Dirty Harry (personaazje)
Harry Callahan | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare namme(n) | Harold Francis Callahan | |
bynamme | Dirty Harry | |
sekse | man | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berop/amt | resjersjeur | |
oare ynformaasje | ||
attributen | Smith & Wesson Model 29 .44 Magnum | |
geastlike heit | Harry Julian Fink en R.M. Fink | |
ûntstean | 1971 |
Dirty Harry (Ingelsk foar "Smoarge Harry"), wiere namme: Harry Callahan (folút: Harold Francis Callahan), is in fiktive Amerikaanske resjersjeur út San Francisco dy't de haadpersoan is yn 'e nei him ferneamde Dirty Harry-filmsearje. Dat is in filmsearje út 'e 1970-er en 1980-er jierren dy't bestiet út fiif films. De rol fan Dirty Harry waard yn alle fiif dielen fertolke troch akteur Clint Eastwood. Dirty Harry waard berucht om't er it net sa nau nimt mei de regels fan syn berop en út en troch suver as figilante te wurk giet. Hy draacht in reuseftige Smith & Wesson Model 29 .44 Magnum-revolver by him en is net skruten om dy te brûken. Utspraken dêr't er mei op 'e lapen komt yn it gefal fan in wapene ympasse binne legindarysk wurden: lykas "Go ahead, make my day," ("Toe mar, meitsje myn dei mar goed") en "[…] you've got to ask yourself one question: 'Do I feel lucky?' Well, do ya, punk?" ("[…] moatst dysels ien fraach stelle: 'Is dit myn geloksdei?' No, wat tinkst, ellindeling?").
Bynamme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bynamme Dirty Harry (letterlik: "Smoarge Harry") wurdt yn 'e earste film troch syn kollega Frank DiGiorgio útlein troch te sizzen dat Harry alle minsken itselde beoardielet, want hy hatet eltsenien. Dêrnei neamt er in list op mei rasistyske skelwurden foar alderhanne befolkingsgroepen. It wurdt lykwols al rillegau dúdlik dat dat in grap wie, want rasisme is no krekt net ien fan Harry syn karakterflaters. Sels seit er letter dat er syn bynamme tanket oan it feit dat er altyd alle smoarge putsjes opknappe moat.
Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De folgjende films geane oer Dirty Harry:
- 1971 – Dirty Harry
- 1973 – Magnum Force
- 1976 – The Enforcer
- 1983 – Sudden Impact
- 1988 – The Dead Pool
Persoanlikheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dirty Harry, dy't eins Harold Francis Callahan hjit, is in ynspekteur by it San Francisco Police Department. Hy is, oan syn namme te sjen, fan etnysk Iersk en religieus roomsk komôf, mar de films meitsje net in protte oer syn eftergrûn bekend. Yn 'e earste film wurdt op in stuit (troch in oar personaazje) suggerearre dat se allebeide opgroeid binne yn 'e wyk Potrero Hill. Harry fertelt in partner dat er foarhinne troud wie, mar dat syn frou deariden is troch ien dy't mei drank op efter it stjoer siet. Yn lettere films wurdt ferskate kearen suggerearre dat Harry foarhinne yn it Amerikaanske Marinierskorps tsjinne hat.
Harry syn leafhawwerijen binne it dwaan fan sjitoefenings en it spyljen fan pool. Hoewol't er sawol hurddraaft as gewichtheft, liket er te bestean op in dieet fan swarte kofje, hotdogs en hamburgers. Hy drinkt bier en by ien gelegenheid apelsop. Harry hat gjin geduld mei burokrasy, en skrillet der net foar tebek op it rjocht yn eigen hân te nimmen as him it wurk ûnmooglik makke wurdt troch ûnhandige regeljouwing, foarmflaters of de ynkompetinsje fan oaren.
Partners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]partner | film | spile troch | lot |
---|---|---|---|
Tom Fanducci | net sjoen | n.f.t. | omkommen |
Fred Dietrich | net sjoen | n.f.t. | ferwûne rekke |
Chico González | Dirty Harry | Reni Santoni | delsketten, dêrnei opbettere mar oar wurk socht |
Frank DiGiorgio | Dirty Harry Magnum Force The Enforcer |
John Mitchum | omkommen: deastutsen |
Earlington "Early" Smith | Magnum Force | Felton Perry | omkommen: opblaasd troch in bom yn syn brievebus |
Kate Moore | The Enforcer | Tyne Daly | omkommen: deasketten mei in M16-mitrailleur |
Horace King | Sudden Impact | Albert Popwell | omkommen: kiel trochsnien |
Al Quan | The Dead Pool | Evan C. Kim | ferwûne, oerlibbe in ûntploffing |
Relaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Dirty Harry fertelt Harry dat syn (nammeleaze) frou koartby omkommen is by in ferkearsûngemak dat feroarsake waard troch ien dy't mei drank op efter it stjoer siet. Yn Magnum Force begjint er in seksuele relaasje mei Sunny, in buorfrou fan Aziatysk komôf. Yn Sudden Impact liket er in relaasje te begjinnen mei de figilante Jennifer Spencer, al is ûnwis hoefier't dat giet. Yn The Dead Pool, ta einbeslút, wurdt in romantyske relaasje ymplisearre mei korrespondinte Samantha Walker, en de film einiget as sy en Harry tegearre fuortrinne.
Kulturele erkenning
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dirty Harry is sa ikoanysk wurden, dat syn bynamme de Amerikaansk-Ingelske sprektaal binnenkrongen is as oantsjutting foar in plysjeman dy't oer liken giet. It Britske tydskrift Empire parte Dirty Harry it 23e plak ta op syn list fan 'e hûndert bekendste filmpersonaazjes aller tiden. Op 'e ranglist fan bêste filmsitaten fan it Amerikaanske Film Ynstitút (AFI) steane twa sitaten fan Dirty Harry:
- 6. "Go ahead, make my day," ("Toe mar, meitsje myn dei mar goed")
- 51. "I know what you're thinking: 'Did hy fire six shots of only five?' Well, to tell you the truth, in all this excitement I've kinda lost track myself. But being as this is a .44 Magnum, the most powerful handgun in the world, and would blow your head clean off, you've got to ask yourself one question: 'Do I feel lucky?' Well, do ya, punk?" ("Ik wit watst tinkst: 'Hat er seis kear sketten of net mear as fiif?' No, om dy de wierheid te sizzen, yn alle opwining bin ik sels eins ek de tel kwytrekke. Mar yn acht nommen dat dit in .44 Magnum is, it krêftichste pistoal fan 'e wrâld, dat dyn kop der skjin ôf blaze soe, moatst dysels ien fraach stelle: 'Is dit myn geloksdei?' No, wat tinkst, ellindeling?")
It earste sitaat waard yn in taspraak dy't er yn maart 1985 joech, lient troch de Amerikaanske presidint Ronald Reagan. Wylst er ûnthiet elts wetsfoarstel om 'e belesting te ferheegjen, tsjin te hâlden mei in feto, dage er syn tsjinstanners út: "Go ahead, make my day." Itselde sitaat is ek de namme fan in steatswet yn Colorado wurden, de Make My Day Law, dy't de ynwenners fan dy Amerikaanske steat beskermet tsjin rjochtsferfolging as se yn eigen hûs deadlik geweld tsjin ynbrekkers brûke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |