Jolene Blalock

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Jolene Blalock
Filmklapper.png akteur
Jolene Blalock yn 2006.
Jolene Blalock yn 2006.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jolene Blalock
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 5 maart 1975
berteplak San Diego (Kalifornje)
etnisiteit Flag of Scotland.svg Skotsk
jierren aktyf 1998 – no
offisjele webside
mrsrapino.com

Jolene Blalock (San Diego, 5 maart 1975), is in Amerikaansk aktrise en model. Se is ferneamd wurden mei har rol as de bûtenierdske astronaute T'Pol yn 'e science fiction-tillefyzjesearje Star Trek: Enterprise.

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Blalock, dy't fan Skotsk komôf is, is hikke en tein yn San Diego, yn it uterste suden fan 'e steat Kalifornje. Hja waard grutbrocht yn in gesin mei trije oare bern en brocht har bernetiid fierhinne troch mei surfen en keunstsinnige tiidferdriuwen. Yn in fraachpetear sei hja dat de status fan sekssymboal dy't se krige troch har rol yn Star Trek: Enterprise har wakker oer it mad kaam, mei't se as bern in ûnoannimlik foarkommen hie en de jonges har net stean seagen. Mei famkes koe se likemin goed oerwei, dat hja hie in iensume jonkheid, sûnder echte freonen.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Geandewei de puberteit ûntjoech it ûnsjogge einepykje har lykwols ta in swan, en op har santjinde gie Blalock út 'e hûs om yn Jeropa en Aazje as model te wurkjen. Yn 1998 makke se har debút as aktrise op 'e tillefyzje, yn in ôflevering fan 'e komeedzjesearje Veronica's Closet. Se hie roltsjes yn ferskate oare rigen, lykas Love Boat: The Next Wave, CSI: Crime Scene Investigation en JAG, en spile ek yn 'e tillefyzjefilm Jason and the Argonauts (2000).

Yn 2001 krige Blalock ien fan 'e haadrollen taparte yn in nije Star Trek-searje: Star Trek: Enterprise. Dêryn spile se 5 seizoenen en yn totaal 98 ôfleverings lang oerste T'Pol, in Fulkaanske dy't tsjinst nimt op in ierdsk romteskip. It wie har grutte trochbraak; se waard der tige populêr mei en neffens de Amerikaanske edysje fan it manljusblêd FHM wie se yn 2005 de op njoggen nei meast seksy frou op 'e wrâld. Se stie twaris mei in glamourfotorapportaazje yn it manljusblêd Maxim, en yn april 2002 posearre se, mei klean oan, foar de Playboy.

Sûnt Star Trek: Enterprise yn 2005 beëinige waard, is it mei Blalock har karriêre wat yn it neigean rekke. Se hie rollen yn B-films as Starship Troopers 3: Marauder (2008) en Sinners and Saints (2010), wylst se ek spile yn ôfleverings fan tillefyzjesearjes as CSI: Miami en House. Echte grutte rollen binne lykwols oan har foarby gien.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jolene Blalock stiet derom bekend dat se net in protte ynterviews jout en frijwol nea meidocht oan Star Trek-konvinsjes. Se wennet yn Los Angeles en is troud mei sakeman Michael Rapino, mei wa't se yn 'e kunde kaam doe't syn bedriuw, Live Nation, har frege foar in bierreklame. It oansiik kaam fan har kant, en it pear troude op 22 april 2003 yn Negril, op Jamaika. Hja hawwe trije bern. Fan Blalock is fierders bekend dat se in hertstochtlik hûneleafhawster is.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.