Baywatch: Forbidden Paradise

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Baywatch: Forbidden Paradise
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e IMDb)
makkers
regisseur Douglas Schwartz
produsint Paul Cajero
David W. Hagar
James Pergola
útfierend
   produsint
Michael Berk
Douglas Schwartz
Gregory J. Bonann
David Hasselhoff
senario Deborah Schwartz
kamerarezjy James Pergola
muzyk John D'Andrea
Cory Lerios
filmstudio The Baywatch Company
Tower 12 Productions
Tower 18 Productions
spilers
haadrollen David Hasselhoff
Alexandra Paul
Pamela Anderson
David Charvet
Yasmine Bleeth
Jaason Simmons
byrollen Ricky Dean Logan
Vincent Klyn
Heidi Mark
Gerry Lopez
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
direkt op fideo 27 juny 1995
foarm lange tillefyzjefilm
sjenre aksjedramafilm
taal Ingelsk
spyltiid 90 minuten
filmsearje
filmsearje Baywatch
● folgjend diel Baywatch: White Thunder
   at Glacier Bay

Baywatch: Forbidden Paradise is in yn Hawaï opnommen Amerikaanske tillefyzjefilm út 1995, dy't diel útmakket fan 'e aksjedramasearje Baywatch. De film waard regissearre troch Douglas Schwartz en de haadrollen waarden spile troch David Hasselhoff, Pamela Anderson, Alexandra Paul en Yasmine Bleeth. Yn 1996 waard Baywatch: Forbidden Paradise ek útstjoerd as ûnderdiel fan it sechsde seizoen fan Baywatch.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De Kalifornyske strânwachten Mitch, C.J., Stephanie, Caroline, Matt en Logan reizgje ôf nei it Hawaïaanske eilân Oähû foar in fakânsje dêr't se bot ferlet fan hawwe. Ienris op harren bestimming oankommen, rint it lykwols net sa't se ferwachte hiene. Stephanie kriget kunde oan in pleatslike strânwacht, wylst de knoffelige fotograaf Carlton Edwards swierrichheden feroarsaket foar it hiele selskip as it ûngelok dat him efterfolget, besmetlik blykt te wêzen. Underwilens rekket Logan obsedearre troch it dielnimmen oan in surfwedstryd, mei as gefolch dat er gjin tiid hat foar syn faam Caroline.

As C.J. ûnferwachts weromroppen wurdt nei Kalifornje, geane Mitch en Matt tegearre op in boatreiske nei in ôfhandich diel fan it eilân Kauaï, dêr't se fêst komme te sitten nei't Matt stutsen wurdt troch in giftige skorpioenfisk. Se wurde rêden troch de bewenners fan in doarpke dêr't men besiket te libjen lykas de âlde Hawaïanen foar de komst fan 'e blanken dat diene. Tagelyk belibbet Stephanie op Oähû in românse mei har nije frijer, wylst Logan op 'e tiid beseft dat er Caroline kwyt driget te reitsjen. Hy lit it surfen gewurde en freget har om mei him te trouwen.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Mitch Buchannon David Hasselhoff
Stephanie Holden Alexandra Paul
C.J. Parker Pamela Anderson
Matt Brody David Charvet
Caroline Holden Yasmine Bleeth
Logan Fowler Jaason Simmons
byrollen
personaazje akteur/aktrise
Carlton Edwards Ricky Dean Logan
Mark Kealoha Vincent Klyn
Holly Heidi Mark
himsels Gerry Lopez
Lea Lee Doversola
Mako Sidney S. Liufau
himsels Brian Keaulana
himsels Ron Rice
himsels Buffalo Keaulana
Mai Celeste Akeo
Kona Wallace Akeo
frou Alede Keokeokalae Hughes
dhr. Alede Kimo Hugho
Manu Laiseni Auelua
Frank Frank Moran
strânwacht #1 Janette Andrade
strânwacht #2 Cherisse Lamoureux
kaartsjeferkeapster Deanne Moore
bikinyfamke Cheryl O'Donnell
servearster Millie Ruperto

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Baywatch: Forbidden Paradise waard regissearre troch Douglas Schwartz nei in senario fan syn frou Deborah Schwartz. Produsinten wiene Paul Cajero, David W. Hagar en James Pergola foar The Baywatch Company, Tower 12 Productions en Tower 18 Productions. As útfierend produsinten wiene Michael Berk, Douglas Schwartz, Gregory J. Bonann en David Hasselhoff by de film belutsen. James Pergola die de kamerarezjy, en John D'Andrea en Cory Lerios fersoargen de soundtrack.

Baywatch: Forbidden Paradise waard op 27 juny 1995 yn 'e Feriene Steaten direkt-op-fideo útbrocht as in langspylfilm mei in spyldoer fan 90 minuten. Op 'e Amerikaanske tillefyzje waard de film yn twaen snien en útstjoerd op 22 en 29 april 1996, as ôfleverings 19 en 20 fan seizoen 6 (1995-1996) fan 'e aksjesearje Baywatch. De folgjende tillefyzjefilm fan Baywatch wie Baywatch: White Thunder at Glacier Bay, út 1998.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: