Peter North
Peter North | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Matt Ramsey | |
echte namme | Alden Brown | |
nasjonaliteit | Kanadeesk | |
berne | 11 maaie 1957 | |
berteplak | Halifax (Nij-Skotlân) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Kanadeesk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | pornoakteur, regisseur, produsint | |
jierren aktyf | 1983 – 2017 | |
offisjele webside | ||
www.peternorth.com |
Peter North, echte namme: Alden Brown (Halifax, 11 maaie 1957), is in rêstend Kanadeesk pornoakteur, -regisseur en -produsint. Hy sette yn 1983 útein mei in karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en is noch altyd aktyf as akteur. Underwilens hat er yn mear as 2.500 pornofilms spile. North stiet om syn grutte penis en syn mânske ejakulaasjes. Yn 1998 wûn er in AVN Award yn 'e kategory bêste groepsekssêne.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Pornokarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Peter North is hikke en tein yn Halifax, de haadstêd fan 'e eastlike Kanadeeske provinsje Nij-Skotlân. Yn 1982 ferfear er nei de Amerikaanske steat Kalifornje, dêr't er him nei wenjen sette yn Los Angeles. Fanwegen skulden dy't yn 'e tûzenen dollars rûnen, bedarre er yn 1983, doe't er 26 jier wie, yn 'e pornoyndustry, nei't er ûntdutsen wie wylst er op in priveefeest as mannekên sportklean sjen liet. Yn 't earstoan spile er, ûnder de skûlnamme Matt Ramsey, útslutend yn homoseksuële pornofilms, poer om't dat it bêste betelle. Letter ferskynde er teffens yn heteroseksuële en biseksuële films, wêrfoar't er de artystenamme Peter North oannaam, en fan likernôch 1990 ôf died er allinne noch mar hetero-porno.
As heteroseksueel pornoakteur waard North al rillegau tige populêr, wat fral te krijen hie mei syn ôftrainde uterlik, de grutte fan syn penis (lingte 21,5 sm, omtrek 12 sm) en syn lichaamlike behearsking yn in tiid dat der noch gjin fiagra bestie. Wat ek sûnder mis in rol spile wiene syn cumshots, oftewol syn ejakulaasje, bgl. oer it gesicht (facial) of oare lichemsdielen fan syn tsjinspylster, wêrby't er in tige grut berik hat en in protte sperma produsearret, dat er yn acht oant tsien mielen nei bûten ta ejakulearret yn in orgasme dat soms wol oardel minút duorret. Dat is gâns mear, faker en langer as de trochsneed man hellet. Dizze karakteristiken hawwe him bynammen opsmiten as the Decorator ("de Fersierder"), Old Faithful (nei de ferneamde geiser mei deselde namme yn it Nasjonaal Park Yellowstone) en the Sperminator (in wurdspiling op the Terminator).
North, dy't syn karriêre as pornoakteur noch altiten (2013) fuortset, hat ûnderwilens meispile yn mear as 2.500 pornofilms. Dêrby hat er û.m. gearwurke mei pornoaktrises as Ava Addams, Brigitte Aime, Nikki Anderson, Brittany Andrews, Eva Angelina, Davia Ardell, Briana Banks, Erika Bella, Belladonna, Niki Belucci, Breanne Benson, Johnni Black, Bunny Bleu, Anita Blond, Veronica Brazil, Jenna Brooks, Dolly Buster, Christy Canyon, Asia Carrera, J.R. Carrington, Tabatha Cash, Catalina, Kim Chambers, Brooklyn Chase, Cherokee, Cicciolina, Cytherea, Cortknee, Monique Covet, Courtney Cummz, Daisy Marie, Jewel De'Nyle, Tricia Devereaux, Lexi Diamond, Barbara Doll, Helen Duval, Lacey Duvalle, Bobbi Eden, Rita Faltoyano, Jeanna Fine, Erica Fontes, Dillion Harper, Nina Hartley, Taylor Hayes, Jenna Haze, Tera Heart, Houston, Kylie Ireland, Janet Jacme, Jewels Jade, Jenna Jameson, Jenaveve Jolie, Jill Kelly, Dyanna Lauren, Eve Laurence, Shayla LaVeaux, Sally Layd, Francesca Le, Heather Lee, Jordan Lee, Miko Lee, Leila Lei, Shawna Lenée, Rebeca Linares, Laura Lion, Lisa Lipps, Alexis Love, Lovette, Mya Luanna, Sabrine Maui, Tanner Mayes, Marie McCray, Jordan McKnight, Gianna Michaels, Mimi Miyagi, Mariah Milano, Tonisha Mills, Tiffany Mynx, Alexandra Nice, Brittany O'Connell, Olivia O'Lovely, Brittany O'Neil, Bree Olson, Papillon, Victoria Paris, Moana Pozzi, Teagan Presley, Taylor Rain, Riley Reid, Olivia del Rio, Sativa Rose, Karma Rosenberg, Jasmin St. Claire, Savannah, Hillary Scott, Sheena Shaw, Domonique Simone, Delilah Strong, Shyla Stylez, Stephanie Swift, Kobe Tai, Mika Tan, Luci Thai, Bianca Trump, Angelina Valentine, Stacy Valentine, Dana Vespoli, Vicky Vette, Vanda Vitus, Taylor Wane, Teri Weigel, Tori Welles, Zara Whites, Wendy Whoppers, Rebecca Wild, Lilli Xene, Sarah Young en Kitty Yung.
Dat er yn guon films spile hie mei de beruchte aktrise Traci Lords, dy't neitiid minderjierrich west bliek te hawwen, kaam him (en in hiele rige oare akteurs en produsinten út 'e Amerikaanske pornoyndustry) yn 1986 hast op in proses te stean, mar aldergeloks besleat it Iepenbier Ministearje de saak falle te litten, om't it net bewize koe dat North en de oaren op 'e hichte west hiene fan Lords har minderjierrigens. Fan 1988 ôf wie North njonken syn aktearjen út en troch ek aktyf as regisseur, benammen tusken 1998 en 2007. Underwilens hat er mear as santich films makke, mei dêrûnder syn North Pole- en Anal Addict-searjes. Mear as tweintich films hat er boppedat sels produsearre, mei dêrûnder fyftjin dy't ta de North Pole-rige hearden. Yn 2001 rjochte North syn eigen produksjebedriuw op: Northstar Associates. Yn 2007 bewearde North op syn offisjele webside dat er likernôch 100.000 dollar de moanne fertsjinne.
Mainstream-karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken syn pornokarriêre hat Peter North ek op oare mêden aktyf west. Sa brocht er yn 1994 in boek út dat in hânlieding foar manlju wie oer hoe't men kreaze froulju treffe en op bêd krije kin, mei as titel Penetrating Insights ("Ynkringende Ynsichten"). Tegearre mei pornoaktrise BiBi Jones figurearre North yn 2011 yn 'e fideoklip fan it nûmer Been to Hell, fan 'e rapband Hollywood Undead.
Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar syn optreden yn |
---|---|---|---|---|
1985 | XRCO Award | nominearre | fideohynst (Video Stallion) | n.f.t. |
1990 | FOXE Award | wûn | manlike favoryt fan 'e fans | n.f.t. |
1991 | FOXE Award | wûn | manlike favoryt fan 'e fans | n.f.t. |
1992 | FOXE Award | wûn | manlike favoryt fan 'e fans | n.f.t. |
1998 | AVN Award | wûn | bêste groepsekssêne (fideo) (mei Katie Gold, Alyssa Love, Shay Sweet en Holli Woods) | Gluteus to the Maximus |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Peter North
- (in) Biografy en filmografy fan Peter North yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Peter North yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |