Springe nei ynhâld

George Gaynes

Ut Wikipedy
George Gaynes
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeGeorge Jongejans
nasjonaliteit Amerikaansk
berne16 maaie 1917
berteplakHelsinky (Russysk Finlân)
stoarn15 febrewaris 2016
stjerplakNorth Bend (Washington)
etnisiteit Nederlânsk
Frânsk
Poalsk
Russysk
jierren aktyf19462003
offisjele webside
n.f.t.

George Gaynes (wiere namme: George Jongejans; Helsinki, 16 maaie 1917North Bend (Washington), 15 febrewaris 2016) wie in Amerikaansk akteur en sjonger fan heal Nederlânsk etnysk komôf. Ier yn syn karriêre wied er operasjonger, mar letter makke er namme as spiler yn komyske musicals, en dêrnei yn tillefyzjesearjes. Bûten de Feriene Steaten waard er it bekendst as de ûnnoazele kommandant Eric Lassard yn 'e Police Academy-filmrige út 'e 1980-er jierren. Gaynes waard 98 jier en ferstoar begjin 2016.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gaynes waard yn 1917 berne as George Jongejans yn Helsinki, de haadstêd fan Finlân, dat doe noch ta it Russyske Ryk hearde (it waard letter datselde jiers ûnôfhinklik). Hy wie de soan fan 'e Nederlânske sakeman Gerrit Jongejans en de artyste Ija Grigorijevna de Gay (letter, nei har houlik mei in Britske baronet, bekend as lady Iya Abdy), dy't fan mingd Russysk, Poalsk en Frânsk komôf wie. Gaynes waard grutbrocht yn Frankryk, Ingelân en Switserlân. Yn 'e twadde helte fan 'e 1930-er jierren hied er in karriêre as operasjonger yn Frankryk en Itaalje. Under de Twadde Wrâldoarloch tsjinne er by de Nederlânske Keninklike Marine. Nei de oarloch ymmigrearre er nei de Feriene Steaten, dêr't er úteinsette mei in aktearkarriêre op Broadway.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e twadde helte fan 'e 1940-er jierren en yn 'e 1950-er jierren boude Gaynes in reputaasje op as komysk musicalakteur, al spile er ek yn serieuze musicals. Sa ferfolle er de rollen fan Bob Baker yn Wonderful Town, de god Jupiter yn Out of this World en Henry Higgins yn My Fair Lady. Yn 1962 makke er syn debút op 'e tillefyzje yn 'e westernsearje Cheyenne, en it jiers dêrop wied er foar it earst op it wite doek te sjen, yn 'e film PT 109. Njonken syn toanielkarriêre hie Gaynes yn 'e 1960-er en 1970-er jierren gastrollen yn tillefyzjesearjes as East Side/West Side, Bonanza, Mission: Impossible, Hawaii Five-O, Columbo en WKRP in Cincinnati.

Yn 1980 hie Gaynes in weromkearende rol yn 'e soapsearje General Hospital, as de maffiabaas Frank Smith, dy't ûnder fuotten helle waard troch it haadpersonaazje Luke Spencer (spile troch Anthony Geary). Fan 1984 oant 1987 fertolke er ien fan 'e haadrollen yn 'e searje Punky Brewster, as Henry Warnimont, de grommeljende mar ynnimlike pleechheit fan it titelpersonaazje. Efter de skermen regisearre er de alderlêste ôflevering fan 'e searje WKRP in Cincinnati.

Bûten de Feriene Steaten waard Gaynes benammen bekend mei syn filmrollen. Yn 1982 spile er yn 'e komeedzjefilm Tootsie de byrol fan John van Horn, in soapakteur op jierren dy't fereale rekket op haadrolspiler Dustin Hoffman dy't him as frou foardocht om't er oars net oan 'e bak komt as akteur. Noch bekender waard Gaynes troch syn fertolking fan 'e ûnnoazele Eric Lassard, de kommandant fan 'e plysjeskoalle yn 'e Police Academy-films, wêrfan't de earste, mei as titel simpelwei Police Academy, yn 1984 útbrocht waard. Dat waard sa'n trochslaand súkses dat ferfolgen útkamen yn 1985, 1986, 1987, 1988, 1989 en 1994, eltse kear mei Gaynes as Eric Lassard.

