Springe nei ynhâld

Yasmine Bleeth

Ut Wikipedy
Yasmine Bleeth
akteur
Yasmine Bleeth yn 'e 1990-er jierren yn har rol as Caroline Holden yn Baywatch.
Yasmine Bleeth yn 'e 1990-er jierren yn
har rol as Caroline Holden yn Baywatch.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Yasmine Amanda Bleeth
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 14 juny 1968
berteplak New York (New York)
etnisiteit Joadsk
jierren aktyf 19802003
offisjele webside
Yasmine Bleeth op Twitter

Yasmine Bleeth (folút: Yasmine Amanda Bleeth; New York, 14 juny 1968) is in Amerikaansk rêstend aktrise en model. Hja wie as bern al aktyf as aktrise, û.m. yn reklamespotsjes en de soapsearje Ryan's Hope. Bleeth waard bekend mei de rollen fan LeeAnn Demerest yn 'e soapsearje One Life to Live en fan strânwacht Caroline Holden yn 'e aksjesearje Baywatch. Letter spile se yn tillefyzjesearjes as Nash Bridges en Titans, foar't se har yn 2003 út 'e publike belangstelling weromloek fanwegen in oanhâldende drugsferslaving.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid as berne-aktrise

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bleeth waard yn 1968 berne yn New York, as de dochter fan Philip "Phil" Bleeth, in sakeman, en dy syn frou Carina, in model. Har heit wie fan mingd Russysk-Joadsk en Dútsk-Joadsk etnysk komôf, wylst har mem in Joadinne út Algerije wie.

Troch tadwaan fan har mem begûn Bleeth al op jonge jierren te aktearjen. Har ierste rol hie se yn in reklamespotsje foar babyshampoo fan Johnson & Johnson yn 1969, doe't se tsien moannen âld wie. Mei seis jier wurke se mei oan it ferburgen-kameraprogramma Candid Camera, en datselde jiers spile se ek yn in spotsje foar kosmetika fan Max Factor mei model Cristina Ferrare. Dêrmei loek se de belangstelling fan moadefotograaf Francesco Scavullo, dy't Bleeth en har mem neitiid opnaam yn syn boek Scavullo Women.

Yn 1980 makke de doe tolvejierrige Bleeth har debút as filmaktrise yn Hey Babe!, as tsjinspylster fan Buddy Hackett. Nei noch yn ferskate reklamespotsjes spile te hawwen, waard se yn 1984, doe't se sechtsjin jier wie, cast yn 'e rol fan Ryan Fenelli yn 'e soapsearje Ryan's Hope. Dy tillefyzjesearje rûn fjouwer seizoenen, oant 1989.

In pear moannen nei't yn 1989 Ryan's Hope stopsetten wie, waard by Bleeth har mem terminale boarstkanker fêststeld. Hja kaam in jier letter mei 47 jier te ferstjerren, wêrnei't Bleeth acht moannen lang alle wurk ôfsloech en har rou ferwurke troch thús te bliuwen en oan ien stik wei nei itensiedersprogramma's op 'e tillefyzje te sjen. Yn 1991 akseptearre se lykwols de rol fan LeeAnn Demerest yn 'e soapsearje One Life to Live, dy't se oant 1993 fertolke, en dy't har foar it earst bekendheid besoarge by in breder publyk.

Yn 1993 wist Bleeth in weromkearende rol te bemachtigjen yn seizoen 4 (1993-1994) fan 'e populêre aksjesearje Baywatch, dy't it wol en wee fan in team strânwachten oan 'e Kalifornyske kust by Malibu folge. Bleeth fertolke de rol fan strânwacht Caroline Holden, de jongere suster fan Stephanie Holden, dy't spile waard troch Alexandra Paul. Oare tsjinspilers wiene David Hasselhoff, Pamela Anderson, Nicole Eggert en Gena Lee Nolin. Fan 1994 oant en mei 1997 hie Bleeth in fêste rol yn Baywatch, en yn seizoen 8 (1997-1998) wer in weromkearende rol. Se makke as Caroline Holden yn 1996 ek in crossover nei in ôflevering fan 'e spin-offsearje Baywatch Nights, en teffens spile se mei yn 'e tillefyzjefilm Baywatch: Forbidden Paradise (1995).

Troch Baywatch briek Bleeth ynternasjonaal troch. It foaroansteande Amerikaanske tydskrift People parte har in plak ta by de 50 moaiste minsken fan 1995. Ek stie se elts jier fan 1996 oant 2001 yn 'e ranglist fan 'e 100 Meast Seksy Froulju fan 'e Wrâld fan it manljusblêd FHM. Troch har nije populariteit hie Bleeth mids 1990-er jierren de rollen ynienen foar it útsykjen. Sa wie se te sjen yn gastrollen yn ôfleverings fan Boy Meets World, The Naked Truth en Veronica's Closet. Ek spile se yn tillefyzjefilms as A Face to Die For (1996), Talk to Me (1996), The Lake (1998), Road Rage (1999) en Undercover Angel (1999), en yn films as BASEketball (1998), Heaven or Vegas (1999) en Coming Soon (1999). Underwilens wurke se ek as glamourmodel, wêrby't se gauris yn baaiklean of linzjery posearre.

Yasmine Bleeth (l.) yn 'e 1990-er jierren, posearjend mei in fan.

Yn 1997 spile Bleeth yn 'e tillefyzjefilm Crowned and Dangerous de trochdraaide winneresse fan in skientmewedstryd. Yn 1998 waard se yn 'e plysjesearje Nash Bridges, as tsjinspylster fan Don Johnson, cast yn 'e rol fan plysjefrou Caitlin Cross. Twa jier letter, yn 2000, akseptearre se de haadrol fan Heather Lane-Williams yn 'e tillefyzjesearje Titans. Filmprodusint Aaron Spelling woe har sa graach yn dy searje hawwe, dat er syn tillefyzjestudio safier krige dat Bleeth har noch rinnende kontrakt mei CBS, foar Nash Bridges, ôfkocht waard. Titans wie lykwols fanwegen ôffallende sjochsifers mar in koart libben beskern fan yn totaal fjirtjin ôfleverings.

Yn 2000 spile Bleeth fierders yn 'e tillefyzjefilms Goodbye Casanova en Hidden War, en yn in ôflevering fan 'e aksjekomeedzjesearje V.I.P., fan Pamela Anderson. Dêrnei wie se inkeld noch te sjen yn 'e rol fan Caroline Holden yn 'e tillefyzjefilm Baywatch: Hawaiian Wedding, út 2003. Har oandiel yn Game Over, in film dy't ek yn 2003 útkaam, wie al yn 1996 opnommen.

Om't har mem oan boarstkanker stoar, sette Bleeth har neitiid o sa yn om jild yn te sammeljen foar ûndersyk nei en bestriding fan dy sykte. Sa wie se yn 1998 de wurdfierster fan 'e Lee National Denim Day, in kampanje wêrmei't foar miljoenen dollars gearbrocht waard foar de Susan G. Komen Breast Cancer Foundation.

Yn desimber 2000 liet Bleeth har frijwillich opnimme yn 'e ôfkickklinyk Promises yn Malibu, om fan har ferslaving oan kokaïne ôf te kommen. Dêr mette se in Paul Cerrito, de eigner fan in stripklub, dy't dêr om deselde reden wie as sy. Yn in fraachpetear sei Bleeth letter dat it foar harren allebeide leafde op it earste gesicht west hie. Hja trouden op 25 augustus 2002 yn Santa Barbara en wennen neitiid ôfwikseljend yn Los Angeles en Scottsdale (Arizona).

Op 12 septimber 2001 waard Bleeth yn 'e neite fan Romulus, yn Michigan, arrestearre nei in iensidich ferkearsûngemak wêrby't de auto wêryn't sy en Cerrito ûnderweis wiene, fan autosnelwei Interstate 94 ôfrekke en yn 'e middenberm bedarre wie. De plysje fûn ynjeksjenullen mei in ynjektearbere foarm fan kokaïne yn 'e auto en doe't men neitiid de hotelkeamer fan it pearke trochsocht, waarden kokaïne en oare tatsjinningshelpmiddels ûntdutsen. Yn novimber 2001 stimde Bleeth yn mei in skikking, wêrby't se skuld bekende oan it yn har besit hawwen fan minder as 25 g kokaïne en riden ûnder ynfloed. Se krige twa jier finzenisstraf ûnder betingst oplein en hûndert oeren taakstraf. Yn jannewaris 2004 wiene de twa jier sûnder nije ynsidinten om, en waard Bleeth har strafblêd as ûnderdiel fan 'e skikking opskjinne sadat der fan it barren inkeld noch in ferkearsoertrêding oerbleau. Underwilens wie se wer yn terapy gean om fan har ferslaving ôf te kommen.

Yn 'e edysje fan it tydskrift Glamour fan april 2003 publisearre Bleeth in artikel fan trije siden mei as titel Back from My Drugs Hell ("Werom út Myn Drugs-hel"). Dêryn beskreau se iepenhertich har kokaïneferslaving, har wifkjende paad nei ôfkicken en har wrakseling om clean te bliuwen en net yn âlde gewoanten werom te fallen. Se helle oan dat har ferslaving sa slim wie, dat se in kear fysyk ynstoart wie by in fotoshoot foar Glamour, en dat se soms wol fiif dagen sûnder sliep omrûn. "Bewust besykjen om fan drugs ôf te bliuwen," skreau se, "is no ûnderdiel fan myn libben en sil dat altyd bliuwe."

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.