkeld sjoen wurde moat nei de kommende wiken. Hy betanket Mauser dêr wiidweidich foar en stekt de mikrofoan dan yn in glês wetter. As Mauser de mikrofoan beetgrypt om alles te ûntkennen, jout er himsels dêrmei in elektryske skok.

Op 'e lêste dei fan sawol de training fan 'e nije rekruten as de evaluaasje fan 'e beide plysjeskoallen moat der fan eltse oplieding ien kadet nei in feest ta dat organisearre wurdt troch gûverneur Neilson. Fan Lassard syn skoalle wurdt kadet Hedges stjoert, dy't út in ryk maatskiplik fermidden komt, en him mank de elitêre gasten fan 'e gûverneur dus goed steande witte sil te hâlden. Mauser hjit Proctor om kadet Baxter te stjoeren, mar mei't der oan harren skoalle twa kadetten binne mei dy efternamme, misbegrypt Proctor de opdracht en stjoert beide. Deselde deis binne Blanks en Copeland dwaande mei it yn 'e bulten jeien fan it kompjûtersysteem dat de ynset fan 'e kadetten fan Lassard syn skoalle regelet. Dêrby wurde se op 'e die trappearre troch de lytse, ûngefaarlik lykjende Hooks, dy't sa poer wurdt dat se de saboteurs allebeide yn ien kear bewusteleas slacht.

Op it feest fan 'e gûverneur ûntdekt Hedges ûnderwilens dat in binde oerfallers op it punt stiet om 'e gasten te berôvjen; hy hat noch krekt de tiid om in needoprop troch te jaan foar't er oermastere wurdt. As de oerfallers har pistoalen lûke, falle de beide Baxters derhinne. Mauser beskôget it boadskip fan Hedges as in trúkje fan Lassard om him deryn rinne te litten, en negearret it, mar Lassard-en-dy tsjogge mei mannemacht nei it feest ta. Mahoney, Callahan, Hightower, Hooks, Tackleberry, Jones, Lassard sels en de kadetten arrivearje krekt op 'e tiid om 'e gasten te rêden en likernôch de helte fan 'e oerfallers yn 'e boeiens te slaan. De oaren ûntkomme yn inkele speedboaten mei gûverneur Neilson as gizelder. Mahoney, Adams, Sweetchuck en Zed sette op jetskys de efterfolging yn. Tsjin dy tiid hawwe Mauser en Proctor einlings ek foar it ferstân krigen dat de needoprop serieus wie. Se besykje al peddeljend yn in kano de gûverneur te help te kommen, mar se wurde ynstee ferskate kearen oerfarren troch de oerfallers en harren efterfolgers. Op 't langelêst witten Mahoney-en-dy de gûverneur te befrijen en de oerfallers op te pakken.

Yn 'e neisleep fan alle trelit beslút de kommisje de plysjeskoalle fan Mauser te sluten om't hy en syn kadetten folslein yneffektyf bleken binne by de befrijing fan 'e gûverneur. In grutske en tankbere Lassard sprekt de kadetten fan syn skoalle ta mei loovjende wurden.

Steve Guttenberg (2013).
Leslie Easterbrook (2006).
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
brigadier Carey Mahoney Steve Guttenberg
kommandant Ernie Mauser Art Metrano


byrollen
personaazje akteur/aktrise
brigadier Moses Hightower Bubba Smith
kommandant Eric Lassard George Gaynes
ynspekteur Debbie Callahan Leslie Easterbrook
brigadier Eugene Tackleberry David Graf
brigadier Larvell Jones Michael Winslow
brigadier Laverne Hooks Marion Ramsey
kadet Karen Adams Shawn Weatherly
ynspekteur Carl Proctor Lance Kinsey
kadet Carl Sweetchuck Tim Kazurinsky
kadet Zed McGlunk Bobcat Goldthwait
kadet Violet Fackler Debralee Scott
kadet Tomoko Nogata Brian Tochi
brigadier Kyle Banks Brant Von Hoffman
brigadier Chad Copeland Scott Thomson
kommissaris Henry J. Hurst George R. Robertson
gûverneur Neilson Ed Nelson
kadet Bud Kirkland Andrew Paris
brigadier Douglas Fackler Bruce Mahler
heit Kirkland Arthur Batanides
prostituee Georgina Spelvin
kadet Hedges David Huband
lieder oerfallers Doug Lennox
kadet Baxter #1 R. Christopher Thomas
kadet Baxter #2 David James Elliott
Delaney Chas Lawther
kadet Sarah Marcia Watkins
oerfaller yn line-up TJ Scott
pastoar yn line-up Jerry Paris

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Police Academy 3: Back in Training waard, krekt as it foargeande diel út 'e Police Academy-searje, regissearre troch Jerry Paris. Dyselde wurke dêrfoar op basis fan in senario dat skreaun wie troch Gene Quintano. As produsinten wiene Paul Maslansky en Donald West by it projekt belutsen foar filmstudio Warner Bros. Foar de film wie in budget beskikber fan $12 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Robert Saad, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Robert Folk. De opnamen fûnen plak yn it Kanadeeske Toronto.

De distribúsje fan Police Academy 3: Back in Training waard fersoarge troch Warner Bros. De film giet op 21 maart 1986 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

Fan 'e filmkritisy krige Police Academy 3: Back in Training oer it algemien negative resinsjes. It tydskrift Variety skreau oer de film: "De cast fan cartooneske healwizelingen is noch altyd fierhinne yntakt, en as Police Academy 3: Back in Training ek mar in greintsje sjarme hat, dan komt dat fuort út 'e goedaardige ûnnoazelens fan dy lju. It kin gjin mis lije: dizze lju besteane om om te laitsjen." Yn 'e Los Angeles Times skreau Kevin Thoms: "It bêste wat je sizze kinne oer Police Academy 3: Back in Training is dat er neat minder is as Police Academy 2 – dy't ferskriklik wie."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Police Academy 3: Back in Training in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 40%, basearre op 10 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet de film in goedkarringspersintaazje fan 33%, basearre op 8 resinsjes.

Police Academy 3: Back in Training brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $43,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $64,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $107,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $12 miljoen betsjut dat in winst fan $95,6 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Police Academy 3: Back in Training wie, nettsjinsteande de minne resinsjes, yn 'e Feriene Steaten de op sechstjin nei meast opbringende film fan 1986.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Police Academy (filmsearje)
Police Academy (1984) • Police Academy 2: Their First Assignment (1985) • Police Academy 3: Back in Training (1986) • Police Academy 4: Citizens on Patrol (1987) • Police Academy 5: Assignment Miami Beach (1988) • Police Academy 6: City under Siege (1989) • Police Academy: Mission to Moscow (1994)