Bianca Trump
Bianca Trump | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Bionca Trump, Biannca Trump, Christine Smith, Wendy | |
echte namme | Wendy Christine Iwanow | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 7 novimber 1972 | |
berteplak | New York (New York) | |
etnisiteit | Italjaansk Russysk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise, prostituee | |
jierren aktyf | 1991 – 2000 | |
offisjele webside | ||
www.biancatrumpxxx.com |
Bianca Trump, echte namme: Wendy Christine Iwanow (New York, 7 novimber 1972), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise en prostituee, wa har namme oft ek wol (mis)stavere wurdt as Bionca Trump of Biannca Trump. Hja makke ek wol gebrûk fan 'e artystenammen Christine Smith en Wendy. Trump sette yn 1991 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Yn 2000 beëinige se har karriêre as pornoaktrise.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bianca Trump waard yn 1972 berne yn 'e buert Bay Ridge, yn 'e New Yorkske wyk Brooklyn. Se is fan Italjaansk-Russysk etnysk komôf, en groeide op as iennichtse famke yn in húshâlding mei sân bern. Yn 1990, doe't se achttjin jier wie, begûn se te wurkjen as stripper. In jier letter, yn 1991, makke se har debút yn in pornografyske film.
Pornokarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Trump spile yn har karriêre, neffens de Internet Adult Film Database (IAFD), yn totaal yn 130 pornofilms. Oare boarnen neame in oantal fan 120 films; it ferskil sil him sitte yn kompilaasjefideo's mei werútjeften fan âlder materiaal. As pornoaktrise kaam Trump bekend te stean om har feardichheden op it mêd fan orale seks, har grutte boarsten, wêrfoar't se in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien hie, en har willigens om mei te wurkjen oan wat yn 'e pornoyndustry omskreaun wurdt as "de lichtere foarmen fan rûge seks", ntl. spanking, hierlûken en soksoarte dingen. Se krige de bynamme de Italian Princess ("Italjaanske Prinsesse").
Trump spile yn produksjes fan sokke foaroansteande labels as VCA Pictures, Anabolic Video, Sin City, Vivid Entertainment en Elegant Angel. Fierders wurke se ek wol foar minder bekende studio's, lykas Leisure Time Entertainment, Legend Video, Coast to Coast Video, Metro, Napali Video en Big Top Video. Ien fan har bekendste films wie Babewatch, út 1994, in pornografyske parody op 'e doedestiden tige populêre aksjesearje Baywatch. Ek ferskynde Trump ferskate kearen op 'e tillefyzje, lykas yn it beruchte praatprogramma The Jerry Springer Show, fan presintator Jerry Springer.
Under har karriêre wurke Trump gear mei kollega-aktrises as Kimberly Chambers, Sana Fey, Jeanna Fine, Kylie Ireland, Jordan Lee, Mimi Miyagi, Tiffany Mynx, Brittany O'Connell, Alicia Rio en Lilli Xene, en mei manlike tsjinspilers as Buck Adams, Seymore Butts, T.T. Boy, Tom Byron, Jon Dough, Max Hardcore, Mike Horner, Sean Michaels, Jonathan Morgan, Peter North, Joey Silvera, Jake Steed, Michael Stefano, Tony Tedeschi en Randy West.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't Trump har yn 2000 út 'e pornoyndustry weromlutsen hie, wurke se oant 2002 as callgirl, wêrby't se nei't it skynt mear as $1.200,– yn 'e oere frege. Ein 2001 begûn ien fan har silikoaneboarstymplantaten te lekken, wêrneit't se beide ferwiderje liet. Trump is ferskate kearen mei justysje yn oanrekking kommen, û.m. foar oanklachten fan berôving (1995), rasistysk hâlden en dragen (2001), ferfalsking fan sjeks (2003) en besit fan amfetamines (2005).
Yn febrewaris 2003 wenne Trump yn Floarida en wurke se as tatoeëarster. Yn septimber 2010 wenne se yn Spokane, yn 'e steat Washington, dêr't se in dierewinkel eksploitearre dy't spesjalisearre wie yn reptilen. Trump hie fan 1990 oant 1991 in houlik dat yn in skieding einige. Sûnt 5 maaie 2005 is se troud mei har twadde man Jason.
Lichemsskaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bianca Trump is blank, mei brune eagen en dûnkerbrún hier. Neffens har offisjele opjefte wie se ûnder har pornografyske karriêre 1.68 m lang, mei in gewicht fan 56 kg, en cupmaat 34DD, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hie. Behalven de wenstige gatsjes troch de earlellen hat Trump ek in nâlpiercing en in tongpiercing. As tatoeaazjes hat se in bân om har rjochterankel en in bân oer har ûnderrêch en ûnderbúk.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Bianca Trump
- (in) Biografy en filmografy fan Bianca Trump yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Bianca Trump yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
- (in) Biografyske gegevens fan Bianca Trump op FreeOnes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|