Springe nei ynhâld

The Enforcer (film út 1976)

Ut Wikipedy
The Enforcer
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur James Fargo
produsint Robert Daley
senario Stirling Silliphant
Dean Riesner
kamerarezjy Charles W. Short
muzyk Jerry Fielding
filmstudio The Malpaso Company
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Clint Eastwood
Tyne Daly
byrollen Harry Guardino
Bradford Dillman
John Mitchum
DeVeren Brookwater
Albert Popwell
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 22 desimber 1976
foarm langspylfilm
sjenre plysjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 96 minuten
budget en resultaten
budget $9 miljoen
opbringst $46,2 miljoen (Feriene Steaten)
filmsearje
filmsearje Dirty Harry
● foarich diel Magnum Force
● folgjend diel Sudden Impact

The Enforcer is in Amerikaanske plysjefilm út 1976 ûnder rezjy fan James Fargo, mei yn 'e haadrollen Clint Eastwood en Tyne Daly. De titel ferwiist nei immen dy't tafersjoch hâldt op it neilibjen fan beskate regels, lykas yn dit gefal in plysjeman. It ferhaal folget de bikkelhurde plysje-ynspekteur Dirty Harry Callahan, dy't diskear op it spoar komt fan terroristelieder Bobby Maxwell. The Enforcer wie it trêde diel fan 'e filmsearje Dirty Harry en folge as sadanich op Magnum Force, út 1973. De film krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, hoewol't datselde net gou foar it aktearjen fan Clint Eastwood. Yn elts gefal wie The Enforcer in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.

Op it plattelân fan Marin County wurde twa wurknimmers fan it gasbedriuw troch in skraach klaaide jonge frou nei in ôfhandich plak ta lokke, dêr't se fermoarde wurde troch Bobby Maxwell. Underwilens reägearje plysje-ynspekteur Dirty Harry Callahan en syn partner Frank DiGiorgio yn San Francisco as der in oprop oer de plysjeradio komt foar assistinsje by in oerfal op in sliterij dy't oan 'e gong is. De oerfallers hawwe fjouwer lju yn gizeling nommen en easkje in auto mei in plysjeradio om yn fuort te kommen. Callahan beslút se te jaan wêr't se om freegje en riidt syn eigen auto troch de foargevel fan 'e sliterij nei binnen. Dêrnei sjit er de oerfallers del.

Underkommissaris McKay is min te sprekken oer Callahan syn stunt en beskrobbet him danich foar it gebrûk fan ûnnedich geweld by it oermasterjen fan 'e oerfallers en ek foar it feroarsaakjen fan mear as $14.000 skea oan 'e sliterij. By wize fan bestraffing wurdt Callahan oerpleatst fan Moardsaken nei de ôfdieling Personiel. Dêr moat er dielnimme oan beoardielingspetearen mei sljochtwei plysjes dy't sollisitearre hawwe nei de post fan ynspekteur. It docht bliken dat McKay, om in wyt fuotsje te heljen by de boargemaster, besletten hat dat der troch tapassing fan positive diskriminaasje trije froulike ynspekteurs komme moatte. By ien petear befreget Callahan Kate Moore, in plysje dy't oant no ta hast inkeld yn it argyf wurke hat, oer har tige beheinde ûnderfining yn it fjild.

De binde fan Bobby Maxwell, de saneamde People's Revolutionary Strike Force (PRSF), brûkt it bedriuwsbuske en de unifoarmen fan 'e beide wurknimmers fan it gasbedriuw om (troch te bearen dat der in gaslek is) tagong te krijen ta in pakhûs dêr't wapens opslein lizze. Dêr stelle se mitrailleurs, munysje, springstof, bazooka's en in taserpistoal. By de berôving wurdt de befeiligingsman fan it pakhûs fermoarde. Ynspekteur DiGiorgio, dy't tafallich foarbykomt en it lyk fan 'e man lizzen sjocht, giet op ûndersyk út en wurdt troch Maxwell deadlik ferwûne. Ien fan Maxwell syn trewanten, in jonge frou dy't Miki hjit, komt om as DiGiorgio syn pistoal by fersin ôfgiet wylst er yn 'e rêch stutsen wurdt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Wylst er yn it sikehûs op stjerren leit, fertelt DiGiorgio oan Callahan dat er syn moardner weromkoe: de man hat ris earder as fertochte by in moardsaak yn byld west, mar hy kin net mear op syn namme komme. Callahan giet nei it argyf ta om yn 'e stikken te sykjen fan 'e âlde saak dy't DiGiorgio neamd hat, en komt werom mei in listke mei de nammen fan alle fertochten. Hy wurdt wer oerpleatst nei Moardsaken om it ûndersyk nei de moard op DiGiorgio te lieden, en dêr is er bliid mei. Mar McKay soarget derfoar dat syn nije partner nimmen oars is as de folslein griene Kate Moore, eat dêr't er minder bliid mei is.

Nei't se op in deunby leine legerbasis in demonstraasje sjoen hawwe fan hoe't in bazooka wurket en hokfoar skea sa'n wapen oanrjochtsje kin, geane Callahan en Moore nei it mortuarium, dêr't se de lykskôging fan 'e fermoarde befeiligingsman bywenje. Moore, dy't it ferpoft om op 'e gong te wachtsjen, sa't Callahan har frege hat, wurdt net goed as se sjocht hoe't de patolooch-anatoom de harsens fan 'e man út 'e plasse hellet, en moat sjen dat se bûtendoar komt. Callahan giet har efternei en sadwaande binne se allebeide bûten as der eefkes letter in bom yn it gebou ôfgiet. Dy wie pleatst yn it húske en hat aldergeloks inkeld materiële skea oanrjochte.

Callahan hie foàr de bomoanslach in âlde bekende fan 'e plysje yn it gebou sjoen, en as Moore de man neitiid fuortrinnen sjocht, sette sy en Callahan efter him oan. Nei in lange efterfolging oer de dakken fan San Francisco wit Callahan de man einlings en te'n lêsten te pakken te krijen yn in tsjerke, dêr't de ynspekteur lykwols foar syn gewelddiedige hâlden en dragen beskrobbe wurdt troch de pastoar. De oanslachdogger is de swarte krimineel Henry Lee Caldwell, dy't ienris op it plysjeburo lykwols gjin wurd sizze wol.

Callahan en Moore sykje dan Big Ed Mustapha op, de lieder fan in Afro-Amerikaanske militante groepearring, dêr't Caldwell foarhinne lid fan wie. Under in beskate mjitte fan druk identifisearret Mustapha op it listke mei âlde fertochten dat Callahan him sjen lit de namme fan Bobby Maxwell as de man dy't er hawwe moat. Callahan goait it op in akkoartsje mei Mustapha om de man te helpen yn ruil foar ynformaasje oer de lokaasje fan Maxwell. Mar Callahan en Moore binne amper fuort of in grutte plysjemacht ûnder lieding fan McKay docht in ynfal wêrby't alle leden fan 'e groep fan Mustapha oppakt wurde. McKay is der nammentlik fan oertsjûge dat swarte militanten efter de oerfal op it wapenpakhûs sitte, en troch de bân tusken Caldwell en Mustapha sjocht er syn teory befêstige.

Letter dy deis wurde Callahan en Moore by de boargemaster roppen foar in parsekonferinsje mei McKay, wêryn't de oplossing fan 'e oerfal op it wapenpakhûs buorkundich makke wurde sil. Callahan wiist derop dat de wapens net weromfûn binne, mar McKay is der wis fan dat dat noch wol barre sil. Callahan hâldt fol dat mei Mustapha-en-dy de ferkearden efter de traaljes kommen binne. Hy wegeret oan 'e poppekast fan 'e parsekonferinsje mei te wurkjen, en de rûzje mei McKay eskalearret ta it punt dat dyselde easket dat Callahan syn plysje-ynsinje ynleveret. Callahan jout it ynsinje oer en byt McKay ta dat er it mar yn syn kont stopje moat, wêrnei't er lulk fuortskonket. Moore jout har by Callahan en ferlit mei him it stedhûs, wêrmei't se syn respekt fertsjinnet.

