Botanyske tún

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De botanyske tún fan 'e Universiteit fan Pisa, yn Itaalje.

In botanyske tún is in tún dy't tawijd is oan 'e samling, kultivaasje en tentoanstelling fan in wiid ferskaat oan planten, faak fan oer de hiele wrâld, wêrby't hieltyd de wittenskiplike namme fermeld stiet. Botanyske tunen meitsje yn 'e regel ûnderdiel út fan universiteiten of oare wittenskiplike ûndersyksynstituten, en binne ornaris tagonklik foar it publyk, mei't harren doel foar in grut part it ferskaffen fan ûnderwiis oangeande de plantewrâld is. In oar doel is de bewissiging fan it fuortbestean fan seldsume planten, en in trêden it dwaan fan wittenskiplik ûndersyk nei de oanwêzige plantesoarten.

Botanyske tunen omfetsje meastal kassen, dêr't eksoatyske planten út 'e tropen kultivearre wurde. Yn sokke kassen (en by goed waar by 't simmer ek wol yn iepenloftdielen fan botanyske tunen) wurde jûns gauris sosjale gearkomsten holden, lykas lêzings, toanielfoarstellings en konserten. Soms fungearje botanyske tunen ek as keunstgaleryen; byldhouwurken passe der bygelyks hiel goed by.

De botanyske tún as ferskynsel fûn syn oarsprong yn 'e medyske krûdetunen dy't foar it earst yn it Jeropa fan 'e Midsiuwen ferskynden, as de priveetunen fan beskate kundige medisy. Under de Renêssânse ûntjoegen dy har yn Itaalje ta wiidweidiger kolleksjes fan planten foar wittenskiplik ûndersyk op it mêd fan medisinale wurking. Yn 'e santjinde iuw ûntstie dêrút in wittenskiplike belangstelling foar planten dy't los stie fan medyske omtinkens, mar poer te krijen hie mei it yn kaart bringen fan 'e plantewrâld. Yn 'e achttjinde iuw waard it formele taksonomyske systeem fan klassifisearring mei wittenskiplike nomenklatuer betocht en yn gebrûk nommen, en dyselde iuws noch waarden botanisy meistjoerd op ûntdekkingsreizen (bgl. nei de Stille Súdsee en it binnenlân fan Noard-Amearika) om eksimplaren fan eksoatyske planten te sammeljen. Ien fan bekendste botanyske tunen fan 'e wrâld, de Keninklike Botanyske Tún fan Kew, by Londen, ûntstie as resultaat fan dat sammelwurk.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes, References, Bibliography en Further reading, op dizze side.