Babewatch

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Babewatch
Filmklapper.png film
makkers
regisseur Buck Adams
produsint Bud Lee
senario Frank Bukkwyd
Cash Markman
basearre op Baywatch (tillefyzjesearje)
kamerarezjy Jack Remy
muzyk Rock Hard
filmstudio Sin City
distribúsje Sin City
spilers
haadrollen Rebecca Wild
Asia Carrera
Kylie Ireland
Bianca Trump
Jon Dough
Buck Adams
Tony Tedeschi
T.T. Boy
byrollen Holly Body
Brittany O'Connell
Brooke Waters
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
direkt op fideo 1994
foarm langspylfilm
sjenre pornofilm
taal Ingelsk
spyltiid 80 minuten
filmsearje
filmsearje Babewatch
● folgjend diel Babewatch 2

Babewatch (ek stavere as Babe Watch) is in Amerikaanske pornografyske film út 1994. It is de bekendste en ek de earste pornografyske parody op 'e aksjesearje Baywatch, oer it wol en wee fan in groep strânwachten oan 'e kust fan it Kalifornyske Malibu, dy't yn 'e 1990-er jierren tige populêr wie. Wylst de titel fan Baywatch oerset wurde kin as "Baaiwacht", bestjut "Babewatch" safolle as "Mokkelwacht". Babewatch wie in produksje fan 'e filmstudio Sin City en waard regissearre troch Buck Adams, dy't der sels ek in rol yn spile. De film wie sa súksesfol dat er letter mei weromwurkjende krêft bekend kaam te stean as Babewatch 1, mei't der noch fyftjin ferfolgen op makke waarden, wêrfan't it lêste diel, Babewatch 16, yn 2002 ferskynde.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Babewatch folget it wol en wee fan in groepke strânwachten oan 'e kust fan Súdlik Kalifornje. De film set útein as de lieder fan it team, Dale Conyers, wurden kriget mei syn ûnderhearrige Terry Sanders, dy't tagelyk de frou is mei wa't er gearwennet. Se binne no in jier byinoar, en sy wol trouwe, mar hy hâldt de boat allegeduerigen ôf. De rûzje rint sa heech op dat se beslute en set in punt efter harren relaasje. Dat soarget foar frijwat spannings yn it team, temear om't Dale it fuort dyselde deis oanleit mei Kim Reed, dy't nij by syn team yndield is. Underwilens rêdt Terry de bekende autokoereur Steve Newman fan 'e ferdrinkingsdea, en hy nûget har en har freonen út foar in feest dy jûns by him thús. Wylst Terry har kollega's Matt, Barbie en Nancy harren bûtendoar by it swimbad fermeitsje, nimt Steve Terry mei nei boppen, dêr't er mei har op bêd giet.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Terry Sanders Rebecca Wild
Kim Reed Asia Carrera
Barbie Kylie Ireland
Nancy Bianca Trump
Dale Conyers Jon Dough
Steve Newman Buck Adams
Matt Tony Tedeschi
Sean T.T. Boy


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Wendy Holly Body
strânfamke #1 Brittany O'Connell
strânfamke #2 Brooke Waters
Linda Justine
Cal, de neef fan Steve Cal Jammer

Sêne-yndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It idee foar Babewatch kaam by senarioskriuwer Marc Cushman op doe't er in moanne earder it skript skreau foar in pornofilm mei de titel Jiggly Queens II. Dêr siet in sêne yn wêryn't twa manlike personaazjes masturbearren wylst se nei in 'brâning-en-bikiny'-searje op 'e tillefyzje sieten te sjen. Hoewol't dy ferwizing nei de doedestiden tige populêre searje Baywatch bedoeld wie as grap, betocht Cushman letter dat er oer dat ûnderwerp skoan in parody fan filmlingte meitsje koe. By súkses soe dat sels útgroeie kinne ta in filmsearje.

Scotty Fox, de regisseur fan Jiggly Queens II, dy't oanhâldend de troch Cushman skreaune senario's oankocht, wiisde dit skript lykwols ôf. Hy fûn it gjin goed idee om in pornofilm op it strân op te nimmen, dêr't it waar en tafallige foarbygongers samar in opname bedjerre koene, wylst it sân sûnder mis foar problemen soargje soe troch yn 'e kamera's troch te kringen. Cushman oppenearre syn idee doe by regisseur Buck Adams, dy't yn 'e Amerikaanske pornoyndustry bekend stie as in risikonimmer.

Adams seach fuortendaliks de mooglikheden fan in parody op Baywatch yn, mar hy woe der in serieus ferhaal fan meitsje, of alteast, sa serieus as Baywatch sels ek wie, wylst Cushman de tillefyzjesearje de gek oanstekke woe. As regisseur hie Adams it lêste wurd, mar om't er sels gjin ynspiraasje fielde foar de rjochting dy't Adams út woe, helle Cushman syn kollega Frank Bukkwyd derby om te helpen mei it omwurkjen fan it senario. It skript fan Babewatch hat sadwaande twa skriuwers. Cushman liet himsels op 'e ôftiteling fermelde ûnder syn skûlnamme Cash Markman. De film waard útbrocht troch de filmstudio Sin City.

Resultaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Babewatch waard nominearre foar in prestizjeuze AVN Award (de Oscar fan 'e pornoyndustry) yn 'e kategory bêste sekssêne mei in pearke (fideo), foar de sêne fan Rebecca Wild mei Buck Adams.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: