Breanne Benson
Breanne Benson | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Breanne, Brianne Grant, Karidah, Jennifer | |
echte namme | Benedetta Hamzai | |
nasjonaliteit | Albaneesk Amerikaansk | |
berne | 22 april 1984 | |
berteplak | Tirana (Albaanje) | |
etnisiteit | Albaneesk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2003 – 2004 & 2009 – 2015 | |
offisjele webside | ||
www.breannebenson.com |
Breanne Benson, echte namme: Benedetta Hamzai (Tirana, 22 april 1984), is in rêstend Albaneesk-Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan etnysk Albaneesk komôf, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Breanne, Brianne Grant, Karidah en Jennifer.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Benson waard berne yn 'e Albaneeske haadstêd Tirana, mar mei har âldelju hearde se ta de wiere eksodus fan emigranten dy't op gong kaam doe't yn 1991 it kommunistysk rezjym yn Albaanje ynstoarte. Se brocht in tal moannen troch yn Itaalje foar't it har heit en mem slagge om dêrwei nei de Feriene Steaten te emigrearjen; dat wie doe't Benson sân jier wie. Se groeide op yn it suden fan 'e steat Kalifornje. Nei't se de middelbere skoalle trochrûn hie, studearre se psychology en seksuology.
Benson rekke yn 'e pornoyndustry behelle doe't se har kammeraatske, de pornoaktrise Tanya James, beselskippe as dy nei pornoshoots gie. Yn 2003, doe't se njoggentjin wie, begûn se sels ek yn 'e pornoyndustry te wurkjen. Se sette útein mei solo te posearjen foar foto's yn pornobledsjes, wêrby't se masturbearre en helpstikken brûkte. Yn 2004 begûn se ek masturbaasjefideo's te meitsjen en spile se yn har earste lesbyske pornografyske film, Cockless 23, mei Tanya James. Benson hie de hope dat nimmen út har om-en-by derefter komme soe dat se pornografy makke, mar de moard kaam út doe't in âld-klasgenoate fan 'e middelbere skoalle har werom koe op 'e webside WeLiveTogether.com. Al rillegau hearde har suster derfan en doe wist de hiele famylje it. Dat hie fan gefolgen dat Benson har weromloek út 'e pornoyndustry. Se wurke doe in stikmannich jierren benammentlik as stripper yn 'e ferneamde Spearmint Rhino Club yn Las Vegas, yn 'e steat Nevada.
Yn juny 2009 makke Benson har comeback as pornoaktrise, yn 't earstoan op 'e nij as in saneamde LezOnly-aktrise (in aktrise dy't inkeld en allinnich lesbyske pornografy makket), mar yn novimber fan dat jier spile se yn har earste heteroseksuële pornofilm. Yn totaal hat Benson ûnderwilens yn mear as 150 pornofilms spile, wêrûnder de mammoetproduksje Bat FxXx: A Dark Night Parody, út 2010, in tige súksesfolle parody op 'e mainstream-Batman-film The Dark Knight, út 2008. Dêrby hat Benson wurke foar sokke foaroansteande porno-labels as Hustler, Digital Sin, Elegant Angel, Wicked Pictures en Red Light District. Se hat mei har wurk al fjouwer nominaasjes foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld) yn 'e wacht sleept. Dêrnjonken is se ek wurksum bleaun as neakenmodel; sa wie se yn 2011 de Penthouse Pet fan 'e moanne jannewaris yn 'e Amerikaanske Penthouse.
Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2005 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske sekssêne (mei Isabella Camille) | Hook Ups 5 |
2011 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske triosekssêne (mei Asa Akira en Alektra Blue) | Lust |
nominearre | bêste groepsekssêne (mei Tessa Taylor, Brooke Van Buuren en Levi Cash) | The Breakfast Club: A XXX Parody | ||
Xbiz Award | nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | |
2012 | AVN Award | nominearre | bêste orale sekssêne (mei Allie Haze en Kagney Lynn Karter) | American Cocksucking Sluts |
2014 | Xbiz Award | nominearre | bêste sêne (fynjetpublikaasje) (mei Anissa Kate en Johnny Sins) | My Dad's Hot Girlfriend 17 |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Offisjele webside fan Breanne Benson
- Biografy en filmografy fan Breanne Benson yn 'e Internet Movie Database
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |