Bridgette Kerkove

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Bridgette Kerkove
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Bridgette Kerkove JBH crop.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Bridget Kerkove, Bridgett Kerkove,
Bridgette
echte namme Patricia Lynn Felkel
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 8 febrewaris 1977
berteplak Los Angeles (Kalifornje) (?)
etnisiteit Flag of Germany.svg Dútsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise, regisseur,
produsinte
jierren aktyf 19982001 & 20022011
offisjele webside
gjint

Bridgette Kerkove, echte namme: Patricia Lynn Felkel (Los Angeles, 8 febrewaris 1977), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise, pornoregisseur en pornoprodusinte fan etnysk Dútsk komôf, wa har artystenamme oft ek wol stavere wurdt as Bridget Kerkove of Bridgett Kerkove, en dy't harsels yn it begjin fan har karriêre ek wol koartwei Bridgette neamde. Neffens har offisjele opjefte is Kerkove 1.63 m, mei in gewicht fan 49 kg. Se hat twa bern mei har eks-man Skeeter Kerkove, dy't lange tiid har agint wie en mei wa't se troud wie fan 1999 oant 2006.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It is net alhiel dúdlik wêr't Bridgette Kerkove berne is; de measte boarnen wolle hawwe dat dat yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, wie, mar de oars wol betroubere Internet Adult Film Database jout oan dat se yn Eastenryk berne is. Hoe dan ek, Kerkove is opgroeid yn Los Angeles, en se folge de middelbere skoalle yn Burbank, in foarstêd fan dy metropoal. Yn 1998, doe't se njoggentjin jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film.

Yn 1999 briek se it rekôr fan it spyljen yn 'e measte sekssênes yn ien jier, doe't se 203 sênes die yn 344 dagen. It jiers dêrop die se 205 sênes yn 319 dagen. Har rol yn Jake Steed syn Little White Chicks and Big Black Monster Dicks 4, út 1999, rûn út op in plysje-ûndersyk. Yn dy film spile se in skoalfamke dat ûnderweis nei hûs ûntfierd wurdt troch trije swarte manlju (Steed, Lexington Steele en Mandingo).

Doe't se yn it neijier fan 2001 swier waard, joech se har pornokarriêre deroan. Nei de berte fan har dochter Kaylynn Ashley, yn 2002, makke se in comeback, al die se it fan dy tiid ôf net mear sa mâl as foarhinne. Yn 2011 hold se foargoed op mei aktearjen, al bleau se efter de skermen noch wol by de pornoyndustry belutsen as regisseur en produsinte. Yn totaal hat Kerkove yn likernôch 290 pornofilms spile, en dêrfoar hat se trije AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld) wûn. Boppedat waard se yn 2011 ynhuldige yn 'e AVN Hall of Fame. As regisseur, yn hokker hoedanichheid oft se sûnt 2001 wurksum is, hat se oant mids 2013 58 pornofilms makke.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2000' AVN Award wûn bêste nije stjer n.f.t.
2001 AVN Award nominearre bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Gwenn Summers, Coral Sands, Vivianne, Daisy Chain,
Layla Jade en Candy Apples)
The Violation of Bridgette Kerkove
nominearre bêste groepsekssêne (fideo) (mei Alexandria Quinn, Dave Hardman en Rick Masters) M: Caught in the Act
wûn skandalichste sekssêne (mei Tyce Bune) In the Days of Whore
Venus Award wûn bêste Amerikaanske aktrise n.f.t.
2002 AVN Award nominearre bêste byrol fan in aktrise The Gate
wûn bêste groepsekssêne (fideo) (mei Jewel Valmont, Nikita Denise, Herschel Savage en Trevor) Succubus
2001 AVN Award nominearre bêste solosekssêne Improper Conduct
nominearre bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Devinn Lake) Improper Conduct
nominearre bêste groepsekssêne (mei 8 oaren) Clusterfuck
nominearre bêste byrol fan in aktrise (fideo) Improper Conduct
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
2011 AVN Award ynhuldige AVN Hall of Fame n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.