Kezar Stadium
Kezar Stadium | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Kalifornje | |
county | San Francisco County | |
plak | San Francisco | |
adres | 755 Stanyan Street | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | sportstadion | |
subtype | atletykstadion | |
boujier | 1925, werbou 1990 | |
sloopjier | 1989 | |
arsjitekt | Willis Polk | |
oare ynformaasje | ||
kapasiteit | 59.942 (1925-1989) 10.000 (sûnt 1990) | |
kosten | $300.000 | |
kaart | ||
Kezar Stadium is in iepenloft-stadion yn 'e Amerikaanske stêd San Francisco, yn 'e steat Kalifornje. It stiet njonken it Kezar Pavilion yn 'e súdeastlike hoeke fan it Golden Gate Park. It is eigendom fan 'e gemeente-en-county San Francisco.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It stadion waard yn 1924 yn opdracht fan it gemeentebestjoer boud foar $300.000, wêrfan't $100.000 ôfkomstich wie út 'e neilittenskip fan in Mary Kezar (dêrfandinne de namme). It ûntwerp fan it gebou waard makke troch arsjitekt Willis Polk. It stadion waard op 2 maaie 1925 iepene en bea doe romte foar 59.943 minsken.
Oarspronklik wie Kezar Stadium in atletykstadion, dêr't benammen oan hurddraven dien waard. Fan 'e 1930-er jierren ôf waarden der lykwols ek wedstriden organisearre fan motorracen, autoracen, rugby, lacrosse, fuotbal, honkbal, Amerikaansk fuotbal, cricket en boksen. Kezar Stadium wie it earste stadion fan 'e San Francisco 49ers (fan 1946 oant 1970) en de Oakland Raiders (yn 1960). De 49ers ferhuzen foar it sportseizoen fan 1971 nei it modernere en better tagonklike Candlestick Park.
Yn 1971 waarden sênes út 'e filmklassiker Dirty Harry, mei Clint Eastwood yn 'e haadrol, yn Kezar Stadium opnommen. Yn 'e 1970-er en 1980-er jierren waard it stadion behalven foar sportwedstriden ek brûkt foar muzykkonserten. Sa waarden der optredens holden troch Led Zeppelin, Joan Baez, de Grateful Dead, Santana, Waylon Jennings, Bob Dylan en Neil Young.
Yn 1989 waard it âlde stadion, dat doe folslein efter de tiid rekke wie, ôfbrutsen. Dêrfoar yn it plak kaam in nij stadion mei deselde namme, mar mei in folle beheindere publykskapasiteit fan 'mar' 10.000 minsken. De atletykbaan waard útwreide ta acht banen en it sportfjild waard geskikt makke foar it spyljen fan fuotbal, Amerikaansk fuotbal en lacrosse yn alle waarsomstannichheden. Fan 2014 oant 2015 wie Kezar Stadium ticht om't der in yngeande renovaasje útfierd waard.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|