South by Southwest

Ut Wikipedy
South by Southwest
plak en tiid
lân Feriene Steaten
steat Teksas
county Travis County
plak Austin (Teksas)
tiid fan it jier mids maart
bysûnderheden
ôfkoarting SxSW
soarte evenemint ferskaat, sjoch tekst
bestean 1987 – no
org. troch SxSW, LLC
offisjele webside
sxsw.com

South by Southwest (Ingelsk foar: Súd- by Súdwest), offisjeel ôfkoarte ta SxSW, is in elts jier yn mids maart plakfinende gearklûntering fan ferskate parallel organisearre eveneminten yn Austin, de haadstêd fan 'e Amerikaanske steat Teksas. Dêrby giet it om in filmfestival, in muzykfestival, in konvinsje anneks fakbeurs op it mêd fan ynteraktive media en in konvinsje oer ûnderwiiskundige ynnovaasje. Yn 2017 duorre it filmfestival njoggen dagen, it muzykfestival sân dagen, de ynteraktive konvinsje fiif dagen en hiele evenemint yn totaal tsien dagen.

South by Southwest waard yn 1987 oprjochte troch Roland Swenson, Louis Jay Meyers, Louis Black en Nick Barbaro. It evenemint wurdt tsjinwurdich organisearre troch SxSW, LLC. Dat bedriuw beävensearret ek ferskate oare konvinsjes, wêrûnder SxSW V2V yn Las Vegas, en muzykfestivals, lykas (yn it ferline) North by Northwest yn Portland (Oregon), North by Northeast yn Toronto en West by Southwest yn Tucson (Arizona). South by Southwest is tige wichtich foar Austin, mei't it evenemint yn 2016 nei skatting $325 miljoen yn 'e pleatslike ekonomy pompte troch de útjeften fan 'e besikers dy't derop ôfkamen.

It muzykfestival fan South by Southwest is wijd oan elektroanyske muzyk en rockmuzyk. It is it grutste muzykfestival fan syn soarte yn 'e wrâld, mei't de line-up yn 2014 út mear as 2.000 artysten en bands bestie. Yn 2018 wiene der 161.000 besikers. It filmfestival fan South by Southwest leit him benammen ta op it bieden fan in poadium oan nij talint en ynnovaasje op it mêd fan film. Der wurde sawol spylfilms, koarte films as dokumintêres fertoand. Yn 2015 bea it filmfestival in program mei 150 spylfilms en lange dokumintêres en 106 koarte films en dokumintêres. Ek nije tillefyzjesearjes kinne op it filmfestival fan South by Southwest yntrodusearre wurde. Yn 2019 hie it filmfestival 73.000 besikers.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.