Springe nei ynhâld

Scottsdale (Arizona)

Ut Wikipedy
Scottsdale
Emblemen
            
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Arizona
County Maricopa County
Sifers
Ynwennertal 230.512 (2014)
Oerflak 477,7 km² (ynkl. wetter)
477,1 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 503,3 / km²
Stêdekloft Phoenix
Hichte 380 m
Oar
Stifting 1888
Tiidsône UTC –7
Simmertiid gjin simmertiid (UTC -7)
Koördinaten 33°29′35″N 111°55′34″W
Offisjele webside
www.scotsdaleaz.gov
Kaart
De lizzing fan Scottsdale yn Maricopa County en yn 'e steat Arizona.

Scottsdale (Pima: Vaṣai S-vaṣonĭ; Jaky: Eskatel) is in stêd (en gemeente) yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Arizona. It is in foarstêd fan 'e steatshaadstêd Phoenix, en waard yn 1888 stifte yn it eastlike part fan Maricopa County. Neffens in offisjele skatting út 2014 hie Scottsdale doe in befolking fan goed 230.000 minsken. Dêrmei is it ien fan 'e gruttere plakken binnen de stêdekloft Phoenix, dy't in totale befolking fan 4,3 miljoen hat. Scottsdale is yn 'e Feriene Steaten de 86e stêd rekkene nei ynwennertal. It wurdt ek wol it 'Beverly Hills' fan Phoenix neamd (wêrmei't it him ta dy stêd ferhâlde soe sa't Beverly Hills him ta Los Angeles ferhâldt).

Scottsdale grinzget yn it westen oan Phoenix, Paradise Valley en ûnynkorporearre plattelân; yn it noardwesten oan Carefree; yn it noarden oan it Nasjonaal Wâld Tonto, yn it easten oan Fountain Hills, it Regionaal Park McDowell Mountain en mear ûnynkorporearre plattelân; yn it súdeasten oan it Salt River Yndianereservaat; en yn it suden oan Tempe. Scottsdale is in woltierige stêd mei in soad lúkse hotels, grutte huzen, en tal fan golfbanen, tennisbanen en parken. It klimaat nûget winterdeis út om bûtendoar te ferkearen, mar by 't simmer is it der gleonhjit en kin men midden op 'e dei better yn 'e hûs bliuwe. De stêd stiet bekend om ferskate grutte jierlikse eveneminten, te witten: it Scottsdale Arts Festival, de Scottsdale Arabian Horse Show en de Barrett-Jackson Auto Show.

De krite fan Scottsdale waard foar de kolonisaasje fan dit diel fan Arizona troch de blanken bewenne troch de Pima-Yndianen, dy't der in doarp hiene dat se Vaṣai S-vaṣonĭ neamden, wat "Rottich Hea" betsjut. Oant de ein fan 'e 1960-er jierren bewennen guon Pima yn Scottsdale noch tradisjonele wenten. Begjin 1880-er jierren die Winfield Scott, in legerpredikant yn it Amerikaanske Leger, it gebiet oan en wie ûnder de yndruk fan 'e mooglikheden dy't er seach foar yrrigearre lânbou. Yn 1888 kearde er werom mei syn frou en kocht er in perseel lân oan, dêr't hy en syn broer George Washington Scott in delsetting op stiften dy't se Orangedale neamden, fanwegen de grutte sinesapelplantaazje dy't se oanleine (orange is Ingelsk foar "sinesapel").

In grut diel fan 'e iere kolonisten fan Orangedale wie troch Scott persoanlik yn it Amerikaanske Midwesten rekrutearre. Yn 1894 waard besletten om it doarp om te neamen ta Scottsdale, ta eare fan 'e stifter. Yn 1896 waard der in legere skoalle yn it doarp iepene, en yn 1897 folgen in winkel en in postkantoar. Koart nei de iuwwiksel setten har in protte keunstners en skriuwers yn Scottsdale nei wenjen. Troch de oanlis fan 'e Granite Reef- en Roosevelt-keardammen, yn 1908, resp. 1911, belibbe Scottsdale fan 1907 ôf in lichte befolkingsgroei, dy't duorre oant de lokale ekonomy yn 1933, ûnder de Grutte Depresje, yn 'e nederklits rekke.

Winfield Scott, de stifter fan Scottsdale, mei syn frou Helen, yn 1900.

Under de Krisisjierren teach lykwols wer in oansjenlik tal keunstners nei Scottsdale ta, wêrûnder de ferneamde arsjitekt Frank Lloyd Wright, dy't him der yn 1937 nei wenjen sette yn syn selsûntwurpen winterwente, dy't er Taliesin West neamde. Under de Twadde Wrâldoarloch waard by Scottsdale in militêr fleanfjild mei de namme Thunderbird II iepene, dêr't 5.500 oankommende loftmachtpiloaten har trening ûntfongen. It fleanfjild ûntjoech him letter ta it Scottsdale Airport. Teffens wie der ûnder de oarloch in kriichsfinzenekamp foar Dútsers by Scottsdale fêstige.

Nei de oarloch krige Scottsdale, dêr't doe goed 2.000 minsken wennen, op 25 juny 1951 stedsrjochten. Fan dy tiid ôf begûn it plak hurd te groeien, nei 10.000 ynwenners yn 1960, 68.000 yn 1970, 89.000 yn 1980, 130.000 yn 1990, en 202.000 yn 2000. Yn 1975 waard de buert East Shea, oan 'e súdkant fan Scottsdale, anneksearre. Letter waard tusken 1981 en 1984 nochris 207 km² oan grûngebiet by de stêd lutsen. Tsjintwurdich is Scottsdale de op fiif nei grutste stêd fan Arizona. Yn 1993 waard it troch de Amerikaanske Konferinsje fan Boargemasters útroppen ta de 'meast leefbere stêd' fan 'e Feriene Steaten.

Scottsdale hjoed de dei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjoed de dei binne der yn Scottsdale mar leafst 125 profesjonele keunstgalleryen en -museä fêstige, wat metten nei oantallen ynwenners mear is as wêr ek yn 'e Feriene Steaten. De stêd stiet bekend om it jierlikse Scottsdale Arts Festival, dat troch kenners as it wichtichste keunstfestival fan 'e Feriene Steaten beskôge wurdt. De measte museä en keunstgalleryen steane yn 'e binnenstêd fan Scottsdale, op in klútsje yn in buert dy't sadwaande it Scottsdale Arts District neamd wurdt. Eltse tongersdeitejûn wurdt dêr de tige populêre Scottsdale Artwalk holden, in kuiertocht by in protte museä en galleryen lâns. It meast ferneamde museum fan 'e stêd is it Scottsdale Museum of Contemporary Art, faak ôfkoarte wurdt ta SMoCa, dat yn 1999 iepene waard.

It Scottsdale Arts District, mei in stânbyld dat basearre is op it segel fan 'e stêd.

Sûnt 1955 wurdt yn Scottsdale elts jier de Scottsdale Arabian Horse Show holden, in hynstekeuring en konkoers hippyk foar folbloed- en healbloed-Arabieren. Dit evenemint omfettet ek tentoanstellings, demonstraasjes en oare shows. It duorret alve dagen en der komme elts jier hûnderttûzenen besikers op ôf. De Scottsdale Arabian Horse Show is it earste evenemint yn 'e saneamde Arabyske Trijefâldige Kroan. In oar hynstesportfestival is de Scottsdale Jaycees Parada del Sol, dy't al sûnt 1954 holden wurdt en dêr't cowboys en cowgirls út it hiele lân op ôf komme.

Fierders wurdt sûnt 1971 yn Scottsdale de Barrett-Jackson Auto Show holden, dat oer in wike yn jannewaris útsmard wurdt. Dêrby wurde eksoatyske, lúkse auto's en histoaryske fiertugen tentoansteld dy't hielendal opknapt binne. De organisators efter dit barren binne resint begûn mei it hâlden soartgelikense, mar lytsskaliger evenminten yn Palm Beach en Las Vegas.

Taliesin West, it winterhûs en de skoalle fan arsjitekt Frank Lloyd Wright yn Scottsdale.

Sûnt 2007 wurdt yn novimber elts jier de Scottsdale Fashion Week yn 'e Scottsdale organisearre, dy't wijd is oan it toanen en ferkeapjen fan haute couture, mar wêrby't ek moadekolleksjes fan warehuzen toand wurdt. Op it mêd fan sport wurdt yn Scottsdale elts jier it Phoenix Open-golftoernemint holden, op it terrein fan 'e Tournament Players Club. Ta einbeslút moat noch it Ynternasjonale Filmfestival fan Scottsdale neamd wurde, dat ek jierliks organisearre wurdt en him spesjaal taleit op films oer kultuer, (eksoatyske) libbenswizen, religys en etnisiteiten.

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Scottsdale yn 2014 in befolking fan 230.512 minsken. Yn 2010 wiene dat 217.385, yn 2000 202.705 en yn 1990 130.086. De befolkingstichtens bedroech yn 2014 503,3 minsken de km². Scottsdale is in foarstêd fan Phoenix, en heart ta de stêdekloft fan dy metropoal, dy't yn 2010 in totale befolking fan krapoan 4,3 miljoen minsken hie. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Scottsdale 19,9% âlder as 65 jier en 17,7% jonger as 18 jier. Fierders libbe 5,8% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 bestie de befolking doe foar 30,8 % út ienpersoanshúshâldings, en besloech de wurkleazens doe 1,9% fan 'e pleatslike beropsbefolking.

It stedhûs fan Scottsdale, in ûntwerp fan Bennie Gonzales.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 80,5% blanken; 8,8% Latino's; 3,3% Aziaten; 1,8% swarten; 0,8% Yndianen; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 4,7% oaren of fan mingd etnysk komôf. Op it mêd fan 'e religy hinget it meastepart fan 'e ynwenners fan Scottsdale protestantske streamings fan it kristendom oan. Der binne lykwols ek oansjenlike roomske, oriïntaalsk-otterdokse (benammen Armeensk-otterdokse) en joadske minderheden.

Berne yn Scottsdale

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De wetterkant yn 'e binnenstêd fan Scottsdale.

Stoarn yn Scottsdale

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Scottsdale hat in woastynklimaat, mei ekstreem hjitte simmers en mylde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 41 °C, en yn desimber, de kâldste moanne, is dat 20 °C. Rekôrtemperatueren wiene –7,2 °C op 20 febrewaris 1955 en 48,0 °C op 26 juny 1972. Scottsdale kriget jiers trochinoar mar 238 mm delslach, mar mear as 3.876 oeren sinneskyn.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.