Mortuarium
In mortuarium, funerarium of eartiids ek lykhûs of baarhûs, is in plak dêr't it lichem fan in ferstoarne in stik as wat dagen bewarre en/of opbierd wurde kin oant de begraffenis of kremaasje.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Begraafplakken en tsjerkhoven hiene faak in baarhok, dêr't de deaden opbiere waarden en dêr't de lykbieren opslein waarden. Pas nei 36 oeren koe mei wissichheid de dea fêststeld wurde. Teffens wiene der "lykhúskes" foar deaden dy't it slachtoffer wurden wiene fan besmetlike syktes. Dy waarden apart holden om fierdere besmetting foar te kommen. In protte baarhokken waarden letter brûkt as opslach foar túnark foar it ûnderhâld fan it begraafplak. Guonts binne oanwiisd as ryksmonumint.
Yn de Nederlânske Wet op de Besmetlike Sykten fan 1872 waard bepaald dat elts begraafplak in baarhûs hawwe moast.
Hjoeddeisk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sikehuzen en ferpleechhuzen hawwe altyd in mortuarium. Dy yn sikehuzen hawwe in opbierkeamer, dêr't neibesteanden opfongen wurde kinne en ôfskied nimme kinne fan in ferstoarne. Fierder is der yn it gefal fan sikehuzen in seksjekeamer: in romte dêr't de ferstoarne ûndersocht wurde kin, bygelyks troch de gemeentlike lykskôger en út en troch ek troch in patolooch-anatoom. In mortuarium hat ek altyd in kuolromte of kuolsellen. Troch it kuoljen fan it lyk ferrint de ûntbining stadiger, wat fan belang is foar in mooglike obduksje, donaasje of opbierjen.
Yn soarchynstellingen wurdt stribbe nei it kuoljen fan in ferstoarne binnen 3 oeren nei de lykskôging fan de dokter.