Radar
In radar is in elektroanyske stik ark om mei radioweagen te sykjen nei objekten (doelen) yn de loft, op lân of op see.
Dy objekten binne bygelyks fleantugen, raketten, skippen of auto's. Ek binne der saneamde ground-penetrating radars (ek wol: 'boaimradars') dy't objekten út de loft wei, meast út in fleanmasine wei, yn de grûn op bepaalde djiptes lokalisearje kinne. De doelen wurde mei in byldskerm sichtber makke.
In radar stjoert fia in antenne radioweagen (elektromagnetyske strieling) út en heint de troch de objekten reflektearre radiostrieling (hjirnei te neamen: echo) wer op fia in antenne. Ut de ûntfongen echo kin rjochting, ôfstân, hichte en snelheid fan it objekt bepaald wurde. Der kin gebrûk makke wurde fan twa antennes, ien stjoer- en ien ûntfangstantenne, mar tsjintwurdich wurdt faak ien antenne brûkt foar it stjoeren en it ûntfangen.
Radars wurde ôfhinklik fan wat it doel is (wat men witte wol fan it objekt) yn ferskate foarmen makke en brûkt yn fleantugen, op lofthavens, op skippen, yn havens, by de plysje foar snelheidskontrôle fan auto's, yn de kriichsmacht, de romtefeart en yn de astronomy.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik wie 'RADAR' in akronym fan it Ingelsktalige 'RAdio Detection And Ranging'. It wurd is lykwols sá ynboargere rekke dat it troch in soad minsken net langer as akronym, mar as in gewoan haadnamwurd sjoen wurdt. Dit is ek de reden wêrom't it wurd net mear yn haadletters skreaun wurdt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|