Neitiid ûntfiere Maxwell en de oare leden fan syn PRSF de boargemaster as dyselde by in sportwedstryd wei komt. Mei de help fan Mustapha, dy't op boarchtocht frijkommen is nei't Callahan en Moore jild foar him ynlein hawwe, ûntdekt Callahan dat de boargemaster fêstholden wurdt op it âlde finzeniseilân Alcatraz, yn 'e Baai fan San Francisco. Callahan en Moore bejouwe harren dêrhinne. Wylst Callahan ferskate leden fan 'e PRSF út 'e wei rommet, befrijt Moore de boargemaster. Neitiid wurdt se lykwols deadlik ferwûne troch Maxwell as se Callahan syn libben rêdt. Maxwell wit dêrtroch de boargemaster wer yn 'e hannen te krijen en flechtet mei syn finzene omheech yn in âlde wachttoer. Callahan fynt lykwols in yn it gefjocht efterlitten bazooka en as Maxwell boppe-yn de toer ferskynt, blaast er mei in raket de hiele top fan 'e toer derôf.

De boargemaster, dy't him krekt ûnder it diel fan 'e toer befûn dat Callahan ferneatige hat, wol him syn tankberens dúdlik meitsje, mar dat kin Callahan neat skele. Hy rint by de man wei om werom te kearen nei it stoflik omskot fan Moore, wylst McKay boppe it eilân mei in lûdsprekker út in helikopter omropt dat er it losjild by him hat en dat er it oan Maxwell jaan sil as dy de boargemaster frijlit.

Clint Eastwood yn 'e rol fan Dirty Harry.
Tyne Daly yn 1997, tweintich jier nei The Enforcer.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
ynspekteur Dirty Harry Callahan Clint Eastwood
resjersjeur Kate Moore Tyne Daly


byrollen
personaazje akteur/aktrise
haadynspekteur Al Bressler Harry Guardino
ûnderkommissaris Jerome McKay Bradford Dillman
ynspekteur Frank DiGiorgio John Mitchum
Bobby Maxwell DeVeren Brookwater
Big Ed Mustapha Albert Popwell
boargemaster John Crawford
Henry Lee Caldwell Tim Burrus
Buchinski Robert Hoy
Lalo Michael Cavanaugh
Miki Jocelyn Jones
Karl Dick Durock
Wanda Samantha Doane
pastoar John M.G. Kelly
radiodiscjockey Terry McGovern
sjauffeur fan 'e boargemaster John Roselius
oerfaller Mendez Rudy Ramos
oerfaller Mitchell Joe Spano

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Enforcer wie it trêde diel út 'e fiifdielige filmsearje oer de bikkelhurde plysje-ynspekteur Dirty Harry Callahan, nei de films Dirty Harry en Magnum Force. De ierste foarm fan it senario foar de film, mei as titel Moving Target, waard skreaun troch twa studinten út 'e omkriten fan San Francisco, Gail Morgan Hickman en S.W. Schurr. Dyselden betochten in ferhaal wêryn't Dirty Harry it opnaam tsjin in gewelddiedige militante groepearring dy't se basearren op it Symbioneeske Befrijingsleger (SLA), de groep dy't yn 1974 miljonêrsdochter Patty Hearst ûntfierde. Yn it senario ûntfierde de groep ynstee de boargemaster fan San Francisco en easke losjild foar syn frijlitting.

Nei't Hickman en Schurr it skript ôf hiene, reizge Hickman nei Carmel-by-the-Sea, dêr't se nei it restaurant gie dat eigendom wie fan Clint Eastwood en it senario oan dy syn sakepartner Paul Lippman joech mei it fersyk om it troch te jaan oan Eastwood. Dyselde fûn dat it skript noch flink byskaafd wurde moast, mar hy mocht it yn grutte halen wol lije, yn 't bysûnder de roomske preester mei militante oertsjûgings en de portrettearring fan swarte militanten, dy't basearre wie op 'e Black Panther Party.

Underwilens hie filmstudio Warner Bros. Stirling Silliphant oan it wurk set om in senario foar in nije Dirty Harry-film te skriuwen. It resultaat wie in skript dat Dirty Harry and More hiet, wêryn't Callahan as nije partner in Aziatyske frou krige dy't More hiet. Eastwood fûn in froulike partner ek in goed idee, mar neffens him hie it senario fan Silliphant te min aksje. Dêrom lange er Silliphant it skript fan Hickman en Schurr oer en joech him opdracht om eleminten út 'e beide skripts te fermingen. It resultearjende skript lei nei Eastwood syn miening noch altyd tefolle de klam op karakterûntwikkeling en te min op aksje, dat hy liet it nochris oereidzje troch Dean Riesner, dy't earder ek oan 'e senario's fan Dirty Harry en Coogan's Bluff wurke hie.

De film wie it debút as regisseur fan James Fargo. As produsint wie Robert Daley by it projekt belutsen foar Eastwood syn eigen filmstudio The Malpaso Company (no: Malpaso Productions). Der wie foar The Enforcer in budget beskikber fan $9 miljoen. De opnamen fûnen yn 'e simmer 1976 plak, foar it meastepart op lokaasje yn San Francisco en omkriten. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Charles W. Short, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Jerry Fielding. De produksje operearre lange tiid ûnder de wurktitel Dirty Harry III, mar Eastwood fûn dat de film in eigen namme fertsjinne. Uteinlik kaam er healwei de opnamen op 'e lapen mei The Enforcer.

De distribúsje fan The Enforcer waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 22 desimber 1976 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

Fan 'e filmkritisy krige The Enforcer oer it algemien positive resinsjes, mar it aktearjen fan Clint Eastwood moasten de measten neat fan hawwe. Der wie ek krityk op 'e mjitte fan it geweld yn 'e film. It tydskrift Variety skreau dat de film "in fersliten kopy fan Dirty Harry" wie.

Al dy negative punten waarden lykwols folslein yn it skaad steld fan 'e lof dy't Tyne Daly foar har rol fan Kate Moore taswaaid krige. Har personaazje waard sjoen as in sterke froulike plysje, en har aktearprestaasje yn The Enforcer bewissige har fan har lettere soartgelikense rol as Mary Beth Lacey yn 'e plysjesearje Cagney and Lacey. De lof foar Daly lekte ek troch nei Eastwood en syn filmstudio, The Malpaso Company. Resinsinte Marjorie Rosen skreau dat Malpaso "in heldinne fan stiel útfûn" hie, en yn The Hollywood Reporter priizge Jean Hoelscher Eastwood foar it loslitten fan syn ego by it casten fan sa'n sterke aktrise as tsjinspylster.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Enforcer in frij heech goedkarringspersintaazje fan 79%, basearre op 28 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Enforcer in goedkarringspersintaazje fan 58%, basearre op 7 resinsjes.

The Enforcer brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten $46,2 miljoen op. Hoewol't ûnbekend is wat de opbringst wrâldwiid wie, kaam de film dêrmei tsjin in budget fan $9 miljoen al út op in winst fan $37,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie The Enforcer de op acht nei meast opbringende film fan 1976.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Dirty Harry (filmsearje)
Dirty Harry (1971) • Magnum Force (1973) • The Enforcer (1976) • Sudden Impact (1983) • The Dead Pool (1988)