Olympysk fjoer
It Olympysk fjoer is it fjoer wat ûnder de Olympyske Spullen ûntstutsen wurdt.
Reek en fjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de klassyke Spullen waard foar de tempel fan Seus yn Olympia in de reek fan offers baarne holden troch gâns de spullen.
By de Spullen fan Amsterdam yn 1928 waard in toer fan 42,195 meter boud, de hichte yn meters fan de langte yn kilometers fan Maraton. Op dizze Maratontoer kaam in sokkel. Oan de ein fan de Iepenings-searemoanje waard dêr't de reek yn ûntstutsen. Dat reek, as de offers fan âld, waard brânend holden troch gâns de Spullen. Oerdeis koe Amsterdam de reek baarne sjen, en nachts seach men in olympysk fjoer.
Dat fjoer wie sa'n sukses dat soks ek dien waard by de Olympyske Spullen fan Los Angeles yn 1932.
Stêf-rin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de Olympyske Spullen fan Berlyn yn 1936, waard de earste kear it fjoer ûntstutsen yn Grikelân, en dan yn in stêf-rin nei Berlyn brocht. Dy searemoanje waard dêrnei alle fjouwer jierren dien. Mar mei de Twadde Wrâldkriich wie de earste kear dernei de Spullen fan London 1948.
Oanstekkers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ornaris wurdt foar de lêste drager fan de flam, dy't dêrmei it fjoer ûnstekt, in ferneamde atleet útsocht. In de rin fan de tiid hawwe de neikommende minsken it fjoer oanstutsen:
Lokaasje | Evenemint | Oanstekkers |
---|---|---|
Amsterdam | 1928 | nei sizzen troch in immen fan GEB Amsterdam |
Los Angeles | 1932 | bûten it sicht. |
Berlyn | 1936 | Fritz Schilgen |
Net hâlden | 1940 | |
Net hâlden | 1944 | |
Londen | 1948 | John Marc |
Helsinki | 1952 | Hannes Kolehmainen & Paavo Nurmi |
Melbourne | 1956 | Ron Clarke |
Rome | 1960 | Giancarlo Peris |
Tokio | 1964 | Yoshinori Sakaï |
Meksiko-Stêd | 1968 | Norma Enriqueta Basilio de Sotelo |
München | 1972 | Günter Zahn |
Montreal | 1976 | Sandra Henderson & Stéphane Préfontaine |
Moskou | 1980 | Sergej Belov |
Los Angeles | 1984 | Rafer Johnson |
Seoel | 1988 | Chung Sun-Man, Kim Won-Tak, Sohn Mi-Chung |
Barcelona | 1992 | Antonio Rebello (troch der in baarnende pylk hinne te stjoeren) |
Atlanta | 1996 | Muhammad Ali |
Sydney | 2000 | Cathy Freeman |
Atene | 2004 | Nikolaos Kaklamanakis |
Peking | 2008 | Li Ning |
Londen | 2012 | 7 jonge sporters (Callum Airlie, Jordan Duckitt, Desiree Henry, Katie Kirk, Cameron MacRitchie, Aidan Reynolds, Adelle Tracey) |
Rio de Janeiro | 2016 | Vanderlei de Lima |
Tokio | 2021* | Naomi Osaka |
* Dizze Spullen hienen yn 2020 wêze sillen, mar mei kroana, waard it in jier letter.