Springe nei ynhâld

Scottsdale Arabian Horse Show

Ut Wikipedy
Scottsdale Arabian Horse Show
Dressuer op 'e Scottsdale Arabian Horse Show.
Dressuer op 'e Scottsdale Arabian Horse Show.
plak en tiid
lân Feriene Steaten
steat Arizona
plak Scottsdale (Arizona)
holden yn Westworld
tiid fan it jier mids febrewaris
bysûnderheden
soarte evenemint hynstesportevenemint
bestean 1955 – no
offisjele webside
www.scottsdaleshow.com

De Scottsdale Arabian Horse Show of de Arabyske Hynsteshow fan Scottsdale is it grutste rutersportevenemint fan 'e wrâld dat him útslutend taleit op Arabyske hynders. It is in hynstekeuring en in konkoers hippyk dat sûnt 1955 elts jier holden wurdt yn Scottsdale, by Phoenix, yn 'e Amerikaanske steat Arizona. Fan sa'n 50 dielnimmende hynders en 12 treners yn it earste jier is it evenemint útgroeid ta mear as 2.200 hynders en rom 1.300 treners hjoed de dei. Der komme no elts jier hûnderttûzenen besikers op ôf. De Scottsdale Arabian Horse Show foarmet ek it earste part fan 'e saneamde Arabyske Trijefâldige Kroan.

De earste Scottsdale Arabian Horse Show waard yn 1955 holden op it terrein fan it Arizona Biltmore Hotel, en bestie út sa'n fyftich hynders, dy't ôfkomstich wiene fan tolve fokkerijen. Dit evenemint hiet doe noch de All-Arabian Horse Show, en waard organisearre ûnder de auspysjes fan 'e Arabyske Hynsteferiening fan Arizona (AHAA). Anne McCormick, ien fan 'e oprjochters fan it evenemint, stie 150 acres (60 ha) fan har ranch yn Scottsdale ôf, sadat de show in fêst plak hawwe soe. Dat terrein kaam Paradise Park te hjitten, en de show waard dêr likernôch tweintich jier holden, oant it terrein te lyts waard, en de show om 1975 hinne ferhuze nei syn hjoeddeistige lokaasje, dy't Westworld hjit.

Meitiid groeide de Scottsdale Arabian Horse Show út ta it grutste evenemint yn 'e wrâld dat útslutend op folbloed- en healbloed-Arabieren rjochte is. Tsjintwurdich nimme der elts jier mear as 2.200 hynders en rom 1.300 treners oan diel en komme der hûnderttûzenen besikers op ôf. It evenemint genietet erkenning fan 'e Amerikaanske Rutersportfederaasje (USEF) en de Arabyske Hynsteferiening (AHA), en wurdt wol de 'Super Bowl fan 'e Arabyske hynstewrâld' neamd. It evenemint foarmet no ek it earste part fan 'e saneamde Arabyske Trijefâldige Kroan fan Noard-Amearika, dy't ferfolge wurdt mei de Kanadeeske en Amerikaanske nasjonale Arabyske hynstesportkampioenskippen. Yn 2015 waard it sechstichjierrich bestean fan 'e Scottsdale Arabian Horse Show fierd, mei 2.250 dielnimmende hynders, 320.000 besikers en mear as $1 miljoen oan prizejild. It alve dagen duorjende evenemint waard live útstjoerd op 'e tillefyzje yn 'e Feriene Steaten en guon oare lannen, mei 450.000 minsken dy't de show op dy wize folgen.

De hynstekeuring op 'e Scottsdale Arabian Horse Show.

Yn 2015 bestie it wedstrydelemint fan 'e Scottsdale Arabian Horse Show út acht ûnderdielen:

De heechste priis fan it evenemint is de Scottsdale Supreme Halter Champion, dy't twaris útrikt wurdt, oan in hynst en oan in merje.

Ekonomyske impact

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Scottsdale Arabian Horse Show draacht jierliks foar $52 miljoen by oan 'e pleatslike ekonomy fan Scottsdale. Dêrnjonken wurdt it evenemint ek brûkt om jild byinoar te bringen foar de Arabyske Hynsteferiening fan Arizona (AHAA), dy't jierliks miljoenen dollars út 'e opbringst weijout oan goede doelen. Yn 2013 waarden it Westworld-terrein en de fasiliteiten dêre foar $47 miljoen hielendal opknapt, wêrby't ek binnendoarrydsealen boud waarden dy't foarsjoen binne fan airconditioning. Yn jannewaris 2015 kamen de Scottsdale Arabian Horse Show en de gemeente Scottsdale oerien om 'e show de kommende tweintich jier te Westworld te hâlden.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.