Springe nei ynhâld

Myspace

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan MySpace)
Logo

Myspace is in meartalich sosjaal netwurk op ynternet dêr't de brûkers de mooglikheid hawwe om weblogs, profilen, groepen, foto's, fideo's ensafh. te behearen en op te laden. Myspace begûn yn augustus 2003 yn Santa Monica, Kalifornje. Hjoed-de-dei hat Myspace syn haadkantoar yn Beverly Hills, Kalifornje.

Yn ferliking ta oare sosjale media leit it swiertepunt fan Myspace foaral by de muzyk. Yn de earste jierren nei de start fan de webside brûkten foaral artysten de firtuele mienskip. Hjoed-de-dei wurde de fansiden faak byholden troch fanclubs of it management fan de artyst/band. De pagina's op Myspace jouwe bygelyks ynformaasje oer it ferskinen fan nije CD-albums of konsertdata. In soad bands sette faak ek in stikmannich nûmers online sadat de besikers dy fergees hearre kinne, of biede de mooglikheid nûmers del te heljen.

Byldmark sa't yn 2010 wie.

Myspace is yn 2003 opset troch eUniverse. Yn 2005 waard it koft troch News Coprporation.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]