Dirty Harry (film)
Dirty Harry | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Don Siegel | |
produsint | Don Siegel Robert Daley | |
senario | Harry Julian Fink R.M. Fink Dean Riesner John Milius | |
kamerarezjy | Bruce Surtees | |
muzyk | Lalo Schifrin | |
filmstudio | The Malpaso Company | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | Clint Eastwood | |
byrollen | Andy Robinson Reni Santoni Harry Guardino John Vernon | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 22 desimber 1971 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | plysjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 102 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $4 miljoen | |
opbringst | $36 miljoen (Feriene Steaten) | |
filmsearje | ||
filmsearje | Dirty Harry (filmsearje) | |
● folgjend diel | Magnum Force |
Dirty Harry is in Amerikaanske plysjefilm út 1971 ûnder rezjy fan Don Siegel, mei Clint Eastwood yn 'e titelrol as de bikkelhurde resjersjeur Dirty Harry Callahan. De titel betsjut letterlik "Smoarge Harry". It ferhaal folget Callahan as er in psychopatyske searjemoardner op it spoar komt. Hy is wisberet om 'e befolking fan San Francisco fan it gefaar dat de man ynhâldt te frijwarjen, ek as er dêr sels de wet foar oertrêdzje moat. Hoewol't de film ta frijwat kontroverse late, wiene de filmkritisy oer it algemien goed oer Dirty Harry te sprekken. Yn 'e bioskopen wie de film ek in kommersjeel súkses. Sadwaande waarden der neitiid mear films oer it personaazje fan Dirty Harry makke en ûntstie de úteinlik fiifdielige filmsearje mei deselde namme. Tsjintwurdich wurdt Dirty Harry sjoen as in wiere filmklassiker en it personaazje fan Dirty Harry hat sûnt de 1970-er jierren in ûnbidich grutte ynfloed hân op 'e Westerske filmyndustry. Yn 2012 waard Dirty Harry troch de Amerikaanske Library of Congress útornearre foar preservaasje yn it National Film Registry.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In mysterieuze moardner brûkt in spesjalisearre slûpskuttersgewear om fan it dak fan in wolkekliuwer yn San Francisco in jonge frou dea te sjitten dy't yn in swimbad op it justjes legere dak fan in deunby hotel oan it swimmen is. It ûndersyk nei it misdriuw wurdt laat troch ynspekteur Harry Callahan fan it San Francisco Police Department, dy't bekend stiet ûnder syn bynamme Dirty Harry ("Smoarge Harry"). Dyselde ûntdekt al rillegau it plak dêr't de moardner syn skot wei lost hat, dêr't er in lege patroanhúl en in bryfke oantreft. Yn 'e tekst fan it bryfke besiket de moardner, dy't himsels identifisearret as 'Scorpio' (de Ingelske oantsjutting foar it stjerrebyld Skorpioen), it stedsbestjoer fan San Francisco ôf te parsjen. Hy easket $100.000, oars sil er eltse dei in oare ynwenner fan 'e stêd deasjitte, te begjinnen mei in roomske preester of in "nikker".
De boargemaster is tige begien mei it lot fan 'e ynwenners fan syn stêd, en soe it jild wol betelje wolle as er mar wist wêr't er it besette moast, want it gemeentebestjoer hat net samar earne $100.000 lizzen. Callahan fynt dat in dwersferkearde ynstelling, om't dan eltse healwizeling itselde besykje sil. Yn oerlis mei Callahan syn direkte oerhearrige, haadynspekteur Al Bressler, en de kommissaris fan 'e plysje beslút de boargemaster om tiid te winnen. De moardner woe dat se him fia in kontaktadvertinsje witte litte soene oft se akkoart giene; de boargemaster lit dêrom op dy wize witte dat der mear tiid nedich is om it jild gear te skraabjen. As Callahan it kantoar fan 'e boargemaster ferlitte wol, warskôget dy him dat se net wer itselde gedoch fan lêsten hawwe wolle, doe't er in fertochte deasketten hat. Soks kin net, dat is belied. Callahan antwurdet dat as er in keardel efter in frommes oansitten sjocht mei as doel om har te ferkrêftsjen, hy de keardel delsjit. Dat is sýn belied. Op 'e fraach fan 'e boargemaster hoe't er wist dat it om in ferkêfter gie, antwurdet er dat de man in hakmês yn 'e iene hân en syn ereksje yn 'e oare hie. Doe't Callahan dat seach, tocht er net dat it om in kollektant foar it Reade Krús gie. Dêr moat de boargemaster him dan wer gelyk oan jaan.
Tusken de middei giet Callahan nei in kafetaria om te iten, as der skean foaroer dy gelegenheid in bank oerfallen wurdt. Callahan lûkt syn reuseftige Smith & Wesson Model 29 .44 Magnum-revolver, it krêftichste pistoal fan 'e wrâld, en sjit twa fan bankberôvers dea en ferwûnet de trêde. As de trêde oerfaller nei syn fjoerwapen rikt, dat deunby him op it trottoir leit, rjochtet Callahan syn revolver op syn holle en seit de ikoanyske wurden "Ik wit watst tinkst: 'Hat er seis kear sketten of net mear as fiif?' No, om dy de wierheid te sizzen, yn alle opwining bin ik sels eins ek de tel kwytrekke. […] [D]o moatst dysels ien fraach stelle: 'Is dit myn geloksdei?' No, wat tinkst, ellindeling?" Nei't de oefaller him oerjûn hat, seit er tsjin Callahan dat er beslist it antwurd op 'e fraach witte moat. Dêrop rjochtet Callahan de revolver wer op syn holle en hellet, ta ûntsteltenis fan 'e oerfaller, de trekker oer; it wapen blykt leech te wêzen.
Callahan is by de bankberôving licht ferwûne rekke troch in kerl hagel út it ôfseage jachtgewear fan ien fan 'e oerfallers dy't er deasketten hat, dat hy moat koart nei it sikehûs om him behannelje te litten. Fuort neitiid giet er lykwols troch mei syn ûndersyk nei de saak-Scorpio. Mei't syn partner Fred Dietrich noch yn it sikehûs leit mei in skotwûne dy't er oprûn hat by it ûndersyk nei in eardere saak, wiist Bressler Callahan in nije tydlike partner ta, de Latino Chico González. Callahan is dêr net bliid mei, om't er González sjocht as in grientsje sûnder ûnderfining.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Underwilens wol Scorpio it gemeentebesjoer dúdlik meitsje dat er net akkoart giet mei fertragingstaktiken, dat hy siket fan it dak fan in flatgebou ôf in nij slachtoffer út: in swarte homo yn in park. Ear't er de man deasjitte kin, wurdt er lykwols opmurken en ferjage troch in helikopter fan 'e plysje. Callahan en González hastigje har nei dat diel fan 'e stêd ta, dêr't se by fallen fan it tsjuster in man miene te sjen dy't oan 'e beskriuwing fan Scorpio foldocht. Se folgje him te foet troch in stikmannich steechjes oant er in wente yngiet. As Callahan op in jiskefet stean giet om troch it rút te sjen, is er tsjûge fan in seksuele moeting tusken in wielderige frou en har frijer, dy't dúdlik net Scorpio is. Hy wurdt trappearre troch guon buorlju fan 'e frou, dy't miene dat se fan dwaan hawwe mei in strúnjeier en Callahan besykje yninoar te slaan oant se tsjinkeard wurde troch González.
De oare deis sjit Scorpio in tsienjierrich swart jonkje dea. Op basis fan 'e tekst fan it bryfke fan Scorpio giet de plysje derfan út dat er no besykje sil in roomske preester om hals te bringen. Mei't se nei oanlieding fan syn eardere bewegings in fermoeden hawwe wêr't er taslaan sil, wachtsje Callahan en González him dêr op it dak fan in oanbuorjend gebou op. As Scorpio dêr yndie arrivearret, folget der in sjitpartij wêrby't in plysjeman omkomt en Scorpio op 'e nij wit te ûntkommen.
De moardner lit neitiid in twadde bryfke by de plysje besoargje, dêr't yn stiet dat er it fjirtjinjierrige famke Ann Mary Deacon ûntfierd en libben begroeven hat mei genôch lucht foar in oantal oeren. Yn ruil foar har lokaasje easket er no $200.000, dy't ôflevere wurde moat yn in jachthaven. Callahan nimt dat smoarge putsje op him (sok wurk docht er altyd, dêrfandinne syn bynamme), en bejout him mei in tas fol jild nei de jachthaven. Fia tillefoanen yn tillefoansellen jout Scorpio him opdracht om efterinoar nei ferskate lokaasjes yn 'e stêd te gean, om der wis fan te wêzen dat Callahan allinnich is. Wat er net wit, is dat Callahan (tsjin 'e eksplisite opdracht fan syn superieuren yn) in stjoerderke draacht en dat González alle tillefoanpetearen hearre en dêrtroch Callahan folgje kin. Uteinlik fynt de moeting mei Scorpio yn in park plak. De moardner twingt Callahan om mei de rêch nei him ta stean te gean en slacht him dan fan efteren del. As Callahan op 'e grûn leit, mishannelet er him noch wat en wol him dan deasjitte. Ear't dat barre kin, dûkt González op. Der folget in sjitpartij wêrby't González delsketten wurdt en Scorpio sûnder it jild, mar mei Callahan syn stiletto yn 'e skonk útnaaie moat. González moat opnommen wurde yn it sikehûs, mar oerlibbet syn ferwûnings
Letter kriget de plysje in melding fan in klinyk dat dêr in man mei in stekwûne oan syn skonk behannele is. De behoarlik tatakele Callahan giet der op ôf mei in oare resjersjeur, DiGiorgio. De dokter dy't Scorpio behannele hat, koe him werom fan it Kezar Stadium, in deunby lein sportstadion, dêr't de moardner as konsjerzje wurket en in keammerke ûnder de tribune bewennet. Callahan en DiGiorgio geane dêrhinne, mar om binnen te kommen, moatte se oer in heech stek hinne klimme, wat de obese DiGiorgio net oprêde kin. Callahan giet sadwaande lykme-allinne fierder. Scorpio sjocht him oankommen en besiket út te naaien, mar Callahan sjit him yn deselde skonk as dêr't er him earder yn stutsen hat, en as Scorpio him op syn rjochten as arrestant beropt en om in abbekaat freget, giet Callahan op syn ferwûne skonk stean oant er fertelt wêr't er it ûntfierde famke brocht hat. It docht lykwols bliken dat Scorpio it fanke fuort nei har ûntfiering ferkrêfte en fermoarde hat, en dat it hiele ferhaal oer har libbene begraving in leagen wie.
De oare deis wurdt Callahan by ofsier fan justysje William T. Rothko roppen, dy't him goed it mannewaar opseit. Trochdat Callahan de wente fan Scorpio trochsocht hat sûnder hûssikingsbefel, is alles dat dêr oantroffen is ûnjildich om as bewiis yn in rjochtsaak te tsjinjen. Ek de bekentenis oangeande de ûntfiering fan Ann Mary Deacon kin net brûkt wurde omreden fan 'e manear dy't Callahan brûkt hat om Scorpio ta dy bekentenis te bringen. Dat betsjut dat de plysje gjin rjochtsjildige reden oanfiere kin om 'e moardner fêst te hâlden, en dat Scorpio wer frij omrinne sil sadree't er út it sikehûs ûntslein wurdt. Callahan is bot ferûntweardige oer dy gong fan saken, en set yn syn frije tiid útein mei it hinderlik folgjen fan Scorpio. Dy reägearret dêrop troch in man $200 te beteljen om himsels flink yninoar te slaan, wêrnei't er de media fertelt dat it Callahan is dy't him sa tatakele hat en dat er it slachtoffer fan plysjegeweld is. Callahan wurdt wer op it matsje roppen by syn superieuren, en nettsjinsteande it feit dat dy him leauwe as er seit dat hy Scorpio net oanrekke hat ("om't er der dan folle minder útsjen soe"), kriget er in beskrobbing foar it folgjen fan 'e moardner. Underwilens beslút González, dy't in graad yn sosjology hat, dat er miskien dochs better geskikt is foar it ûnderwiis, en jout er dêrom syn baan by de plysje deroan.
Scorpio hat lykwols syn ôfparsingspraktiken net opjûn. Hy oerfalt in drankwinkel om oan jild en it fjoerwapen fan 'e eigner te kommen (want de plysje hat syn yn beslach nommen slûpskuttersgewear net weromjûn). Dêrop kaapt er in skoalbus en nimt de bussjauffeur (in âldere frou) en in stik as seis skoalbern yn gizeling. Hy nimt op 'e nij kontakt op mei de plysje en easket losjild en in fleantúch dat him nei in lân bringe kin dêr't er net mear troch de plysje lestichfallen wurde sil. De boargemaster besiket út 'e swierrichheden te kommen troch op 'e nij in jildoerdracht te beävensearjen. Callahan wurdt eksplisyt hjitten dat er him derbûten hâlde moat. Dat docht er lykwols net, en as de bus ûnder in fiadukt troch riidt op 'e rûte nei it fleanfjild, springt hy op it dak.
Scorpio besiket him earst fan it dak te krijen troch dertrochhinne te sjitten en letter troch it terrein fan in stiengat op te riden en de bus in skerpe bocht meitsje te litten. Dêrtroch rûgelet Callahan yndie fan it dak ôf, mar as Scorpio útstapt om him te liif, jaget er de moardner it stiengat yn. Nei in lange efterfolging gizelet Scorpio in jonkje dat op in stalt by in poel yn 'e neite fan it stiengat sit te angelfiskjen, mar Callahan lit him dêrtroch net tsjinhâlde en sjit de moardner roerdelings by it jonkje lâns yn it skouder. It jonkje naait út. Scorpio leit op 'e knibbels op it stalt mei de hân rikkend nei syn pistoal, dat er falle litten hat. Callahan hâldt dan op 'e nij deselde monolooch oer hoe't er de tel kwytrekke is fan hoefolle kûgels der noch yn syn revolver sitte, en oft Scorpio mient dat it syn geloksdei is. Oars as de bankberôver mient Scorpio dat blykber àl, want hy grypt nei syn pistoal. Mar as Callahan de trekker oerhellet, blykt der diskear noch al in kûgel yn syn .44 Magnum te sitten, dy't Scorpio midden yn syn boarst rekket en him efteroer smyt fan it stalt yn 'e poel, dêr't syn lyk stadichoan nei de boaiem sakket. Dêrop hellet Callahan syn plysje-ynsynje foar 't ljocht en smyt him dat efternei.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
resjersjeur "Dirty" Harry Callahan | Clint Eastwood |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Charles Davis / Scorpio | Andy Robinson |
resjersjeur Chico González | Reni Santoni |
haadynspekteur Al Bressler | Harry Guardino |
de boargemaster fan San Francisco | John Vernon |
kommissaris fan 'e plysje | John Larch |
resjersjeur Frank DiGiorgio | John Mitchum |
ofsier fan justysje William T. Rothko | Josef Sommer |
Marcella Platt (skoalbussjauffeur) | Ruth Kobart |
Norma González | Lyn Edgington |
rjochter Bannerman | William Paterson |
frou Russell | Mae Mercer |
Jaffe | Woodrow Parfrey |
bankberôver | Albert Popwell |
Hot Mary | Lois Foraker |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ynspiraasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De saak fan Scorpio út 'e film wie loskes basearre op 'e saak fan 'e Zodiac Killer, in ûnidentifisearre searjemoardner dy't ferskate jierren foar de opnamen fan Dirty Harry fiif moarden begien hie yn San Francisco en omkriten. Ek waarden eleminten fan 'e moardner Gary Stephen Krist yn it ferhaal behelle, dy't krekt as Scorpio in jong famke ûntfierde en har libben begroef om losjild te krijen.
Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It senario fan Dirty Harry waard oarspronklik ûnder de titel Dead Right skreaun troch Harry Julian Fink en Rita M. Fink, en gie oer in hurdhannige resjersjeur fan it New York Police Department dy't efter in psychopatyske searjemoardner oan sit. In oare iere ferzje fan it skript pleatste it ferhaal yn Seattle. It waard oankocht troch filmprodusint Jennings Lang, dy't de haadrol oanbea oan John Wayne en letter ek oan Robert Mitchum en Burt Lancaster. Yn syn fraachpetear yn 1980 mei Playboy hold George C. Scott út dat him de rol ek oanbean wie. Alle neamde akteurs sloegen it oanbod lykwols ôf, ornaris om't se it senario te gewelddiedich fûnen.
By gebrek oan in haadrolspiler ferkocht Lang de filmrjochten oan tillefyzjenetwurk ABC, dêr't yn omtinken nommen waard om der in tillefyzjefilm fan te meitsjen. Mar nei ryp berie kaam men ek dêr ta de konklúzje dat it te gewelddiedich wie, en de rjochten waarden trochferkocht oan filmstudio Warner Bros. Dêr fette men it idee op om Frank Sinatra de haadrol spylje te litten, wylst Irvin Kershner as regisseur frege waard en John Milius it senario werskreau, hoewol't syn namme net fermelden waard yn 'e begjintitels fan 'e úteinlike film. Sinatra besleat nei ferrin fan tiid fan 'e film ôf te sjen, en doe ferliet ek Kershner it projekt.
Neitiid skreau Terrence Malick in ferzje fan it skript wêryn't de searjemoardner feroare waard yn in figilante dy't rike kriminelen fermoardet. Dat idee waard net brûkt foar Dirty Harry, mar it soe letter de basis foarmje foar it senario fan 'e ferfolchfilm Magnum Force. Hoewol't Callahan yn it oarspronklike skript in man fan yn 'e fyftich west hie, begûnen de produsinten nei it ôfsizzen fan Sinatra om te sjen nei jongere akteurs. Marlon Brando waard yn omtinken nommen, mar nea frege. Steve McQueen en Paul Newman sloegen allebeide de rol ôf. Newman rikkemandearre lykwols oan om Clint Eastwood ris te freegjen, mei't er ornearre dat Dirty Harry Callahan krekt in rol foar Eastwood wie. Tsjin desimber 1970 hie Eastwood himsels kontraktueel foar de rol fêstlein.
Foar de rol fan 'e searjemoardner hie men James Caan yn gedachten yn 'e tiid dat Kershner en Sinatra noch by it projekt belutsen wiene. Uteinlik gie de rol nei in relatyf ûnbekende akteur, Andy Robinson, dy't Eastwood ris yn in toanielstik sjoen hie. Robinson syn portrettearring fan 'e searjemoardner 'Scorpio' wie sa memorabel, dat er nei it útkommen fan Dirty Harry ferskate deadsbedrigings krige en in geheim tillefoannûmer nimme moast. Yn it echt wie Robinson in pasifist dy't him oankante tsjin it wapenbesit yn 'e Feriene Steaten en dy't nei't it skynt ûnder de opnamen eltse kear yninoar kromp as er in fjoerwapen oanreitsje moast. Dat late der sels ta dat de opnamen in skoftke stillein wurde moasten sadat Robinson op training stjoerd wurde koe om him te learen hoe't er op oertsjûgjende wize mei dat soarte wapens omgean moast.
Troch syn eigen filmstudio The Malpaso Company, dy't de film foar Warner Bros. produsearje soe, oefene Eastwood frijwat ynfloed út op it produksjeproses, hoewol't er formeel net as produsint by Dirty Harry belutsen wie. Sa waarden him in stikmannich ferzjes fan it senario foarlein, mar keas er foar it orizjinele skript fan 'e Finks op basis fan in ferhaal fan harrensels en Jo Heims, oanfolle mei guon bewurkings fan Milius en inkele nije oanpassings dy't makke waarden troch Dean Riesner. Dat Don Siegel as regisseur binnenhelle waard, wie ek it wurk fan Eastwood, dy't dat as betingst neamde foar syn akseptearjen fan 'e rol. De film waard produsearre troch Siegel en Robert Daley, wylst Bruce Surtees ferantwurdlik wie foar de kamerarezjy en de Argentynske komponist Lalo Schifrin de filmmuzyk fersoarge.
Dirty Harry waard makke mei in budget fan $4 miljoen. De opnamen fan 'e film fûnen foar it meastepart plak op lokaasje yn San Francisco, útsein de sêne mei de bankberôving, dy't filme waard yn 'e Universal Studios Hollywood yn Los Angeles, en de klimaktyske konfrontaasje tusken Callahan en Scorpio, dy't opnommen waard yn Marin County.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan Dirty Harry waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 22 desimber 1971 yn 'e San Francisco yn premiêre, en iepene de deis dêrop yn 'e Amerikaanske bioskopen. Yn 1979 kaam Dirty Harry foar it earst út as VHS- en Betamax-keapfideo. Yn 1998, 2001 en jitris yn 2008 ferskynde de film op dvd en yn 2008 ek op blu-ray.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dirty Harry fersoarsake frijwat opskuor doe't er foar it earst yn 'e bioskopen draaide. Sa ûntstie der diskusje oer kwestjes as plysjegeweld en de rjochten fan slachtoffers en hoe't de plysje him hearde te hâlden en dragen. Feministen wiene yn 't bysûnder tige min oer de film te sprekken, en holden by de útrikkingsseremoanje fan 'e Oscars yn 1972 (dêr't Dirty Harry trouwens net foar nominearre wie) in anty-Dirty Harry-demonstraasje foar de yngong fan it Dorothy Chandler Pavilion.
Fan 'e filmkritisy krige Dirty Harry oer it algemien positive resinsjes. Sa priizge Jay Cocks yn it tydskrift Time it optreden fan Clint Eastwood yn 'e titelrol as "syn bêste prestaasje oant no ta". Yn 'e Chicago Sun-Times hie Roger Ebert lof foar de technyske kanten fan 'e film, mar spriek er him út tsjin 'e "faksistyske morele posysje" dy't neffens him troch it ferfhaal útdroegen waard.
Sûnt 1971 is de krityske reputaasje fan Dirty Harry allinne mar oanwoeksen. De film wurdt tsjintwurdich geregeldwei opnommen yn listen fan 'e bêste films ea makke, lykas dy fan The New York Times yn 2003 en dy fan it Britske blêd Empire yn 2008. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Dirty Harry in tige heech goedkarringspersintaazje fan 95%, basearre op 46 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, hat Dirty Harry in goedkarringspersintaazje fan 90%, basearre op 9 resinsjes. Yn 2012 waard de film troch de Amerikaanske Library of Congress útornearre foar preservaasje yn it National Film Registry fanwegen kulturele, histoaryske en/of estetyske wearde.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dirty Harry brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten $36 miljoen op. Hoewol't de totale opbringst wrâldwiid net mear nei te gean is, wie it mei inkeld de Amerikaanske opbringst al in grut kommersjeel súkses. Ofset tsjin it budget fan $4 miljoen kaam de winst nammentlik al del op $32 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moasten. Dirty Harry wie de op trije nei meast opbringende film fan 1971.
Filmsearje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It súkses fan Dirty Harry soarge derfoar dat der neitiid in filmsearje oer it personaazje fan Dirty Harry Callahan ûntstie, dy't ek Dirty Harry hiet. Dy bestiet út fiif films. Op Dirty Harry sels folgen: Magnum Force (1973), The Enforcer (1976), Sudden Impact (1983) en The Dead Pool (1988).
Ynspiraasjeboarne foar de wurklikheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De film Dirty Harry soe de ynspiraasjeboarne west hawwe foar in echt misdriuw, de ûntfiering op Faraday School. Yn oktober 1972, koart nei't de film yn Austraalje yn 'e bioskopen kommen wie, ûntfierden twa manlju (fan wa't ien tafallich de efternamme 'Eastwood' hie) in skoaljuffer en seis skoalbern yn 'e steat Fiktoaria. Se easken in losjild fan 1 miljoen Australyske dollars. It steatsregear gie oer ta útbetelling, mar de bern wisten te ûntsnappen, wêrnei't de ûntfierders oppakt en ta lange finzenisstraffen feroardiele waarden.
Yn septimber 1981 fûn yn West-Dútslân in ûntfieringssaak plak dy't in opfallend protte liek op 'e saak fan Ann Mary Deacon út Dirty Harry. In tsienjierrich famke, Ursula Hermann, waard libben begroeven yn in kiste mei in ynboud fentilaasjesysteem, ferljochting en sanitêre foarsjennings. De ûntfierders easken losjild yn ruil foar it priisjaan fan har lokaasje. Binnen 48 oeren rekke it fentilaasjesysteem lykwols ferstoppe troch fallende hjerstblêden, mei as gefolch dat it famke troch ferstikking om it libben kaam. Sânentweintich jier letter waard op basis fan yndirekt bewiismateriaal in troud pear arrestearre en berjochte foar ûntfiering en moard. Neffens de Daily Mail wiene de dieders ta harren misdriuw ynspirearre troch Dirty Harry.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Dirty Harry
- (in) Ynformaasje oer Dirty Harry yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
Dirty Harry (filmsearje) | |
---|---|
Dirty Harry (1971) • Magnum Force (1973) • The Enforcer (1976) • Sudden Impact (1983) • The Dead Pool (1988) |
- Amerikaanske plysjefilm
- Amerikaanske skrillerfilm
- Amerikaanske detektivefilm
- Ingelsktalige film
- Film fan Malpaso Productions
- Film fan Warner Bros.
- Film fan Don Siegel
- Film út 1971
- Film oer in searjemoardner
- Film oer in psychopaat
- Film oer in Amerikaanske plysjetsjinst
- Film oer in skerpskutter of slûpskutter
- Film oer in plysjeman