Crossover (fiksje)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

In crossover (Ingelsk foar "oerstekken [fan in strjitte]") is op it mêd fan fiksje it ferskynsel dat personaazjes dy't bekend binne út ferskillende wurken mei-inoar te sjen binne yn in oar wurk. Soks komt foar yn films, tillefyzjesearjes, kompjûterspultsjes en stripferhalen. Crossovers fine, yn ferbân mei auteursrjochtlike swierrichheden, almeast plak tusken wurken dy't eigendom binne fan deselde útjouwer, tillefyzjestjoerder of filmstudio. Ek yn fanfiction, wêrfan't de skriuwers har oer it algemien neat gelegen lizze litte oan auteursrjochten, komme crossovers in protte foar.

Crossovers kinne op ferskillende manearen opset wurde. Sa kin in crossover plakfine as ûnderdiel fan in beskaat wurk, dêr't personaazjes út in oar wurk in gastrol of cameo yn krije. Soks hat men bgl. dien by de komeedzjesearje Friends, dêr't yn in ôflevering ynienen twa personaazjes út Mad About You ferskynden. Mar der kin ek in hiel nij wurk makke wurde, de saneamde mix-crossover, dêr't beide (soarten) personaazjes yn gearkomme. Dat wie bgl. it gefal yn 'e film The Jetsons Meet the Flintstones, wêrby't de famylje Jetson út 'e tekenfilmsearje The Jetsons werom yn 'e tiid reizge en de famylje Flintstone út 'e tekenfilmsearje The Flintstones mette.

Noch wer in oare populêre foarm fan crossovers is de versus-crossover, wêrby't twa bekende personaazjes út oare wurken de striid mei-inoar oangeane. Almeast giet it dêrby om personaazjes dy't yn dy oare wurken de rol fan antagonist ferfolje. Yn versus-crossovers binne der ornaris gjin dúdlike winners, om't beide personaazjes fans hawwe dy't tefreden holden wurde moatte. Foarbylden fan dit type crossover binne films as Alien vs. Predator, wêryn't de bûtenierdske meunsters út 'e Alien-filmrige en de Predator-films it tsjininoar opnimme, en Freddy vs. Jason, wêryn't de moardner Freddy Krueger út 'e filmsearje A Nightmare on Elm Street de striid oanbynt mei Jason Voorhees, de moardner út 'e Friday the 13th-films.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.