Hotdog

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
In hotdog mei moster.

In hotdog (fan it Ingelske hot dog) is in gerjocht dat bestiet út in grillde of steamde krûdige woarst, optsjinne yn 'e spjalt fan in yn 'e lingterjochting diels midstwa snien broadsje. Dit gerjocht is in foarm fan fastfood. De hotdog fynt syn oarsprong yn 'e Feriene Steaten en is dêre in wier kultureel ikoan, dat ornaris op 'e strjitte kocht wurdt by in hotdogkarre. Tsjintwurdich wurdt it gerjocht ek wol yn oare lannen en territoaria iten, mar lang safolle net as yn 'e Feriene Steaten.

De namme hot dog (letterlik: "hjitte hûn") komt mooglik fan njoggentjinde-iuwske beskuldigings dat woarstmakkers hûnefleis yn harren produkten ferwurken. (Yn dielen fan Dútslân, lykas Saksen, Sileezje, Saksen-Anhalt en Beieren, wie konsumpsje fan hûnefleis yn 'e njoggentjinde en iere tweintichste iuw hiel gewoan.)

Behalven nei it hiele gerjocht kin de term 'hotdog' ek ferwize nei inkeld de woarst, dy't spesifyk in wiener (Weenske woarst) of in frankfurter (Frankfurter woarstje) is. Dy nammen ferwize nei in oarsprong yn Eastenryk en Dútslân, en yndie binne sokke fleiswaren dêrwei troch emigranten yn 'e Feriene Steaten yntrodusearre. It iten fan sokke woarsten yn in broadsje is lykwols in Amerikaanske útfynst.

It is by hotdogs ûngewoan om inkeld in woarst yn in broadsje te iten; dêr wurde yn 'e regel ien of mear kondiminten oan tafoege. Moster, ketchup, soerkoal en/of sipels binne yn dat ramt faak foarkommende tafoegings. Minder faak wurdt der ek mayonêze, spuittsiis, raspe tsiis, Spaanske piper, jalapeño, slaad, bacon en/of oliven by dien.

Fan oarsprong is de hotdog in type iten fan 'e arbeidersklasse yn 'e grutte stêden yn it Noardeasten en Midwesten fan 'e Feriene Steaten, lykas New York, Philadelphia, Baltimore, Boston, Chicago, Detroit en Milwaukee. Meitiid rekke de hotdog yn 'e Feriene Steaten sterk assosjearre mei de sport honkbal, om't hotdogferkeapers honkbalwedstriden oangriepen om harren waar oan it publyk te sliten. Geandewei de tweintichste iuw ferovere de hotdog de hiele legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten en teffens it suden fan Kanada.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.