Oare bekende films dêr't Gaynes yn spile, wiene: The Way We Were (1973), Vanya on 42nd Street (1994) en Wag the Dog (1997). Fan 1989 oant 1991 hied er fierders noch in fêste rol yn 'e tillefyzjesearje The Days and Nights of Molly Dodd, as teäterprodusint Arthur Feldman, wêrby't syn echte frou, Allyn Ann McLerie, de rol spile fan 'e frou dêr't Feldman in relaasje mei kriget. Ek yn 'e searje Hearts Afire hie Gaynes fan 1992 oant 1993 in fêste rol, as senator Strobe Smithers.

Gaynes troude op 20 desimber 1953 mei aktrise en dûnseresse Allyn Ann McLerie, dy't oan syn dea ta by him bleau. Hja krigen twa bern: soan Matthew (Matt) en dochter Iya.

Matt waard op 'e middelbere skoalle trappearre op it gebrûk fan marihûana, en moast doe nei de strange Catalina Island School. Dêr learde er kajakjen, wat syn libben feroare. Hy ûntjoech him ta ien fan 'e bêste kajakkers fan syn generaasje, en hie yn 1980 nei de Olympyske Spullen yn Moskou sillen as de Feriene Steaten dy dat jiers net boycot hiene fanwegen de Russyske ynfal yn Afganistan. Yn 1989 kaam Matt Gaynes yn Yndia om by in auto-ûngemak doe't er ûnderweis wie nei Nepal om in dokumintêre oer kajakjen op te nimmen.

Iya Gaynes Falcone is in abbekate, dy't as kampanjeliedster foar ferskate Kalifornyske politisy tsjinne ear't hja sels twa terminen lang gemeenteriedslid wie yn Santa Barbara. Doe't se dêrnei kandidate wie foar it boargemasterskip, kaam har man te ferstjerren en rûn har kampanje op 'e non. Neitiid is se wertroud.

George Gaynes kaam op 15 febrewaris 2016 thús te ferstjerren yn North Bend, yn 'e steat Washington. Hy waard 98 jier âld.

