Springe nei ynhâld

Coast to Coast Video

Ut Wikipedy
Coast to Coast Video
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor pornografyske filmstudio
haadkertier New York (New York)
oprjochte 1978
oprjochter Martin Rothstein
eigner Martin Rothstein
offisjele webside
gjint

Coast to Coast Video, yn 'e regel ôfkoarte ta Coast to Coast, is in Amerikaanske ûndernimming dy't him taleit op 'e produksje en distribúsje fan pornografyske films. It is by de Amerikaanske Keamer fan Keaphannel eins ynskreaun as R Enterprises, mar brûkt Coast to Coast Video as hannelsnamme. It bedriuw is fêstige oan West 39th Street, yn 'e wyk Manhattan, New York, en hat nei skatting in jierlikse omset fan $150.000, wêrmei't it ien fan 'e lytsere spilers yn 'e Amerikaanske pornoyndustry is.

Coast to Coast waard yn 1978 oprjochte troch Martin Rothstein as in eigen produksjestudio op it mêd fan pornografy njonken syn al besteande distribúsjebedriuw Model Distributors, dat ien fan 'e âldste distributeurs fan pornografyske films en tydskriften fan 'e Feriene Steaten wie. Oan 'e ein fan 'e jierren tachtich hie Coast to Coast him ûnder lieding fan produsint en regisseur David Christopher ûntjûn ta de op trije nei grutste pornografyske filmstudio fan 'e Feriene Steaten, mei treflik ferkeapjende searjes as Cheeks, Best Butte in the West, Kittens, Rainwoman en de oarspronklike Pussyman-rige.

Nei't Christopher him begjin jierren njoggentich ôfjûn hie om selsstannich karriêre te meitsjen yn 'e pornoyndustry fan Hollywood, rekke it mei Coast to Coast wat yn it neigean. Nettsjinsteande dat is Coast to Coast noch altyd in bekende namme yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. It bedriuw hat in oerienkomst mei it Playboy Channel, dat alle materiaal útstjoerd dat troch Coast to Coast produsearre wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: