Baywatch: White Thunder at Glacier Bay

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Baywatch: White Thunder
at Glacier Bay
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e IMDb)
makkers
regisseur Douglas Schwartz
produsint Kevin L. Beggs
Francis J. Conway
Cathy Dwyer
Craig T. Kwasizur
James Pergola
Deborah Schwartz
útfierend
   produsint
Michael Berk
Douglas Schwartz
Gregory J. Bonann
David Hasselhoff
senario David Braff
Jerome Michael
basearre op ferhaal fan Deborah Schwartz
kamerarezjy James Pergola
muzyk John D'Andrea
Cory Lerios
filmstudio The Baywatch Company
Tower 12 Productions
Tower 18 Productions
spilers
haadrollen David Hasselfhoff
Gena Lee Nolin
David Chokachi
Carmen Electra
Jeremy Jackson
Donna D'Errico
byrollen Don Diamont
Heather Stephens
Kelly Packard
Michael Bergin
Michael Newman
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
direkt op fideo 24 febrewaris 1998
foarm lange tillefyzjefilm
sjenre aksjedramafilm
taal Ingelsk
spyltiid 107 minuten
filmsearje
filmsearje Baywatch
● foarich diel Baywatch: Forbidden Paradise
● folgjend diel Baywatch: Hawaiian Wedding

Baywatch: White Thunder at Glacier Bay is in yn Alaska opnommen Amerikaanske tillefyzjefilm út 1998, dy't diel útmakket fan 'e aksjedramasearje Baywatch. De film waard regissearre troch Douglas Schwartz en de haadrollen waarden spile troch David Hasselhoff, Gena Lee Nolin, Carmen Electra en Donna D'Errico. Letter yn 1998 waard Baywatch: White Thunder at Glacier Bay ek útstjoerd as ûnderdiel fan it achtste seizoen fan Baywatch.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De Kalifornyske strânwachten Mitch en Cody en Mitch syn soan Hobie winne in fergese cruise nei it kâlde Alaska, dêr't se tafallich strânwachten Neely, Lani en Donna tsjin it liif rinne, dy't dêr binne foar in fotoshoot. Hobie bringt de oaren sûnder euvelmoed yn 'e kunde mei in Claire Hodges, dy't eins Leslie Stryker hjit. Hja is in profesjonele juwieledievegge en oplichtster, dy't har by it selskip oanslút om't se in ûnopfallende manear siket om nei Alaska te ûntsnappen. Se wurdt nammentlik efterfolge troch de ûnmeilydsume hiermoardner Gavin. As se troch tadwaan fan Leslie en Gavin de dea yn 'e eagen sjoen hawwe, beseffe Mitch en Neely dat se faninoar hâlde.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Mitch Buchannon David Hasselhoff
Neely Capshaw Gena Lee Nolin
Cody Madison David Chokachi
Lani McKenzie Carmen Electra
Hobie Buchannon Jeremy Jackson
Donna Marco Donna D'Errico
byrollen
personaazje akteur/aktrise
Gavin Don Diamont
Leslie Stryker / Clair Hodges Heather Stephens
April Giminski Kelly Packard
Jack "J.D." Darius Michael Bergin
Mike "Newmie" Newman Michael Newman
dokter David Spielberg
Robby Quinn Richard Danielson
gangster Floyd Levine
Sheryl Whalen Ingrid Walters
himsels Jerry L. Croft
himsels Billy Hygate
Jim Barnett Gregory J. Barnett
Ron Ron Sterk
fotograaf Lewis Stout

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Baywatch: White Thunder at Glacier Bay waard regissearre troch Douglas Schwartz nei in senario fan David Braff en Jerome Michael op basis fan in ferhaal betocht troch Deborah Schwartz. Produsinten wiene Kevin L. Beggs, Francis J. Conway, Cathy Dwyer, Craig T. Kwasizur, James Pergola en Deborah Schwartz foar The Baywatch Company, Tower 12 Productions en Tower 18 Productions. As útfierend produsinten wiene Michael Berk, Douglas Schwartz, Gregory J. Bonann en David Hasselhoff by de film belutsen. James Pergola die de kamerarezjy, en John D'Andrea en Cory Lerios fersoargjen de soundtrack.

Baywatch: White Thunder at Glacier Bay waard op 24 febrewaris 1998 yn 'e Feriene Steaten direkt-op-fideo útbrocht as in langspylfilm mei in spyldoer fan 107 minuten. Op 'e Amerikaanske tillefyzje waard de film yn twaen snien en útstjoerd op 11 en 18 maaie 1998, as ôfleverings 21 en 22 fan seizoen 8 (1997-1998) fan 'e aksjesearje Baywatch. De folgjende tillefyzjefilm fan Baywatch wie Baywatch: Hawaiian Wedding, út 2003.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: