Police Academy 6: City under Siege

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Police Academy 6:
City under Siege
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Police Academy 6-City under Siege logo.png
makkers
regisseur Peter Bonerz
produsint Paul Maslansky
Donald West
senario Stephen Curwick
kamerarezjy Charles Rosher jr.
muzyk Robert Folk
filmstudio Warner Bros.
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Matt McCoy
G.W. Bailey
byrollen Leslie Easterbrook
Bubba Smith
Michael Winslow
David Graf
George Gaynes
Marion Ramsey
Lance Kinsey
George R. Robertson
Kenneth Mars
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 10 maart 1989
foarm langspylfilm
sjenre komeedzjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 84 minuten
budget en resultaten
budget $15 miljoen
opbringst $33,2 miljoen
filmsearje
filmsearje Police Academy
● foarich diel Police Academy 5: Assignment
   Miami Beach
● folgjend diel Police Academy 7: Mission
   to Moscow

Police Academy 6: City under Siege is in Amerikaanske komeedzjefilm út 1989 ûnder rezjy fan Peter Bonerz, mei yn 'e haadrollen Matt McCoy en G.W. Bailey. De titel betsjut "Plysjeskoalle 6: Stêd ûnder Belis". De film is it sechsde diel fan 'e Police Academy-filmsearje, en folget as sadanich op Police Academy 5: Assignment Miami Beach, út 1988. It ferhaal folget in groep eksintrike plysjes ferbûn oan in pleatslike plysjeskoalle as se in rige oerfallen oplosse moatte dy't pland binne troch in krimineel masterbrein. Police Academy 6: City under Siege krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in beskieden kommersjeel súkses. It folgjende (en lêste) diel út deselde searje, Police Academy: Mission to Moscow, kaam út yn 1994.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De plysje docht ûndersyk nei in rige oerfallen yn 'e wyk Wilson Heights, yn it wurkgebiet fan it plysjeburo dat ûnder lieding stiet fan haadynspekteur Thaddeus Harris. Dyselde kriget in anonime tip oer it plak dêr't de folgjende oerfal plakfine sil, en giet mei syn fêste assistint, de ûnnoazele ynspekteur Carl Proctor, op stake-out. Se hâlde lykwols de ferkearde juwelierssaak yn 'e gaten, wylst in pear meter efter harren parkearre auto in oare saak oerfallen wurdt troch de kriminelen Ace, Flash en Ox dy't mei-inoar yn 'e media bekend kommen binne te stean as de Wilson Heights-binde. Neitiid wurde Harris en plysjekommissaris Henry J. Hurst by de boargemaster op it matsje roppen, dy't harren de mantel útfeecht.

Om't de binde de plysje hieltyd in stap foar is, liket it wol as sit der in lek yn it plysjedistrikt fan Harris. Dêrom hat de gûverneur oan 'e boargemaster en kommissaris Hurst oplein om plysjes fan bûten dat distrikt op 'e saak te setten. Ta ôfgriis fan Harris giet it dêrby om syn âlde aartsfijân, kommandant Eric Lassard en dy syn ynstrukteurs fan 'e pleatslike plysjeskoalle. Lassard hat in sânkoppige taakgroep gearstald, besteande út syn omkesizzer Nick Lassard, in grapmakker dy't koartby út Miami Beach hjirhinne oerpleatst is; de wielderige mar bikkelhurde ynspekteur Debbie Callahan; de reuseftige, swarte ynspekteur Moses Hightower; de troch fjoerwapens obsedearre brigadier Eugene Tackleberry; de mei in heech piipstimke bejeftige brigadier Laverne Hooks; de elts lûd imitearjende brigadier Larvell Jones; en de knoffelkont brigadier Douglas Fackler, dy't troch syn ûnhandichheid by syn earste besyk it plysjeburo fan Harris suver platbaarnt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De taakgroep set útein mei it besykjen om op wenstige wize ynformaasje oer de Wilson Heights-binde yn te winnen, troch ynformanten út te kloarkjen, troch fan doar ta doar te gean op 'e siik nei tsjûgen en troch opspoaringsbefellen útgean te litten. Dat sortearret lykwols gjin effekt. By ûndersyk nei in nije bankoerfal komt út in troch in bankmeiwurkster ôfharke petear tusken twa fan 'e bindeleden wol oan it ljocht dat se inkeld stjoerd wurde, en dat se in skimige opdrachtjouwer hawwe moatte. Dy wurdt neitiid troch de plysje oantsjut as it 'Masterbrein'.

Nick Lassard lêst yn in krante oer in reuseftige diamant dy't foar in tentoanstelling nei in pleatslik museum oerbrocht wurde sil, en stelt foar om 'e diamant as lokies te brûken. It weardetransportbuske wurdt bestjoerd troch Nick en Jones, wylst de oaren it spul undercover fan alle kanten yn 'e rekken hâlde en Harris en Proctor efter yn it buske by de diamant sitte. As it buske foar in ferkearsljocht stiet te wachtsjen, snije de bindeleden fan út in rioelputsje ûnder it buske lykwols mei in laser in gat yn 'e flier en stelle de diamant wylst Harris en Proctor der mei de rêch nei ta steane. Hoewol't de grutste misslach dúdlik dy fan Harris-en-dy is, wit Harris neitiid Nick Lassard de swarte pyt ta te spyljen.

It is lykwols Nick dy't as earste beseft dat alle oerfallen fan 'e Wilson Heights-binde plakfine by de rûte lâns fan 'e âlde busline 51. Dêrtroch slagget it de plysje om út te riddenearjen wêr't de folgjende oerfal wierskynlik plakfine sil. De bindeleden wurde dêre sadwaande opwachte. Mar foar't se arrestearre wurde kinne, jaget Harris de boel yn 't hûndert, om't er de taakgroep fan Lassard de eare net gunt en de krimenelen sels yn 'e boeiens slaan wol. Dêrtroch ride de beide groepen plysjes inoar yn 'e tsjillen en slagget it de bindeleden om te ûntkommen. It Masterbrein, dat mei de bindeleden kommunisearret as in beskade figuer efter in ferljochte skerm, beslút dat Lassard-en-dy te tichtby komme en dat se útskeakele wurde moatte. Letter wurdt yn Lassard syn kantoar in diel fan 'e bút fan 'e lêste juwieledieverij fan 'e Wilson Heights-binde oantroffen. De boargemaster en kommissaris Hurst nimme oan dat Lassard it lek yn harren organisaasje wie, sette him op non-aktyf yn ôfwachting fan in ûndersyk en ûntheffe syn taakgroep fan 'e saak.

Nick, Hightower, Callahan, Jones, Tackleberry en Hooks litte it der net by sitte, mar beslute om te bewizen dat kommandant Lassard ûnskuldich is. As se fierder ûndersyk dogge nei de rûte fan busline 51, docht bliken dat dat krekt de rûte is fan in noch oan te lizzen metroline. Troch de oanhâldende oerfallen by de rûte lâns sakket de priis fan ûnreplik goed dêr alhiel yn. Nick en de oaren riddenearje út dat it Masterbrein fan doel wêze moat om gebouwen dêr goedkeap op te keapjen om se letter mei fette winst oan 'e gemeente troch te ferkeapjen as de metroline oanlein wurde moat.

De Wilson Heights-binde blaast in elektrisiteitssintrale op om 'e stêd yn it dûnker te setten en de gaos kompleet te meitsjen. De leden fan 'e taakgroep geane yn it tsjuster op patrûlje by line 51 lâns, dêr't Nick de trije bindeleden wer op it spoar komt. Hy folget harren nei in dearinnende stege dy't leech is. Dêr kriget er foar it ferstân dat de trije mannen it rioel yn gien wêze moatte. Wylst Callahan en Hooks boppe de grûn regaad meitsje troch ôf te weven mei rapalje dat de blackout brûkt om opskuor te meitsjen, folgje Nick, Hightower, Jones en Tackleberry de Wilson Heights-binde it rioel yn. As de bindeleden trochkrije dat de plysje har op 'e hakken sit, geane se útinoar, wêrmei't se de plysjes twinge om dat ek te dwaan. Hightower giet efter de krachtpatser Ox oan, dy't er nei in epysk gefjocht ferslacht. Jones wurdt mei syn Easterske fjochtsport Flash oermânsk, wylst Tackleberry de swierbewapene Ace yn 'e boeiens slacht.

Underwilens hat Nick yn it rioel it haadkertier fan 'e binde fûn, dêr't it Masterbrein fan efter syn opljochtsjend skerm wei gifgas yn 'e ôfsletten keamer pompt om him te fermoardzjen. Nick wurdt rêden troch Hightower, dy't de op 't slot sittende doar fan 'e hingen skuort. Se folgje it Masterbrein troch it rioel nei in stege dêr't de krimineel in heechwurker stelt en dermei útnaait, wylst Nick yn it bakje wit te springen. Hightower, Jones en Tackleberry stelle in monstertruck om derefteroan. Harris en Proctor, dy't op 'e berjochten oer de plysjeradio ôfkommen binne, wurde op in krúspunt oerriden troch sawol de heechwurker as de monstertruck, wêrnei't se in linebus foarderje ta ferfanging fan harren platriden plysje-auto.

Nei in wylde efterfolging troch de stêd einiget it hiele spul by it haadburo fan plysje, dêr't Nick, Hightower, Jones, Tackleberry en letter ek Harris en Proctor it Masterbrein folgje nei it kantoar fan kommissaris Hurst. As se dêr binnenfalle, treffe se lykwols inkeld Hurst efter syn buro oan. Yn betizing sille se wer fuort as der ynienen nòch in kommissaris Hurst binnenkomt. Se krije foar it ferstân dat ien fan beiden it Masterbrein yn momkape wêze moat, en dogge in "Pinocchiotest", wêrby't se de beide mannen oan 'e noas lûke. De letter binnenkommen Hurst, docht dat flink sear, mar by de Hurst dy't al efter syn buro siet doe't Nick-en-dy deryn kamen, lit de noas los en blykt ûnderdiel te wêzen fan in masker. As dat ôfkomt, wurdt de identiteit fan it Masterbrein einlings ûntbleate: hy blykt nimmen oars as de boargemaster sels te wêzen. Dan wurdt ek dúdlik wêr't it 'lek' by de plysje sit: de sjerpstrikerige Harris hat, om in wyt fuotsje by de boargemaster te heljen, dyselde oanhâldend oant yn detail op 'e hichte holden fan 'e plysje-operaasjes oangeande de Wilson Heights-binde. Nei't de boargemaster arrestearre en ôffierd is, biedt Hurst syn ûntskuldigings oan kommandant Lassard oan en stelt him en syn team wer oan yn harren âlde funksjes.

Letter wurdt de hiele taakgroep eare by in spesjale seremoanje, werby't se allegear in ûnderskieding krije foar harren ynset. Harris, op wa't de teamleden earder hieltyd wraak namen foar misledigings troch him earst op in stoel sitten gean te litten dêr't se in poat fan losdraaid hiene, sadat er dertroch sakke, en doe op in stoel dy't ynsmaard wie mei lym, sadat er der net wer fan loskomme koe, wikselet by de seremoanje op eigen fersyk fan stoel mei Hightower. Dêrop knipt immen de ferankering troch fan in reuseftige tros mei helium folle ballonnen, wêrfan't de oare útein oan 'e stoel fêstmakke is dêr't Harris no op sitten gien is. Dyselde wurdt dan mei stoel en al de loft yn skuord. As de oare plysjes oereinspringe en foar him saluëarje, blykt kommandant Lassard sels de skjirre noch yn 'e hân te hawwen.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
brigadier Nick Lassard Matt McCoy
haadynspekteur Thaddeus Harris G.W. Bailey


byrollen
personaazje akteur/aktrise
ynspekteur Debbie Callahan Leslie Easterbrook
ynspekteur Moses Hightower Bubba Smith
brigadier Larvell Jones Michael Winslow
brigadier Eugene Tackleberry David Graf
kommandant Eric Lassard George Gaynes
brigadier Laverne Hooks Marion Ramsey
ynspekteur Carl Proctor Lance Kinsey
kommissaris Henry J. Hurst George R. Robertson
de boargemaster / it Masterbrein Kenneth Mars
brigadier Douglas Fackler Bruce Mahler
Ace Gerrit Graham
Flash Brian Seeman
Ox Darwyn Swalve
M.G. Sippy Whiddon
Eugene Tackleberry jr. Daniel Ben Wilson
frou Stanwyck Billie Bird
skoanheit Kirkland Arthur Batanides
lieder mobile ienheid Greg Collins
bankmeiwurkster Anna Mathias
rapper Melle Mel
bedriuwslieder winkel Peter Elbling
lyts famke Allison Mack
buspassazjier Roberta Haynes
plysjeman Dean Norris
stim fan it Masterbrein Charlie Adler (as stimakteur)
man yn tillefoansel filmprodusint Paul Maslansky (cameo)

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Police Academy 6: City under Siege waard regissearre troch Peter Bonerz nei in senario fan Stephen Curwick. As produsinten wiene Paul Maslansky en Donald West by it projekt belutsen foar de filmstudio Warner Bros. Foar de film wie in budget beskikber fan $15 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Charles Rosher jr., en de filmmuzyk waard fersoarge troch Robert Folk. De opnamen fûnen yn 1988 plak yn Los Angeles.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Police Academy 6: City under Siege waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 10 maart 1989 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Police Academy 6: City under Siege oer it algemien negative resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat de film in goedkarringspersintaazje fan 0%, basearre op 7 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Police Academy 6: City under Siege in goedkarringspersintaazje fan 16%, basearre op 8 resinsjes. Neffens filmkritikus Pete Hammond wie de film "inkeld – ik werhelje: inkeld – foar dyjingen dy't fan miening binne dat Police Academy 5 berôve is doe't de Oscars útdield waarden."

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Police Academy 6: City under Siege brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $11,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $21,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $33,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $15 miljoen betsjut dat in winst fan $15,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Police Academy 6: City under Siege wie de lêste film fan 'e Police Academy-searje dat in jier nei it foargeande diel útkaam, sa't oant doe ta mei de hiele rige bard wie. It folgjende diel, Police Academy: Mission to Moscow, ferskynde pas yn 1994.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Police Academy (filmsearje)
Police Academy (1984) • Police Academy 2: Their First Assignment (1985) • Police Academy 3: Back in Training (1986) • Police Academy 4: Citizens on Patrol (1987) • Police Academy 5: Assignment Miami Beach (1988) • Police Academy 6: City under Siege (1989) • Police Academy: Mission to Moscow (1994)