Springe nei ynhâld

Rêch

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ûnderrêch)
De rêch fan in minske.

De rêch is by wringedieren it lichemsdiel dat de efterkant fan 'e romp beslacht, en bestiet út 'e wringe, ribben, spieren en hûd.

By de minske is de rêch yn 'e regel net of mar justjes behierre. Hy rint fan 'e stuten troch it holle fan de rêch nei boppen oer de skouderblêden en sa nei de skouders ta. De wringe of rêchbonke rint fuort ûnder de hûd yn 'e lingterjochting fan boppen nei ûnderen. Dy bonke is opboud út 22 ûnderskate wringen of draaibonken, dy't de beweging fan it minsklik lichem mooglik meitsje.

Dat is net inkeld sa om't in bonke út ien stik de bewegingsfrijheid tige by tige beheine soe, mar fral ek fanwegen de senuwen dy't út it rêchpiid, it binnenste fan 'e wringen, nei de rest fan it lichem rinne. Dêrmei is de rêch lykwols ek kwetsber, en slimme ferwûnings oan dit lichemsdiel kinne resultearje yn ferlamming foar diel (bgl. fan 'e mul ôf) of algehiele ferlamming. Ek mindere ferwûnings oan 'e rêch, lykas hernia's, kinne hiel ferfelende (en pynlike) gefolgen hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.