Springe nei ynhâld

Muhammad Ali

Ut Wikipedy
Muhammad Ali
sporter
Muhammad Ali yn 1965.
Muhammad Ali yn 1965.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Muhammad Ali
bynamme the Louisville Lip
the Greatest
the People's Champion
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 17 jannewaris 1942
berteplak Louisville (Kentucky)
stjerdatum 3 juny 2016),
stjerplak Scottsdale (Arizona)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
Iersk
Ingelsk
Italjaansk
Malagassysk
Skotsk
lingte 1,91 m
sportive ynformaasje
sport boksen
ûnderdiel swiergewicht
earste titel SK Kentucky, amateurs
O.S. Rome 1960
(kat. licht swiergewicht)
debút 1960 (as prof)
karriêre-ein 1981
ekstra Pres. Frijheidsmedalje 2005
wichtige prestaasjes
1x goud Olympyske Spullen 1960
3x goud WK

Muhammad Ali (berne as: Cassius Marcellus Clay jr.; Louisville (Kentucky), 17 jannewaris 1942 - Scottsdale (Arizona), 3 juny 2016), wie in Amerikaansk bokser fan Afro-Amerikaansk komôf. Hy wûn û.m. in gouden medalje op 'e Olympyske Spullen fan 1960 en trije wrâldkampioenskippen. Ali wie ûnder syn karriêre in kontroversjeel figuer yn 'e sportwrâld, dy't yn 'e Feriene Steaten foar opskuor soarge troch him ta de islaam te bekearen en syn namme te feroarjen en om't er wegere yn 'e Fjetnamoarloch te fjochtsjen. Lykwols waard er rûnom beskôge as de grutste swiergewichtbokser ea.

Muhammad Ali waard yn 1942 berne as Cassius Marcellus Clay jr., yn Louisville yn 'e steat Kentucky. Hy wie fan mingd etnysk komôf en stamme foar it grutste part ôf fan negerslaven dy't yn it Antebellum-tiidrek (foar de Boargeroarloch) nei it Amerikaanske Suden ta brocht waarden. Dêrnjonken hied er lykwols ek Iersk, Ingelsk, Italjaansk, Malagassysk en Skotsk bloed. Oars as in protte Afro-Amerikaanske boksers groeide Ali op yn in leafhawwend gesin út 'e middenklasse. Syn heit wie de ferver fan úthingbuorden en teksten Cassius Marcellus Clay sr. (dy't ferneamd wie nei de njoggentjinde-iuwske politikus mei deselde namme), en syn mem wie de húsfrou Odessa O'Grady. Ali hie ien broer, Rudolph "Rudy" Clay, dy't himsels letter omneame liet ta Rahman Ali.

Amateurkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Muhammad Ali waard foar it earst opmerksum makke op boksen troch de plysjeman en bokscoach Joe E. Martin, dy't yn 1954 in tolvejierrige Ali tsjinkaam dy't poer wie om't syn fyts stellen wie. Ali sei dat er de dief in wan bruien jaan soe, en doe rette Martin him oan om dan earst mar ris boksen te learen. Dat die de jonge Ali, en it die bliken dat er in natuertalint wie. As amateurbokser wûn er seis kear it steatskampioenskip fan Kentucky, twa kear it Amerikaanske nasjonale kampioenskip en in gouden medalje yn 'e licht swiergewichtkategory op 'e Olympyske Spullen fan 1960 yn Rome. Fan al syn wedstriden as amateur wûn er 100 en ferlear er fiif.

Muhammad Ali by in fraachpetear yn 1978.

Letter yn 1960, doe't er noch mar achttjin wie, makke Ali syn debút as profesjoneel bokser yn 'e swiergewichtkategory. Yn 1964, doe't er 22 jier wie, wûn er ferrassend it wrâldkampioenskip by in wedstryd tsjin Sonny Liston. Koarte tiid letter joech Ali him by de Nation of Islam en feroare er syn namme, wêrmei't er foar in stoarm fan trelit soarge, benammen yn 'e Feriene Steaten, dêr't de Nation of Islam beskôge waard as in gefaarlike ekstremistyske organisaasje. Yn 1975 soed er oergean nei de otterdokse, soennityske foarm fan 'e islaam, wylst er him yn 2005 op 'e praktiken fan it soefisme rjochte, de islamityske mystyk.

In oare kontroversjele kwestje wie Ali syn status as gewissebeswierde. Yn 1967 wegere er op religieuze grûnen syn oprop foar de tsjinstplicht. Teffens brocht er nei bûten ta dat er poer op 'e Fjetnamoarloch tsjin wie. It Amerikaanske regear wegere him lykwols as gewissebeswierde te erkennen om't er ek sei dat der wol yn in oarloch fjochtsje soe as er dêrta oproppen waard troch Allah of dy syn boadskipper (wêrmei't er Elijah Muhammad, de lieder fan 'e Nation of Islam bedoelde). Uteinlik waard er sadwaande oppakt en skuldich befûn oan it ûntwiken fan 'e tsjinstplicht, wat û.m. ta gefolch hie dat syn wrâldtitel him ûntnomd waard. Ali bokste neitiid hast fjouwer jier net mear, wêrmei't er in kostbere perioade ferlear dat er op 'e top fan syn sportive fermogen wie. Lang om let berikte de saak yn heger berop it Amerikaansk Heechgerjochtshôf, dat yn 1971 besleat dat er frijsprutsen wurde moast, sij it grutdiels fanwegen foarmflaters yn it oarspronklike fûnis. Hoewol't Ali troch syn opstelling yn dizze kwestje lange tiid troch in grut part fan 'e Amerikaanske maatskippij mei de nekke oansjoen waard, makke it him in held foar de anty-oarlochsbeweging, dy't fral in grut part fan 'e jongerein en de Afro-Amerikaanske mienskip omfieme.

Muhammad Ali op besite by presidint Jimmy Carter, yn 1977.

Neitiid wûn Ali yn 1974 en 1978 noch twa kear it wrâldkampioenskip swiergewicht. Hy wie dielnimmer oan ferskate gefjochten dy't rûnom as histoarysk beskôge wurde, wêrûnder it earste gefjocht tsjin Sonny Liston yn 1964, wêrby't er foar de earste kear wrâldkampioen waard, trije tsjin syn grutte rivaal Joe Frazier, en ien tsjin George Foreman. By dy lêste wedstryd, op 30 oktober 1974 yn Kinshasa, de haadstêd fan it doetiidske Saïere, dy't ferneamd wurden is as de Rumble in the Jungle, wûn er syn wrâldtitel nei syn jierren fan ynaktiviteit werom. Ali syn bekendste gefjocht mei Frazier fûn plak op 1 oktober 1975 yn 'e Filipynske haadstêd Manilla, by in temperatuer fan hast 38 °C, en kaam de Thrilla in Manila te hjitten.

Tsjin 1976 wie Ali lykwols oer syn hichtepunt hinne. In protte gefjochten moast er him trochhinne wrakselje, en hy begûn op it mêd fan syn sûnens serieuze gefolgen te ûnderfinen fan it wan bruien dat er yn eltse wedstryd krige. Yn 1978 ferlear er syn titel by in gefjocht yn Las Vegas oan 'e jonge bokser Leon Spinks, mar by in ûnynspirearre rematch yn New Orleans wist er dy in pear moanne letter noch ien kear werom te winnen. Dêrnei kundige er op 27 july 1979 oan dat er ophold mei boksen, mar brekme oan jild makke dat er dêr al rillegau wer op weromkaam. Hy woe it tsjin Larry Holmes opnimme om 'e WBA-titel.

Om dyseldichste tiid hinne begûnen Ali syn sûnensswierrichheden foar de bûtenwrâld waarnimber te wurden yn 'e foarm fan stammerjen en triljende hannen. In lichaamlik ûndersyk dat yn opdracht fan Ali sels yn 'e Mayo Klinyk útfierd waard, woe lykwols hawwe dat er fit to fight wie. It gefjocht mei de heal ûnwillige Holmes, dy't wol foarseach wêr't it op útrinne soe, fûn plak op 2 oktober 1980. Behalven dat er it fysyk dochs al net mear oprêde koe, wie Ali ek noch ferswakke troch de skyldkliermedikaasje dy't er nommen hie om oerstallich gewicht kwyt te reitsjen. It waard in slachting dy't mar oanduorre, oant Ali yn 'e alfde rûngong einlings knock-out gie. It wie it iennichste gefjocht dat er mei in knock-out ferlear. Nettsjinsteande in frijwol algemiene oprop om 'e bokswanten oan 'e wylgen te hingjen, focht Ali noch ien kear, op 11 desimber 1981 yn 'e Bahamiaanske haadstêd Nassau tsjin Trevor Berbick, wêrby't er yn 'e tsiende rûngong troch in skiedsrjochtersbeslissing ferlear.

Muhammad Ali op besite by presidint Ronald Reagan, yn 1983, dy't him by túltsjes in kaakslach jaan sil.

Lettere jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1984 waard by Ali de sykte fan Parkinson fêststeld, dy't in protte foarkomt by lju dy't geregeldwei mei holleferwûnings te krijen hawwe. Dokters ornearje dat de lêste pear wedstriden de sykte op syn bêst oanboaze en op syn minst sels feroarsake hawwe kinne. Nei't er foargoed opholden wie mei boksen krige Ali stadichoan de algemiene wurdearring dy't him troch alle kontroversje om syn persoan hinne yn 'e Feriene Steaten sa lang ûntsein wie. Yn totaal focht Ali as profbokser 61 wedstriden, wêrfan't er 56 wûn (37 troch knock-out) en 5 ferlear.

