Springe nei ynhâld

The Vikings (film)

Ut Wikipedy
The Vikings
film
makkers
regisseur Richard Fleischer
produsint Jerry Bresler
senario Calder Willingham
Dale Wasserman
basearre op The Viking fan Edison Marshall
kamerarezjy Jack Cardiff
muzyk Mario Nascimbene
filmstudio Bavaria Film
Bryna Productions
Curtleigh Productions
distribúsje United Artists
spilers
haadrollen Kirk Douglas
Tony Curtis
voice-over Orson Welles
byrollen Janet Leigh
Ernest Borgnine
James Donald
Frank Thring
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Dútslân
premiêre 11 juny 1958
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske aventoerefilm
taal Ingelsk
spyltiid 116 minuten
budget en resultaten
budget $3,5 miljoen
opbringst $13,2 miljoen

The Vikings is in Amerikaansk-Dútske histoaryske aventoerefilm út 1958 ûnder rezjy fan Richard Fleischer, mei yn 'e haadrollen Kirk Douglas en Tony Curtis. De film waard opnommen yn Technicolor. It senario wie basearre op 'e roman The Viking, fan Edison Marshall, dy't sels wer fierhinne basearre wie op 'e Aldnoarske sêgen oer de Wytsing Ragnar Lodbrok en syn soannen. De plot fan The Vikings folget in rige dramatyske foarfallen yn 'e njoggende iuw, sawol mank de Wytsingen as yn it Angelsaksyske Keninkryk Noardumbrje. Se binne yn gong setten troch de Wytsinghaadman Ragnar, mar goed tweintich jier letter wurdt er der sels it slachtoffer fan. Nettsjinsteande negative resinsjes fan 'e filmkritisy ûntjoech The Vikings him ta in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.

By in ynfal fan 'e Wytsingen yn it Angelsaksyske Keninkryk Noardumbrje wurdt de kening deade troch de beruchte Wytsinghaadman Ragnar, wylst dyselde keninginne Enid ferkrêftet. Om't harren houlik sûnder bern bleaun wie, wurdt de kening opfolge troch syn neef, de ûnsympatike Aella. By de kroaning bekent keninginne Enid lykwols oan 'e roomske preester Godwin dat se troch de ferkrêfting swier rekke is. Hja stelt de lossittende ealstien út 'e ein fan it hânsel fan it swurd fan steat ear't dat oan Aella oerdroegen wurdt, en as har soan letter te wrâld kommen is, jout se dy oan him, om oan in toutsje om 'e hals te dragen. Om har soan, Erik, te beskermjen tsjin Aella, dy't him as in rivaal sjocht en him deadzje litte soe foar't er folwoeksen wie, stjoert Enid him oersee nei Itaalje. Mar it skip dêr't er mei reizget, wurdt ûnderweis oerfallen troch de Wytsingen, dy't Erik finzen nimme en ta slaaf meitsje.

In jier as tweintich nei't Aella op 'e troan kommen is, beskuldiget er in neef syn sines, de Noardumbryske ealman Egbert, fan ferrie en gearspanning mei de Wytsingen. De by heech en by leech protestearjende Egbert wurdt yn 'e tsjerkers fan it keninklik kastiel smiten, dêr't Aella by nacht syn selsmoard yn sêne sette wol. Mar Egbert is him te fluch ôf, en Aella-en-dy treffe in lege tsjerkersel oan. It docht bliken dat de kening it by it rjochte ein hie oangeande Egbert syn gearwurking mei de Wytsingen, want de ealman flechtet nei Ragnar ta, dy't him meinimt nei syn basis yn Noarwegen. Dêr hopet er Egbert syn kennis oer de kusten fan Noardumbrje en oare dielen fan it eilân Grut-Brittanje om te setten yn kaarten dy't er by syn ynfallen brûke kin. It is Egbert dy't de ealstien weromken dy't de ûnderwilens folwoeksen wurden slaaf Erik om 'e hals draacht, mar hy hâldt him stil en fertelt net ien oer syn ûntdekking. Sa is hy de iennichste dy't wit wa't Erik eins is, want keninginne Enid, dy't yn 'e tuskentiid ferstoarn is, hie har soan nea oer syn komôf fertelt.

Erik, dy't him net botte ûnderdienich hâldt en draacht, hellet himsels dêrtroch geregeldwei de grime op 'e hals fan Einar, de soan en erfgenamt fan Ragnar, dy't eins syn healbroer is. As er mei syn eigen fûgel in falkejacht fan Einar ûnderbrekt, krije de beide mannen sa'n spul, dat Erik syn falk oarderet om Einar oan te fallen. Dyselde ferliest dêrby in each. Einar keart tsjin dat de slaaf fuortendaliks deamakke wurdt, om't er him lije litte wol. As Ragnar him letter in flugge dea jaan wol, wurdt dat tsjinholden troch de völva (sjenneress) Kitala, dy't de slavejonge Erik grutbrocht hat. Hja warskôget Ragnar dat de flok fan 'e god Odin op eltsenien komme sil te rêsten dy't Erik deadet. Ragnar betinkt dêrop in list: hy lit Erik fêstbine yn in tijpoel, dy't by floed hielendal folrint, sadat er ferdrinke sil. Om't net ien him dan mei eigen hannen deadet, hopet er op dy wize de flok te ûntrinnen. As Erik lykwols yn uterste need de namme fan Odin oanropt, stekt der in ôflânige wyn op dy't it seewetter tebekdriuwt, sadat de floed syn heechste punt net berikke kin. Erik oerlibbet sa de tijpoel en neitiid hellet Egbert him derút, wêrmei't er oanspraak meitsje kin op it eigendom fan 'e slaaf. It is syn bedoeling om Erik te beskermjen, sadat er it komôf fan 'e slaaf letter brûke kin om út ballingskip werom te kearen nei Noardumbrje.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Om syn wearde foar harren te bewizen, makket Egbert Ragnar en Einar opmerksum op it houlik dat Aella fan Noardumbrje fan doel is te sluten mei kristlike prinsesse Morgana, de dochter fan prins Rhodri fan Wales. Einar fart út en oerweldiget it skip wêrmei't Morgana nei Noardumbrje brocht wurdt, wêrnei't er de prinsesse ûntfiert mei de bedoeling om Aella in hege lospriis foar har te freegjen. It rint lykwols oars as er ûnderweis werom nei Noarwegen fereale op it fanke rekket. Syn fijânskip mei Erik boazet noch oan as ek dy fereale op Morgana wurdt as er har by har oankomst yn Noarwegen foar it earst sjocht. Einar lit har en har tsjinstfaam Bridget op syn drakeboat yn 'e midden fan 'e fjord fêsthâlde. As hy en syn heit dy jûns dronken yn Ragnar syn feestseal sitte, bychtet Einar op dat er gefoelens foar Morgana hat. Dêrop slacht Ragnar foar om it plan mei de lospriis mar farre te litten en ynstee fan 'e prinsesse Einar syn frou te meitsjen. Dat liket Einar skoan ta, dat hy giet werom nei syn boat om alfêst in priuwke fan syn takomstige houlikslibben te nimmen. Ear't er Morgana lykwols ferkrêftsje kin, wurdt er bewusteleas slein troch Erik, dy't Morgana rêde wol mei in lyts skip dat er mei in oare slaaf foar Egbert boud hat.

Beselsskippe fan Kitala en in oare slaaf flechtet Erik mei Morgana en Bridget de fjord del nei iepen see, mei de bedoeling om oer te stekken nei Noardumbrje. Einar komt lykwols al rillegau wer by bewustwêzen, wêrnei't sawol hy as Ragnar de efterfolging ynsette mei harren folle gruttere drakeboaten. As it wer nacht wurdt, hawwe de Wytsingen Erik-en-dy hast te pakken, mar Erik lokket harren in mistbank yn, en as se dan op folle krêft trochroeie, slacht Ragnar syn skip lek op in rots en sinkt. Ferskaten fan syn mannen komme om, en Einar-en-dy binne oerenlang besteld mei it rêden fan 'e oerlibbenen. Ragnar, dy't desoriïntearre de ferkearde kant út swommen is, komt by Erik syn boat út, en wurdt finzennommen. Neitiid ûntkomme Erik-en-dy oer de Noardsee. Einar, dy't yn 'e oertsjûging ferkeart dat Ragnar ferdronken is, jout de efterfolging mei tsjinnichheid op om syn posysje as haadman te konsolidearjen. Underweis rekket Morgana ek fereale op Erik, en hja seit ta om Aella te freegjen om frijlitten te wurden fan har ûnthjit om mei him te trouwen.

As se ienris oankommen binne yn it kastiel fan Aella, is dyselde fansels net botte wiis mei Morgana har fersyk. Hy stjoert har mei preester Godwin nei de kapel om der nochris goed oer nei te tinken. Dêr merkt Godwin de ealstien op dy't Morgana fan Erik krigen hat en no om 'e hals draacht, en dy ken er werom as de ealstien út it hânsel fan it swurd fan steat, dy't keninginne Enid jierren lyn oan har soan jûn hat. Sa komt er efter de wiere identiteit fan Erik. Underwilens jout Aella opdracht om Ragnar warleas en fêstbûn yn in djippe kûle te smiten dêr't er in ridel wolven finzen hâldt. Om't er ek dejinge is dy't him finzen nommen hat, kriget Erik fan Aella de 'eare' taparte om 'e âlde Wytsing yn 'e kûle te driuwen. Ragnar stiet der by him op oan om him los te snijen en him in swurd te jaan, sadat er mei it swurd yn 'e hân stjerre kin en dêrtroch it Walhalla yngean kin. Dat liket Erik in ridlik fersyk ta, dat hy snijt syn boeiens troch en langet him syn swurd oer. Dêrop springt Ragnar laitsjend yn 'e wolvekûle om troch de úthongere bisten ferskuord te wurden. Aella fettet Erik syn die lykwols op as ferrie, en lit him ta bestraffing de lofterhân ôfslaan, de hân wêrmei't er Ragnar syn swurd jûn hat. Hy wol him noch helte minder dwaan, mar Morgana komt tuskenbeiden en kundiget oan dat se har fersyk ynlûkt om frijlitten te wurden fan har ûnthjit om mei Aella te trouwen. Dêrop lit Aella Erik libben gean.

Erik stekt mei Kitala en de oare slaaf op 'e nij de Noardsee oer en arrivearret werom yn 'e Wytsingdelsetting dy't no ûnder lieding stiet fan Einar. Dyselde hat om 'e nocht besocht en bepraat syn ûnderhearrigen om him te folgjen nei Noardumbrje, dêr't er Morgana weromstelle wol en wraak nimme wol op Erik. As Erik ynienen út himsels opdaagjen komt, wol Einar him earst deadzje, mar dat feroaret as er heart dat syn heit net ferdronken is, sa't er tocht hie, mar op befel fan Aella deade is. Erik syn djoerbetelle help oan Ragnar beävensearret in tydlik bestân tusken de beide healbruorren. Einar hat no gjin muoite mear om syn ûnderhearrigen mei te krijen om wraak te nimmen op Aella, en Einar en Erik sette mei de oare Wytsingen ôf nei Noardumbrje. Dêr witte se it kastiel fan Aella, dat op in skiereilantsje leit, ôf te snijen fan it fêstelân foar't der fersterkings oanfierd wurde kinne. De Wytsingen bestoarmje it kastiel en nimme it yn, wêrby't Einar en Erik allebeiden foaroan yn 'e striid binne. Erik giet efter de útnaaiende Aella oan. As er him ynhellet by de wolvekûle, smyt er him dêryn.

Underwilens klimt Einar nei de heechste toer, dêr't er Morgana oantreft. Hy makket har dúdlik dat er fan doel is en nim har ta frou, mar sy leit dêr tsjinyn dat se net fan him hâldt, mar fan Erik. Ek fertelt se him wat se fan preester Godwin fernommen hat, dat Einar en Erik healbruorren binne. Einar wegeret dat te leauwen, en sleept Morgana nei bûten ta, dêr't er Erik útdaget ta in twagefjocht. De beide bittere rivalen fjochtsje ta, oant Erik syn swurd brekt. Einar, dy't dan de kâns hat om him dea te slaan, wifelet as er yn it gesicht fan 'e oare ynienen de wierheid fan Morgana har wurden sjocht. Dat jout Erik, dy't noch hieltyd neat ôfwit fan harren sibskip, de mooglikheid om him yn 'e búk te stekken him de swurdskurde dy't noch oan it hânsel sit. As Einar, waans swurd him út 'e hannen fallen is, yn it stjerren leit, jout Erik him syn swurd wer oer, sadat ek hy it Walhalla yngean kin. Neitiid kriget Einar in Wytsingútfeart: syn stoflik omskot wurdt oan board fan in drakeskip pleatst, dat de see yn treaun wurdt, wêrnei't it mei fjoerpylken yn 'e brân set wurdt.

Kirk Douglas.
Tony Curtis en Janet Leigh.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Einar Kirk Douglas
Erik Tony Curtis


byrollen
personaazje akteur/aktrise
prinsesse Morgana Janet Leigh
Ragnar Lodbrok Ernest Borgnine
ferteller Orson Welles
Egbert James Donald
Aella fan Noardumbrje Frank Thring
preester Godwin Alexander Knox
Kitala Eileen Way
keninginne Enid Maxine Audley
Sandpiper Edric Connor
Bridget Dandy Nichols
Bjørn Izerkant Per Buckhøj

The Vikings waard regissearre troch Richard Fleischer nei in senario dat skreaun wie troch Calder Willingham en bewurke troch Dale Wasserman. It skript wie basearre op 'e roman The Viking, fan Edison Marshall, dy't yn 1951 publisearre wie. Marschall hie syn boek wer basearre op 'e Aldnoarske sêgen om 'e persoan fan 'e Wytsinghaadman Ragnar Lodbrok hinne. As produsint wie by it projekt belutsen Jerry Bresler, foar de filmstudio's Bavaria Film (út Dútslân), Bryna Productions (fan haadrolspiler Kirk Douglas) en Curtleigh Productions (fan akteurs Tony Curtis en Janet Leigh). Der wie foar The Vikings in budget beskikber fan $3,5 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jack Cardiff, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Mario Nascimbene.

Fort-la-Latte, yn Frankryk, gie troch foar it kastiel fan 'e keningen fan Noardumbrje.

De opnamen fan The Vikings fûnen foar it meastepart plak op lokaasje yn Noarwegen, yn Kvinnherad oan 'e Maurangerfjord, hoewol't guon binnendoarsênes filme waarden yn Britske studio's. Fierders waard ek oan 'e Limbaai yn Joegoslaavje (no Kroaasje) filme, wylst it kastiel fan Aella fan Noardumbrje eins it Fort-la-Latte wie, oan 'e Frânske kust fan Bretanje. Ernest Borgnine, dy't yn 'e film Ragnar, de heit fan Einar, spile, wie eins twa moannen jonger as Kirk Douglas, dy't de rol fan Einar fertolke. The Vikings wie de trêde fan fiif films wêryn't Tony Curtis en Janet Leigh ûnder harren houlik (dat duorre fan 1951 oant 1962) gearwurken as akteurs.

De distribúsje fan The Vikings waard fersoarge troch United Artists. De film gie op 11 juny 1958 yn New York yn premiêre.

The Vikings krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes. It tydskrift Variety foel, wat dat oangie, út 'e toan mei in resinsje dy't de film omskreau as "spektakulêr, opwinend en kleurryk", Kirk Douglas as "treflik passend by syn rol" en syn optreden as "geweldich". Yn The Washington Post skreau Leo Sullivan lykwols dat de film "wielderich" produsearre wie en "filme mei prachtige skientme troch dy master, Jack Cardiff", mar ek dat de plot fan 'e film "der net oan ûntkomme kin om saai te wêzen." John McCarten fan The New Yorker wie it mei him iens, en skreau: "It is in ferskriklik gefal, mar guon fan 'e útsichten oer de fjorden binne prachtich."

Yn The New York Times hie Bosley Crowther inkeld lof foar de kamerarezjy, mar hy wie teloarsteld dat de film "in klearebare kommersjeel stramyn folget, blykber sûnder earne te besykjen om wat nijs ta te foegjen. Utgeande fan it ferhaal oer de Noarmannen en de majestueuze aventoeren dy't hja perfoarst hiene by it útfieren fan ûntdekkingsreizen en it kolonisearjen fan 'e lege noardlike seeën, liket it oannimlik dat der wat heldhaftigers en ymposanters betocht wêze kinnen hie as dizze kopy fan in western […]."

Ien fan 'e opnamelokaasjes, yn 'e Kornati-eilannen yn Kroaasje.

Neffens Philip K. Scheuer, dy't foar de Los Angeles Times skreau, wie de film as drama "sa oerdreaun dat er troch de oardielkundige bioskoopbesiker mar kwealk serieus nommen wurde kin." Hy fûn dat The Vikings wol in "Prins Valiant-strip sûnder de prins" liek. De film siet neffens him sa grôtfol mei "halje-trawalje útfierde aksje dat it folwoeksen each it folgje sil mei in miks fan fermaak en ûnleauwe." Hoewol't de film folle mear suggerearret as sjen lit en de aksje dy't wol toand wurdt foar 21e-iuwske standerts alderferskuorrendste nuet is, wie Scheuer fierders fan miening dat "alle slaanderij, grouweldieden en ûnthalzings" The Vikings fierstente gewelddiedich makke om troch bern sjoen te wurden.

Nettsjinsteande de negative resinsjes ûntjoech The Vikings him yn 'e bioskopen ta in kommersjeel súkses. Yn 'e Feriene Steaten en Kanada brocht de film $6,2 miljoen op en yn alle oare lannen en territoaria nochris $7 miljoen. Yn totaal kaam dat del op in opbringst fan $13,2 miljoen wrâldwiid. Ofset tsjin it budget fan $3,5 miljoen smiet dat $9,7 miljoen winst op, hoewol't dêr de marketingkosten noch fan ôf moasten. Yn it Feriene Keninkryk wie The Vikings de op twa nei populêrste film fan 1958.

Akteur Kirk Douglas hie yn syn kontrakt fêstlizze litten dat er foar syn aktearjen gjin salaris ynkassearje soe, mar ynstee 60% fan 'e winst krige. Dat wie in snoade set dy't him úteinlik nei skatting $3 miljoen opsmiet.

Regisseur Richard Fleischer waard foar The Vikings nominearre foar in Directors Guild of America Award yn 'e kategory bêste rezjy. Kirk Douglas wûn mei syn rol as Einar de priis foar bêste akteur op it Ynternasjonaal Filmfestival fan San Sebastián.

De populariteit fan The Vikings joech yn 1959 oanlieding ta de tillefyzjesearje Tales of the Vikings, dy't produsearre waard troch Douglas syn studio Bryna Productions. De film wurdt ek beskôge as oanlieding foar it meitsjen fan ferskate oare films oer de Wytsingen, wêrûnder The Long Ships, fan Jack Cardiff, en it Italjaanske Gli Invasori, fan Mario Bava.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bibliography en References, op dizze side.