Maureen O'Sullivan

Ut Wikipedy
Maureen O'Sullivan
Yn Pride and Prejudice, 1940
Yn Woman Wanted, 1935

Maureen O'Sullivan (Boyle (Ierlân), 17 maaie 1911 - Scottsdale (Arizona), 23 juny 1998) wie in Iersk-Amerikaanske aktrise dy't fral ferneamd waard fan har rol as Jane yn de Tarzan-films.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

O'Sullivan wenne yn har jeugd yn Londen, Parys en Dublin. Har heit wie in majoar yn it Britsk leger. Yn Londen siet sy yn ien klasse mei Vivien Leigh. 1929 waard sy ûntdutsen troch regisseur Frank Borzage en krige hja in rol yn syn film Song of my heart en yn 1930 waard hja troch har mem nei Hollywood brocht, dêr't filmprodusint Irving Thalberg fan MGM har de rol fan Jane yn de film Tarzan And His Mate (1934) besoarge. Hja wie dêrmei de tsjinspylster fan Johnny Weissmueller, dy't de rol fan Tarzan fertolke. Sy spile Jane fan 1932 oant 1942 yn seis Tarzan-films.

Yn 1936 boaske hja mei John Farrow. It pear krige sân bern, ûnder wa't harren dochter Mia Farrow wie dy't letter ek aktrise waard.

De jierren tritich wienen O'Sullivans bêste jierren as aktrise. Njonken de Tarzanfilms spile hja ek yn The Thin Man en David Copperfield. John Farrow stoar yn 1963. Yn dy tiid spile hja al net folle mear yn films.
Yn 1983 troude hja op 'en nij, doe mei James Cushing. O'Sullivan har lêste grutte rol spile hja yn 1986, yn Peggy Sue Got Married.

Maureen O'Sullivan stoar 1998 yn de âldens fan 87 jier oan de gefolgen fan in hertynfarkt.

Filmografy (karút)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Maureen O'Sullivan fan Wikimedia Commons.