Ali waard lykwols net inkeld priizge om syn rol as sporter, mar ek foar syn ynnovaasjes en maatskiplike belutsenens. Yn in tiid dat boksers it wurd fiere lieten troch har manager, die Ali sels syn sechje, en prate er mei de parse oer dingen dy't neat mei boksen út te stean hiene. Boppedat transformearre er de rol en it byld fan 'e Afro-Amerikaanske sporter yn 'e Feriene Steaten troch syn grutskens op syn eigen ras en syn reewilligens om 'e (blanke) fêstige oarder dêrmei tsjin him yn it harnas te jeien. Nei't er syn karriêre beëinige hie waard Ali dêrom beskôge as ien fan 'e grutste en ynfloedrykste sporters út 'e tweintichste iuw. It toanoanjaande Amerikaanske sportblêd Sports Illustrated rôp him yn desimber 1999 út ta "sportman fan 'e iuw", wylst de Britske tillefyzjestjoerder BBC him datselde jiers beneamde ta de "sportpersoanlikheid fan 'e iuw".

Muhammad Ali yn lettere jierren.

Yn 1975 hie Ali al in earste autobiografy publisearre, The Greatest: My Own Story, en yn 1991 makke er mei Thomas Hauser in mûnlinge oerlevering mei as titel Muhammad Ali: His Life and Times. Datselde jiers reizge er nei Bagdad ta om der by de Iraakske diktator Saddam Hussein op oan te stean en lit de Amerikaanske gizelders frij, dy't doedestiden yn Irak fêstholden waarden. Yn 1996 waard him de eare jûn om it Olympysk fjoer te ûntstekken op 'e Olympyske Spullen fan Atlanta. Lykwols boaze syn Parkinson stadichwei oan, en by de iepening fan 'e Olympyske Spullen fan Londen, yn 2012, wied er in honorêr drager fan 'e Olympyske flagge, en waard er troch syn frou Lonnie eefkes oerein holpen by it hisen dêrfan, mei't er net mear by steat wie en draach de flagge it stadion yn.

Ali troude foar de earste kear op 14 augustus 1964, mei de cocktailservearster Sonji Roi, mei wa't likernôch in moanne earder yn 'e kunde kommen wie. Roi har ûnwilligens om har mei Ali ta de islaam te bekearen wie ien fan 'e foarnaamste redens dat dit houlik op 10 jannewaris 1966 op in skieding útrûn. Op 17 augustus 1967 wertroude Ali mei Belinda Boyd, dy't har wol ta de islaam bekeare woe en har namme feroare yn Khalilah Ali. Mei har krige er fjouwer bern: Maryum (1968), de twilling Jamillah en Rasheda (1970) en Muhammad Ali jr. (1972). Fan dy fjouwer hat Maryum Ali in beskate bekendheid wûn as rapster en skriuwster.

Begjin 1975 sette Ali útein mei in bûtenechtlike affêre mei aktrise en model Veronica Porsche; tsjin 'e simmer fan dat jier wied er by de frou wei en troude er mei Porsche, mei wa't er twa bern krige: Hana (1975) en Laila Ali (1977), dy't yn 1999 yn har heite fuotspoaren trêde is as bokster. Yn 2014 wie hja de ûnfersleine wrâldkampioene yn 'e supermiddelgewichtkategory, mei 24 oerwinnings, gjin ferliezen en gjin remizes. Yn 1986 skiede Ali fan syn trêde frou en op 19 novimber fan dat jier troude er foar de fjirde kear, mei Yolanda "Lonnie" Williams. Mei har krige er in soan, Asaad Amin, dy't se oannamen doe't er fiif moannen âld wie. Fierders hie Ali noch twa oare dochters, Miya en Khaliah, út bûtenechtlike relaasjes. Ali wenne de lêste jierren yn Scottsdale, yn 'e Amerikaanske steat Arizona. Nei jierrenlang yn 'e minnichte omtoarke te hawwen, kaam er úteinlik op 3 juny 2016 te ferstjerren yn in sikehûs yn syn wenplak Scottsdale (hoewol't de earste berjochten hawwe woene dat er yn Phoenix ferstoarn wie), nei't er dêr de deis tefoaren opnommen wie mei swierrichheden mei it sykheljen. Muhammad Ali waard 74 jier. Hy waard op freed 10 juny 2016 begroeven yn syn berteplak Louisville, yn Kentucky.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.