FHM

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
FHM
FHM.svg
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the United Kingdom.svg Britsk
taal Ingelsk (oarspronklike edysje)
sjenre manljusblêd
frekwinsje 1x yn 'e moanne
bestean 1985 – no
plak haadred. Londen (Ingelân)
útjouwer Bauer Media Group
oplaach 106.370 (2013)
ISSN 0966-0933
offisjele webside
www.fhm.com

FHM (in ôfkoarting fan For Him Magazine) is in ynternasjonaal tydskrift foar manlju fan tusken de 18 en 30 jier âld. It stiet benammen bekend om syn fraachpetearen mei en sensuële (mar net neaken) fotoreportaazjes fan bekende froulju, lykas aktrises, sjongsters en modellen. Ek trêdet it blêd op 'e foargrûn troch sûnt 1995 op jierlikse basis in list fan 'e hûndert meast seksy froulju fan 'e wrâld gear te stallen. FHM is in moanneblêd, wêrfan't de oarspronklike edysje de Britske is, mar dat no yn 18 ferskillende nasjonale edysjes ferskynt, wêrûnder in Nederlânskenien. Yn 2013 hie de Britske edysje in oplaach fan goed 106.000 eksimplaren.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

FHM begûn yn 1985 yn Grut-Brittanje ûnder de namme For Him as in fearnsjierblêd. It waard yn 1994 omneamd ta FHM, doe't de publikaasje oernommen waard troch de útjouwerij Emap Consumer Media. Lykwols stiet de namme For Him Magazine noch altyd op 'e rêch fan eltse edysje. Neitiid kaam it de Britske merk foar manljusblêden te dominearjen, en troch dat súkses begûn it ek oan in ynternasjonale opmars. Hjoed de dei ferskynt it yn achttjin ûnderskate nasjonale edysjes (mar net yn in Amerikaansken-ien). Yn febrewaris 2008 ferkocht Emap it blêd oan 'e Dútske útjouwerij Bauer Media Group. De Nederlânske edysje wurdt op 'e merk brocht troch de Free Media Group.

Lannen mei in eigen FHM-edysje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1e plak yn 'e FHM Top 100 Meast Seksy Froulju fan 'e Wrâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.