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
films
1962CheyenneRod Delaplanegastrol; ôfl.: Vengeance is Mine
1962The DefendersJohn Amesgastrol; ôfl. The Last Six Months
1962Hawaiian EyeRoger Korvingastrol; ôfl. The Broken Thread
1962The Alfred Hitchcock HourCampbellgastrol; ôfl. Ride the Nightmare
1963Empireûnbekendgastrol; ôfl. The Four Thumbs Story
1963The Gallant Menmajoar Neumanngastrol; ôfl. Operation Secret
1963East Side/West SideStowegastrol; ôfl. Who Do You Kill
1965The Patty Duke ShowGaylordgastrol; ôfl. The Perfect Hostess
1968BonanzaPurdygastrol; ôfl. The Late Ben Cartwright
1968MannixProfessor Brendangastrol; ôfl. Who Will Dig the Graves?
1968Mission: Impossibledr. Paul van Bergnergastrol; ôfl. The Elixir
1970Hawaii Five-OThurman Elliottgastrol; ôfl. Kiss the Queen Goodbye
1971Hogan's Heroesgeneraalgastrol; ôfl. Easy Come, Easy Go
1971Search for TomorrowSam Reynoldsferfanger foar Robert Mandan
1972ColumboEverettgastrol; ôfl. Étude in Black
1972Searchmajoar Giles Matthewsgastrol; ôfl. In Search of Midas
1973Columbo Frânsmangastrol; ôfl. Any Old Port in a Storm
1974The Six Million Dollar Mangeneraal Wileygastrol; ôfl. Nuclear Alert
1974CannonEdward Foxworthgastrol; ôfl. The Avenger
1974McMillan & WifeBurton Rohnergastrol; ôfl. Guilt by Association
1975Trilogy of Terrordokter Chester Ramseytillefyzjefilm
1975McCloudFloyd Spencergastrol; ôfl. Fire!
1976Captains and the KingsOrestes Bradleytillefyzjefilm
1976City of AngelsEisleygastrol; ôfl. Palm Springs Answer
1976Rich Man, Poor Man Book IIMax Vincentminysearje
1976Black Sheep Squadrongeneraal Chennaultgastrol; ôfl. Flying Misfits, Part 1 en Flying Misfits, Part 2
1976The QuestGothamgastrol; ôfl. Day Of Outrage
1976Delvecchiokommissaris Schaubgastrol; ôfl. Hot Spell
1977Washington: Behind Closed DoorsBrewster Perryminysearje
1977Carter CountryMurdockgastrol; ôfl. Out of the Closet
1979Quincy, M.E.liedingjaande by loftfeartmaatskippijgastrol; ôfl. Aftermath
1979Stockard Channing in Just FriendsRock La Ruegastrol; ôfl. Health May Be Hazardous
1979WKRP in Cincinnati Henrigastrol; ôfl. Jennifer's Home For Christmas
1980General HospitalFrank Smithfêste rol
1981Evita Perondokter fan Evita Peróntillefyzjefilm
1982Quincy, M.E.Powell Dixongastrol; ôfl. The Unquiet Grave
1983CheersMalcolm Kramergastrol; ôfl. Where There's A Will
1984Blue Thunderdr. Willi von Hartiggastrol; ôfl. Payload
1984ABC Afterschool Specialkaptein-luitenant-op-see Arnold Arrangussengastrol; ôfl. Mom's On Strike
1984–1987Punky BrewsterHenry Warnimontfêste rol
1986HotelGerald Milburngastrol; ôfl. Scapegoats
1987Punky BrewsterLars Warnimontgastrol; ôfl. It's a Dog's Life
1987Matlockrjochter Hollis D. Dunawaygastrol; ôfl. The Power Brokers, Part 1 en The Power Brokers, Part 2
1989The New LassieOgilvygastrol; ôfl. Dangerous Party (a.k.a. Halloween)
1989–1991The Days and Nights of Molly DoddArthur Feldmanfêste rol
1992Dinosaursliedende âldstegastrol; ôfl. Nuts to War, Part 2
1992–1993Hearts Afiresenator Strobe Smithersfêste rol
1996Chicago HopeBrook Austinweromkearende rol
1998Police Academy: The Serieskommandant Eric Lassardgastrol; ôfl. Lend Me Your Ears
1999Slidersde âlde Quinn Mallorygastrol; ôfl. Roads Taken
tillefyzje
1963PT 109basiskommandant
1964Les félinsûnbekend
1966The GroupBrook Latham
1969MaroonedMission Director
1971Doctor's WivesPaul McGill
1973The Boy Who Cried Werewolfdokter Marderosian
1973Slaughter's Big Rip-OffWarren
1973The Way We Werekaptein fan 'e El Morocco
1976Harry and Walter Go to New YorkPrince
1976NickelodeonReginald Kingsley
1980Altered Statesdr. Wissenschaft
1982Dead Men Don't Wear Plaiddr. John Hay Forrest
1982TootsieJohn Van Horn
1983To Be or Not to BeRavitch
1983I'm Going to Be Famousûnbekend
1984Police Academykommandant Eric Lassard
1984Micki + Maudedokter Eugene Glztszki
1985Police Academy 2: Their First Assignmentkommandant Eric Lassard
1986Police Academy 3: Back in Trainingkommandant Eric Lassard
1987The Numbers GameDon Salvatore
1987Police Academy 4: Citizens on Patrolkommandant Eric Lassard
1987Un Tassinaro a New York admiraal
1988Police Academy 5: Assignment Miami Beachkommandant Eric Lassard
1989Police Academy 6: City Under Siegekommandant Eric Lassard
1994Vanya on 42nd StreetSerybryakov
1994 The Fantastic Fourprofessorin ûnôfhinklike superheldefilm, nea útbrocht
1994Police Academy: Mission to Moscowkommandant Eric Lassardek bekend as Police Academy 7: Mission to Moscow
1996The Cruciblerjochter Samuel Sewall
1997Wag the Dogsenator Cole
2003Just Marriedpastoar Robert

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.