Legend Video

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Legend Video, Inc.
Legend Video logo.jpg
algemien
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
type privaat
sektor pornografyske filmstudio
haadkertier Chatsworth (Los Angeles)
oprjochte 1992
offisjele webside
www.legenddirect.com

Legend Video is in Amerikaanske pornografyske filmstudio, dy't fêstige is yn Chatsworth, in wyk fan 'e stêd Los Angeles, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Dizze ûndernimming hat 20 oant 50 wurknimmers en in jierlikse omset fan tusken de 500.000 en ien miljoen dollar.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Legend Video waard yn 1992 oprjochte, en wie yn 'e twadde helte fan 'e jierren njoggentich ien fan 'e meast toanoanjaande studio's yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. By Legend wiene foaroansteande regisseurs yn 'e tsjinst, lykas Jerome Tanner, Lex Drill, Mark Wood en David Christopher, better bekend as 'Pussyman'. Dy brochten by Legend bekroande filmsearjes út, lykas Asian Assault, Ass Pounder en Lex Drill's The Art of Ass. Hoewol't it mei Legend sûnt de milenniumwiksel wat yn it neigean rekke is en de studio no ta de middenmoat rekkene wurde moat, is it noch altyd in goedrinnend bedriuw. Guon pornostjerren dy't by Legend Video grut waarden, binne Taylor Rain, Bridgette Kerkove en Briana Banks.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: