Hamilton (Ontario)
Hamilton | ||
Bestjoer | ||
Lân | Kanada | |
Provinsje | Ontario | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 519.949 (2011) | |
Oerflak | 1.138,11 km² | |
Befolkingsticht. | 465,4 / km² | |
Stêdekloft | 721.053 | |
Hichte | 75 - 724 m | |
Oar | ||
Tiidsône | EST (UTC-5) | |
Simmertiid | EDT (UTC-4) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
www.hamilton.ca |
Hamilton is in stêd yn it suden fan de provinsje Ontario yn Kanada (tichteby Toronto). It is de treds grutte gemeente fan Ontario, en de op njoggen nei grutste stêd fan Kanada. De haven fan de stêd leit oan de Ontariomar en wurdt wol de meast natuerlik foarme haven fan de wrâld neamd.
Bekende ynstellingen yn Hamilton binne it fleanmasinemuseum Canadian Warplane Heritage, it Kanadeeske Football Hall of Fame en de Royal Botanical Gardens, dêr't it haadkertier fan it Canadian Botanical Conservation Network húsmannet.
It biedwurd fan Hamilton is Together Aspire - Together Achieve ('Meiïnoar stribje - Meiïnoar prestearje').
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Mohawk-yndianen wienen de earste bewenners fan it gebiet dêr't Hamilton no leit. Distiid leit besuden Hamilton, yn de rjochting fan Brantford (it plak fan yndianehaadman Joseph Brant), it grutste yndianereservaat fan Kanada: Six Nations of the Grand River ('De seis folken fan de grutte rivier').
De earste Europeaan yn de kontreien wie Étienne Brûlé yn 1616. Nei de ûnôfhinklikheid fan de Feriene Steaten fêstigje har dêr Britten. Yn de kriich fan 1812 wienen de Feriene Steaten en Grut-Brittanje oan de slach by Stoney Creek yn de gemeente Hamilton.
- 1815: George Hamilton, in pleatslik politikus, ferkeapet 106 ha lân yn it distrikt Wentworth.
- 1833: De gemeente krijt plysje en wurdt nei George Hamilton neamd.
- 1846: Hamilton wurdt in stêd.
- 1930: Hamilton organisearret de British Empire Games.
- 1974: De stêd Hamilton en alle oare fiif gemeenten yn it ditrikt Wentworth (Ancaster, Dundas, Flamborough, Glanbrook, Stoney Creek) stiftsje it regionaal ferbân Hamilton-Wentworth.
- 2001: Alle gemeenten yn de regio Hamilton-Wentworth komme oan Hamilton.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hamilton hie yn 2006 noch 504,559 ynwenners. De agglomeraasje hie doe 692,911 ynwenners. In tredde part fan de befolking is net berne yn Kanada. Dêr sitte in protte minsken dy't oarspronklik út Ingelân, Skotlân en Ierlân komme. Teffens binne 32.330 minsken fan Nederlânsk komôf.
De measte minsken binne kristlik (77.56%), mar der wenje ek moslims (1.96%), joaden, boedisten en hindoes (alle trije ûnder de 1%) yn Hamilton.